Teleks: Earste moannegedicht fan Janneke Spoelstra op RIXT ‘It heitejier’

logo.ensafh

6 febrewaris 2019

It is hjoed presys twa jier lyn dat ús heit ferstoar. Oer it gegeven, it ferstjerren fan ’e heit, dêr’t elk in kear foar komt te stean, of men moat sels al earder gean, skreau ik in syklus fan tolve fersen: It heitejier I o/m XII. Dy syklus is opnommen yn myn tredde dichtbondel, ‘Wij yn ’e draaimûne’. Dy bondel komt yn april út, tagelyk mei myn earste roman, beide by de Afûk Utjouwerij. Hjir alfêst, as myn earste moannegedicht, in priuwke:

Lês fierder by RIXT

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder

Teleks: Graet Hylper Wordeboek ferskynt 29 maart

logo.ensafh

Het Hindeloopers is een dialect van het Fries, maar heeft een eigen ontwikkeling doorgemaakt, zodat het tegenwoordig behoorlijk van het gewone Fries afwijkt. In die zin is het vergelijkbaar met de Friese dialecten van Terschelling en Schiermonnikoog. Het Hindeloopers valt op door zijn conservatisme: verscheidene eigenschappen van het Oudfries zijn er nog in terug te vinden.
Alhoewel er al een Hindelooper woordenboek(je) bestond (Gosse Blom: Hylper Wurdboek, 1981), is in 2006 op de Fryske Akademy toch besloten om een nieuwe versie te maken, om op die manier de Hindelooper taal nog een zo goed mogelijk te beschrijven.
Na jaren van intensieve arbeid is het woordenboek nu gereed.… Lês fierder

Teleks: Sjueryleden Gysbert Japicxpriis 2019 beneamd

logo.ensafh

Sjueryleden Gysbert Japicxpriis beneamd

Grytsje Schaaf, Houkje Rypstra en Atte Jongstra binne troch Deputearre Steaten beneamd as sjuerylid foar de Gysbert Japicxpriis 2019. De priis wurdt fan ’t hjerst yn de Martinitsjerke fan Boalsert útrikt.

De Gysbert Japicxpriis foar Fryske literatuer wurdt troch de provinsje ienris yn de twa jier útrikt. It iene jier foar proaza en de oare kear foar poëzy. Yn 2019 beoardielet de sjuery Fryske proaza út it tiidrek 2015 – 2018. De sjueryleden binne frege as sjuerylid om harren kennis en kunde, elk mei in oar perspektyf. De sjuery bringt in advys út oan Deputearre Steaten oer de winner fan de Gysbert Japicxpriis.… Lês fierder

Teleks: Opskuor om Frysk jeugdboek oer homoseksualiteit

logo.ensafh

Alde tiden komme werom: yn de jierren sechtich ûntstie opskuor om de boeken fan Anne Wadman en Trinus Riemersma. Wylst seks yn ‘e Nederlânsktalige literatuer doe al ynboargere wie, hearde soks neffens de Fryske lêzers net yn Fryske boeken thús. No stiet it Frysktalige boek Sex to the Max fan Bart Kingma ynienen yn it middelpunt fan ‘e belangstelling fanwegen de seksuele ynhâld.

Lês fierder by It Nijs

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder

Teleks: Tatiana Pratley nije artistyk direkteur Tryater

logo.ensafh

Tatiana Pratley folget mei yngong fan 1 augustus 2020 Ira Judkovskaja op as artistyk direkteur fan Tryater.

Pratley is hikke en tein yn Fryslân (Ljouwert 1985). Se hat fierder woartels yn Frankryk, Ingelân en Poalen. Se studearre Keunst, Kultuer en Media oan de Ryksuniversiteit fan Grins. Dêrnei die se de rezjyoplieding fan de teäterskoalle fan de Amsterdamske Hegeskoalle foar de Keunsten. Dêr studearre Pratley yn 2012 ôf.

Lês en sjoch fierder by Omrop Fryslân

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmailLês fierder

Teleks: Bernard Smilde Priis 2019 ‘mienskip’

logo.ensafh

De Stifting Krúspunt ropt alle dichters yn Fryslân wer op om in tekst yn te stjoeren foar de Bernard Smilde Priis 2019.
Mei de Bernard Smilde Priis wol Krúspunt stimulearje, dat der nije tsjerkelieten yn it Frysk of ien fan ’e Fryske streektalen ûntsteane. De priis is foar orizjinele lietteksten en foar oersettings fan lietteksten út in oare taal wei.

Dit jier wurdt in liet frege oer of nei oanlieding fan it tema ‘mienskip’. De uterste ynstjoerdatum is 16 maart 2019; de priis sil útrikt wurde op de Krúspuntdei fan 13 april 2019.In tekst moat foar 16 maart 2019 ynstjoerd wurde op it folgjende adres:

bsp@kruspunt.nl

De sjuery bestiet dit jier út Adri Terlouw, David de Jong en Syds Wiersma.… Lês fierder

Teleks: De Grode Gedichtenoavend op 8 feberwoarie in Marktzicht te Drachten

logo.ensafh

Vrais literair tiedschrift Ensafh organiseert weer zien joarliekse Grode Gedichtenoavend. Dizze moal wordt t in Kefee Marktzicht hòlden op 8 feberwoarie 2019. Elke dichter, in wat veur (streek)toal ook, kin mitdoun. Joe huiven nait ains dichter te wezen, joe kinnen ook n vèrs van joen favoriete dichter veurlezen. Ineke van der Heide zel veurlezen oet t op zulfde dag bie oetgeverij Hispel verschienend bouk mit kinderverskes ‘Broek mei bûsen’. Dichters en veurlezers op d’oavend kriegen as tegenprestoatsie dizze oetgoave cadeau. Dij oavend zellen de Grunneger dichters Jan Bos, Willem Tjebbe Oostenbrink, Melle Hijlkema en Klaas Duursma ien elks geval optreden. Tussen poëzie deur zel der in t gezellege Drachtster kefee Grunneger meziek klinken van Bert Hadders.… Lês fierder