Blog Sigrid Kingma: Lytse Huber

logo.ensafh

Fosite hat har earste gedichten foardroegen yn de styl fan Diet Huber! It wie tidens in foarstelling fan de badskyldpodden. Ien foar ien sette se de bisten op de kraan, want dat wie tagelyk it poadium en de dûkplanke. Alle fjouwer skylpodsjes mochten in gedicht foardrage en ik wie it publyk. Ik ha gau in stik papier pakt en skreau sa fluch mooglik mei. Dit is it resultaat fan de fjouwer performers.

Lês fierder by Sigrid KingmaLês fierder

Aginda 25-04-2024: Skriuwerskafee

logo.ensafh

Op alle lêste tongersdeis fan de moanne kinne skriuwers en dichters inoar moetsje by it Skriuwerskafee, yn Kafee De Gouden Leeuw. Tusken 19.00 en 21.30 uur is der tiid om by te praten, wurk te dielen en literêre plannen te meitsjen. Nim ‘pinnefruchten’ en ideeën mei foar in ynspirearjende jûn. Oant gau!

It Skriuwerskafee wurdt organisearre troch Sigrid Kingma, Gabrielle Terpstra en Arjan Hut.… Lês fierder

Kollum Henk van der Veer: Friese Befrijdingsdach

logo.ensafh

Ut is fandaach Friese Befrijdingsdach en ok in Sneek wappert de flach fan’e koepel fan’e Groate Kerk. Bij oans thús hangt de flach trouwens ok út.
Ondertussen is ut op’e kòp ou 79 jaar leden dat in Sneek De Waach in braan stond, ok de titel fan un boek over de oarlòchsjaren in Sneek.
Op 15 april 1945 fonden de wechtrekkende Dútsers ut noadech om gepast ouskeid te nimmen fan Sneek. Se staken de Waach in braan. Spitech genoech is butterwaach noait herboud, mar dat tersijde.

Lês fierder by Omrop FryslânLês fierder

Teleks: Oant 1 maaie noch ynstjoere foar de Rely

logo.ensafh

Oant 1 maaie noch ynstjoere foar de Rely

It is de 70ste kear dat de priisfraach útskreaun wurdt. Wa’t gading meitsje wol nei in Rely Jorritsmapriis, kin noch oant 1 maaie syn of har ferhaal en/of gedicht ynstjoere. De sjuery, dy’t de ynstjoeringen anonymhifket, kin op syn meast fiif ferhalen en fiif fersen bekroane. Elk bekroand ferhaal of gedicht wurdt honorearre mei 1000 euro.

De ynstjoeringen moatte digitaal as bylage ferstjoerd wurde oan rely@stiftingflmd.frl

Namme, adres en telefoannûmer fan de ynstjoerders moatte yn de e-mail fermeld wurde, mar bliuwe geheim foar de sjuery, besteande út Oene Spoelstra, Marrit de Schiffart en Gerbrich van der Meer.… Lês fierder

Kollum Arjan Hut: Wês net bang

logo.ensafh

Hjoed is it Fryske befrijdingsdei.

Yn de hal fan Beyers Naudé yn Ljouwert sammelje de earsteklassers harren yn de hal by it oarlochsmonumint. In muorreskildering. Underoan de skildering fan in ingel dy’t in soldaat fuorttriuwt, steane de nammen fan fyftjin âld-learlingen dy’t ûnder de besetting omkommen binne.

Op de skildering stiet ek in tekst, yn it Gryksk. It is in tekst út de bibel, Iepenbiering fan Johannes 2, fers 10. ‘Wês net benaud foar it lijen dat dy te wachtsjen stiet. Bliuw trou oan ’e dea ta, dan sil ik dy de oerwinningskrânse fan it libben jaan.”

Lês fierder by It NijsLês fierder