Eppie Dam

Yn Sondel rêst Jacobus Smink

logo.ensafh

 

 

 

 

Och Kobussy,
ús lytse Gasterlanner
Debussy fan it wurd,
sa gie it hurd
en wiest der al net mear,
mei dyn Quingo ôfslein
nei leanen fan de Hear.

Dyn Q
klonk altyd better
en leuker benammen
as wat de hoanne moarns
al kukeljend bestammere
doe’t Petrus Jezus miskend hie
en de Minske nei de geast
ûntmanne.

Der wurdt ferteld
datsto hjir wiest
mei dyn scootmobyl yn Sleat
en op ’e sydkant rekke bist.
It trotwaar hjir
hat ferrifeljende bannen.
Ik wist fan neat,
ast dat mar witst.

No Kobussy,
do lytse Saint-Exupéry
fan alle wiere poëzy,
krij dyn wurd op en riis
prinshearlik
troch it loftferkear
nei paradizen fan alear.… Lês fierder

Dré Siderius

it is dichtsjen

logo.ensafh

 

 

 

 

it is dichtsjen
it fers wurdt myn trip
nei in nij skepsel

it is de sinne sjittend
oer in kribbich wetterflak
sjoen út in ridende trein

it is in bosk dat dript
gjin begjin gjin ein in wet
fan ferjit
in djipper ûnthâld
mei nachthippers
oer tûken fan fernuvering

lis ik myn earms om de ljochtboei hinne
hâldt it op
gjin omslachtich gedoch mear
de taal wurdt in boeresprake

kom ik dan werom yn de rein
wit ik dat it myn stêd noch is
dat it spegelljocht troch it sintrum balt
om in fers
skerp en hel
foardat it dôvje kin… Lês fierder

Henk Nijp

Novimber

logo.ensafh

 

 

 

 

Wolken giselje troch neakene tûken
wyn tamtearret greiden ta sodzige sompen
reaget blêden op rudige rêgen

Protters boskje yn kloften
stekke as derwisjen dûnsjend
mei ‘t poalljocht de draak

Skrouske walen fermomje
geaen en fjilden yn nearzige iggen
dêr’t it bloed yn ieren ferklommet

It eazet derhinne, al wiken
diken en ekers strûpe derûnder
it stjonkt nei bedjer en ferrotting

Swammen welje as swolmen
absessen nimme besit fan it mosk,
‘t bosk himet as ‘n âld hynder

Buorrens en flekken ferflokke de kjeld
dy ‘t lûkt troch moarch en bonken
koalige stâlen ferwurde ta snottige stronken

De ierde ferstjert en fersûpt
yn weagen fan dampige dridze
smoart yn har smûgende longen

Hjir helpt gjin gjalp nei de himel
mei knibbels op in wreed kleed
of gesang mei gebed sûnder ein

It is no inkeld mar wachtsjen,
jachtsje nei sinnewyn of it hillige fjoer
is folslein om ‘e nocht

 

 … Lês fierder

Dré Siderius

sterke bisten kenne faak gjin genede 

logo.ensafh

 

 

 

 

sterke bisten kenne faak gjin genede 
se ite op it lêst har âlden op 
 
ik wie lyts  
ik moast har ûnmacht hiel meitsje 
 
it is gjin skande om te mislearjen 
wol om it net te besykjen  
sei de pake fan ien dy’t it witte kin 
 
wat sil dit liif no noch  
as my drage troch de hjerst  
om úteinlik te sliepwanneljen  
troch taalgloppen 
ienris fan har 
 
dêr glydt it flot al mei de bier  
baarnend de rivier ôf 
 … Lês fierder