In Memoriam Jacobus Knol

logo.ensafh

Bestjoerder fan de KFFB
Op 30 novimber 2023 is Jacobus Knol ferstoarn. Hy is berne yn 1936 en hikke en tein yn Dokkum. Jacobus wie by syn ferstjerren 87 jier. De tanktsjinst foar syn libben en wurk wie op 6 desimber 2023 yn de Sint-Catharinatsjerke fan Ealsum.
Koos – want sa neamden wy him ek wol – hat him tige ynset foar allerhande maatskiplike saken. It falt dan ek net ta om yn it ramt fan in beheind In Memoriam in folslein oersjoch te jaan fan wat Koos allegearre úteinset hat yn al syn aktive jierren.
Hjirûnder komt in tal priuwkes fan wat Koos oan wurk ferset hat, en dan fansels fral oer syn grutte bydrage oan it wurk foar de Kristlik Fryske Folksbibleteek (KFFB).… Lês fierder

Hoe stiet it kulturele libben der yn Fryslân foar?

logo.ensafh

Op ‘e ledegearkomste fan it Obe Postma Selskip, juster yn Tresoar, is de stân fan it kulturele libben yn Fryslân hifke.

Mar om te begjinnen waarden Philippus Breuker en Siebren van der Zwaag unanym as earsten earelid fan it yn 2006 oprjochte selskip beneamd. Beide manlju stiene mei Jan Gulmans oan ‘e widze fan it selskip en hawwe gâns in skoft yn it bestjoer sitten en as sadanich in protte wurk ferset. Breuker hat lykas bekend de yn 2018 ferskynde biografy fan Obe Postma op syn namme stean: ‘Dreaun fan ierde’. Van der Zwaag hat der as driuwende krêft û.o. foar soarge, dat der yn 2010 in bondel mei in seleksje gedichten fan Obe Postma útkaam mei oersettingen yn it Holllânsk en Russysk.… Lês fierder

Teleks: Nije roman ‘It Langpaad’ fan Jitske Olivier presintearre

logo.ensafh

Sneontemiddei 16 maart 2024 wie de presintaasje fan de nije roman It Langpaad fan Jikke Olivier. Mids famylje en freonen krige sy it earste eksimplaar út hannen fan Martsje de Jong fan útjouwerij KFFB.

It tankwurd fan de skriuwster wie foar de útjouwer, de meilêzers en foar omslachûntwerpster Rieke Verbeek. Dêrnei lies se in fragmint út de roman foar.

Lês fierder by It NijsLês fierder

Researchers recover a ‘lost’ Ancient language spoken 8,000 years ago

logo.ensafh

Scientists have managed to bring back to life a lost language from 8,000 years ago.
The sounds of languages that died thousands of years ago have been brought to life again through technology that uses statistics in a revolutionary new way.

Researchers have posted a fascinating study where you can actually hear how our ancestors spoke 8,000 years ago.

Lês, sjoch en harkje fierder by ancient-codeLês fierder

Kollum Jan Schokker: Seksy fûgels

logo.ensafh

Help! Kinne kollums koarter? Yn twahûndertfyftich wurden? Heechstens? Dat is neat. Bytsje opstarte en ik sit al op de hûndertfyftich, yn ús taaltsje fol kommaletters dêr’t ik net om hinne kin en dy’t der amper tadogge, mar wol moai meitelle.
Efkes sjen … no sit ik op fyftich wurden: in fiifde part al oan romte fergriemd. Aanst mar op ’e nij begjinne, earst mar efkes derút … Nee, dat moat oars: Ik derút (twa wurden besparre).

Lês fierder by It NijsLês fierder

Goffe Jensma: Waling Dykstra en it sprutsen en skreaune Frysk (2)

logo.ensafh

Ik wol myn ferhaal oer it Frysk, de Fryske skiednis en de Fryske beweging no wat persoanliker meitsje en myn eigen famylje op it toaniel helje.

Us beppe Ytsje kaam fan Top-en-Twel, in twillingdoarp yn de omkriten fan Snits. It wie fanâlds in agraryske streek, mar hie ek, troch de silerij en it reedriden, al betiid wat toeristyske trekjes. Beppe libbe fan 1890 oant 1971. As boeredochter wie se troud mei de soan fan in ferver. Dat ûngelikense houlik hat har in soad ellinde en argewaasje opsmiten. En yn de krisis, mei al syn wurkleazens en in hûs fol mei bern, wie it in skraabjen om ’e kant.… Lês fierder

Gabrielle en Arjan Bedoele it Net Ferkeard: Instagram en Stêdsdichters

logo.ensafh

Ronald Wijnia is te gast, hy wie hast stedsdichter en is bekend Instagram dichter, Arjan fynt Instagram mar yngewikkeld.

Ronald sit ek yn de organisaasje fan de AMAI awards, dê ’t ûnder oaren Mees van Rijswijk en Jaimy HiHaHo (Hindriks) foar nominearre binne.

Wy krigen post fan dichter Lubbert Jan de Vries en Gabrielle besiket it krigen gedicht foar te dragen, mar dat giet mis, mar dat is de realiteit fan it foardragen.

Arjan gie nei de platebeurs en fûn kristlike metal opdroegen oan abortearre poppen.

Lês, sjoch en harkje fierder by de MoanneLês fierder