Jelma Knol

Lêstips foar de neisimmer

logo.ensafh

Wa’t nocht hat oan de Fryske literatuerskiednis kin dizze neisimmer hielendal weidûke yn in pear mânske boekwurken dy’t it libben fan Joast Halbertsma, Douwe Kalma en oare pioniers fan minderheidstalen yn Europa beskriuwe. De âlde Friezen krije har gerak yn in hearlike samling fan de âldste boarnen, no yn in nije Fryske en Nederlânske oersetting.

Alpita de Jong hat mei har biografy fan Joast Halbertsma in lêsber en ynformatyf wurk taheakke oan har oeuvre. Dizze biografy is tagonkliker as de dissertaasje dy’t se earder oan syn wurk wijde. It trochrinnende ferhaal is noflik skreaun. De wiidweidige sitaten út alle mooglike boarnen steane apart yn it skift ‘Nawoorden’.… Lês fierder

Meindert Reitsma

Literatuer út de njoggentjinde iuw opnij besjoen

logo.ensafh

De lêste jierren ûntstiet der in soad nije belangstelling foar de Fryske literatuer út de njoggentjinde iuw dy’t oantsjutten wurdt mei de term ‘folksskriuwerij’. De ynhâld en kwaliteit fan dy literatuer is lange tiid bekritisearre, benammen troch Douwe Kalma-en-dy, omdat dy net paste yn har idealen foar it Frysk en de literatuer. Yn de literatuerskiednis fan nei de bloeitiid fan de Jongfryske Mienskip wurdt noait echt goed besjoen oft de miening fan Douwe Kalma terjochte wie en ûntbrekke stúdzjes om de teksten yn har tiid te pleatsen. Philippus Breuker skriuwt yn syn boek Brekizers fan de foarútgong – Nut en nocht op doarpen yn de twadde helte fan de njoggentjinde ieu (2017) dit: “It hâldt mei de denigrearjende oantsjutting fan folksskriuwerij foar omtrint alles wat der doe skreaun waard, al gau op.” (s.… Lês fierder

Abe de Vries

It ynhâldlik bysûndere fan Fryske literatuer – Oer de krityk op it ‘Wolkeboek’

logo.ensafh

It ferskinen fan in nije literatuerskiednis kin foar in literatuer in wichtich momint wêze. It is it momint dat de tiid dêr’t sa’n skiednis yn ferskynt, rekkenskip freget oan it literêre ferline dat er beskriuwt. It is it momint dat in aktuele stân fan saken yn de literatuerwittenskip syn ambysjes jilde litte kin foar de bestudearre literatuer oer. It is in momint fan wierheid foar skriuwers, streamingen, tydskriften, tema’s, ideeën. Mar mei in nije literatuerskiednis drukt it hjoed net allinnich syn stimpel op it juster. Dat hjoed besiket – as it goed is, as it hjoed syn taak en funksje folslein ferstiet – ek de wei nei de takomst sjen te litten.… Lês fierder

Rieuwert Krol

In literatuer sûnder ein

logo.ensafh

By útjouwerij Venus binne twa moaie bondels ferskynd. Hoe binne de helten fallen en De kul oer it skouder. De earste giet oer de affêre Bauke de Jong en de twadde oer Quatrebras as nij tydskrift.

De skiednis fan de resepsje fan literatuer kinst hiel goed sjen litte oan ’e hân fan de kritiken sels. Kinst ek better sjen hoe’t dy grutte skriuwers eins tochten en foaral skreaunen oer nije ferskynsels. Faak docht dan spitichgenoch bliken dat de tinkkrêft fan de âlde skriuwers benêfter bliuwt.

Yn 1965 hat Bauke de Jong syn ferneamde artikel skreaun dêr’t er Folkertsma as antysemyt yn ûntmaskere of beskreaun hat.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Weromsjen oer de brek

logo.ensafh

It fernuveret my altiten wat dat der yn Nederlân safolle boeken binne oer de jeugd fan ien. Of it no om fiksje giet, of om in autobiografy, altiten is der omtinken by de rûs foar de bernejierren. Wylst der no krekt hast noait wat bysûnders te sizzen is oer dizze perioade. De dekors lizze fêst, mei de sitewaasje thús, dy op skoalle, en op syn bêst nochris it boartsjen bûten. En de personaazjes binne dêrmei ek bekend. Hjir hiel ferrassend op fariearjen kin hast net.

Pas as it ien wol slagget wat eigens te dwaan mei it tema, falt op hoe krêftich it eins is.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Is anargy fan in ôfstantsje mooglik?

logo.ensafh

Oertinkingen by de Gysbert foar Josse de Haan

Doe’t Farsk okkerdeis de mieningen peilde oer it wurk fan Josse de Haan, bleau it aardich stil. Net ien fan de reagearjende skriuwers en literatuerleafhawwers dy’t him de Gysbert Japicxpriis 2007 net gunde, mar dat syn boeken lêzen wurde, no nee.

In mei De Haan befreone skriuwer fûn dêrom sels dat Farsk net nei dy opinys freegje moatten hie.

Fierders is Farsk ek al ferwiten dat de redaksje net fuortendaliks in grutte analyze ree hie oer De Haan syn libjen en stribjen, doe’t syn bekroaning bekend waard

Ek dit wurdt net dy grutte analyze fan Josse de Haan syn wurk dêr’t blykber sa’n ferlet fan is.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

In leechte as lette earetsjinst

logo.ensafh

Foar skriuwers als Hemingway wie it in betroud literêr middel. Lit de belangrykste saken of gebeurtenissen út in ferhaal wei, en it wurdt der sterker fan, sa skreau er yn ‘The Art of the Short Story’. De lêzers moatte dan neitinke.

Of neam in toanielstik ‘Wachtsje op Godot’, en dúdlik sil wêze dat dy Godot der in wichtich part yn hat. Hoecht er net iens op it toaniel te sjen te wêzen.

Literêre foarbylden genôch om te ferdigenjen wêrom’t yn in boek of tekst nochal wat feitlike ynformaasje ûntbrekke kin. En dochs fyn ik soks net kinnen by de útjefte fan in boarneboek oer literatuerskiednis.… Lês fierder

A.IJ. van den Berg

Horror vacui, en de leechte dy’t Mulder ús achterlit

logo.ensafh

Faak al waard de ûndergong foarsein, mar it Frysk is noch altiten yn libben. Douwe Tamminga hat dit ferskynsel de ‘taaiheid fan taal’ neamd, en dizze frase waard begearich troch de politikus Bertus Mulder parafrasearre yn ’e titel fan dit bondeltsje. Tolve jier hat Mulder foar de PvdA deputearre west fan ’e provinsje Fryslân. Yn syn portefeuille siet altiten kultuer. Dit boekje jout ûnder oaren in oersjoch fan wat er yn dy tiid berikt hat.

No bliuwe talen miskien wol ûnferwacht lang bestean, de wurden yn sa’n taal kinne noch wolris subtyl fan betsjutting feroarje. Tsjintwurdich sjonge se op syn bêst yn it âldereintehús noch wolris oer de “Ouwe taaie”.… Lês fierder

Sytske de Jong

Beppe fertelt

logo.ensafh

It earste dat opfalt oan de biografy oer Tiny Mulder, is dat it in frij tin boek is. Blykber binne wy sa wend oan tsjokke biografyen, dat wy ús fernuverje at se wat tinner binne. Faaks binne de measte biografyen sa tsjok omdat de skriuwer gjin detail oerslaan wol at it om syn of har held giet. Dat soarget trouwens net needsaaklikerwiis foar in better byld fan de haadfiguer. It twadde dat opfalt is dat de held fan dizze biografy noch libbet en der binne net in soad minksen oer wa’t in biografy ferskynt wylst se noch libje. Geart de Vries hat him deroan weage.… Lês fierder