Ydwine van der Veen

Stiennen muorren poarten

logo.ensafh

Grut Ljouwert, tongersdei 23 juny 2038

Om’t ik neat witte woe fan it ferplichte befolkingsûndersyk, moast ik my hjoed melde by it National Test Center. Ik wie der geandefoet hinne set om it ien en oar foar mysels wat gewoaner te meitsjen. Lykas altyd wie der gjin minske op ’e dyk. It grutte gebou lei oan ’e râne fan de stêd njonken in ferfallen yndustryterrein. It wie opboud fan grize bakstien. Ik seach gjin ruten oan de strjitkant en der wie mar ien yngong: in poarte sûnder doarren. Ik koe sa trochrinne. Yn de hal wie it leech. Ik seach allinnich yn it midden in muorre fan reade bakstien, ek wer mei in poarte.… Lês fierder

Eppie Dam, Edwin de Groot

Mortiermineur

logo.ensafh

Gjin better wapen tsjin ferjitnis as in monumint yn moarmer, mar tombes binne út ’e tiid en in prealgrêf rûkt nei lang fergiene adel. Net ien wit wa’t ik bin en dy’t myn namme kenne, wenje oan myn strjitte yn in doarp fan neat of it meast beskieden stedsje fan de alve. Dêr ha se my stean sjoen yn it finster fan har blauwe enveloppen, op ’e wite sluven fan har kryst- en jierdeikaarten, en kwattelen my jierliks del op ’e earste side fan wer in nije bûsaginda. Mar papier ferliest terrein, wat ik, fjildhear, festinggelearde en útfiner fan myn eigen mortier, al iuwen earder die.… Lês fierder

Klaas Rusticus

Hoe’t Nederlân út Europa ferdwûn

logo.ensafh

Vladík Shibanov (*21-12-1990 –☨20-10-2009) ta oantinken

Ryksregint en brykholle Langneck, hy dy’t út namme fan it Keninkryk hearske oer rjocht en gerjochtichheid, line ûntspannen efteroer.
‘Pi, pa, poa’, sa spriek er, wylst er syn steatssiktaris foldien oanseach, ‘sa giet dat al in lyts bytsje oars as doedestiids. Hjirmei litte wy Akela Sousafoan mei de altfioele al eefkes in oar fleuchje wimperje. Lês it nochris foar, sûch, ast wolst.’
Steatssiktaris Rosier Petticoat krige it papier fan de grûn op en lies: ‘… stelle hjirby út: dy persoanen te bestraffen mei in frijheidsstraf fan op ’en heechsten trije jier, subs. in jildboete fan op ’en heechsten € 150.000,… Lês fierder

Rienk Vlieger

nachtljocht

logo.ensafh

It is heech wetter. Allinne it klotsen fan de lytse weagen tsjin it basalt fan de seedyk is te
hearren. Boppe op ’e dyk stiet in man. Mei syn grut postuer en mânsk burd is ’t krekt in reus.Yn it tsjuster stekt syn swart sylhûet ôf tsjin in walmjende, blaugriene gloede dy’t yn noardlike rjochting te sjen is. Hy makket mei syn hannen in machteleas gebeart en rint stadich nei ûnderen, nei it wetter ta. De tekken fan blaugrien ljocht liket op dat stuit justjes fûler te baarnen. Tsjin alle ferwachtings yn is ’t gjin ho by de râne. De reus rint troch!… Lês fierder

Gerda Tolk, Sipke de Schiffart

In leafde sûnder ein

logo.ensafh

Gerda Tolk lêst it ferhaal ‘In leafde sûnder ein’ foar, dat skreaun is troch Sipke de Schiffart. It ferhaal is basearre op har eigen biografy. Jo kinne it neilêze yn ensafh nû. 6, jiergong 2018. De gearwurking tusken frou Tolk en De Schiffart kaam ta stân yn it ramt fan it projekt ‘Spijtproza’ fan Explore Tne North 2018.

Lês fierder

Klaas Rusticus

Plysjebesite

logo.ensafh

Ien bernepornoplaatsje kin liede ta oanhâlding.
Ik lit no yn my omgean en hingje myn hiele assortimint oan gleonensoanfiterjende byldliteratuer efter de ruten oan de eastside fan myn wente, sadat net allinnich de learlingen fan ’e R.K.-basisskoalle St. Aloysius, mar ek it ûnderwizend personiel en letter de fertsjintwurdigers fan de Meisizzenskipsried, de Underwiisynspeksje, it Komitee Lûdoerlêst Skiphol en it Produktskip Fee,
Fleis en Aaien der ûnbedimme kundskip fan nimme kinne. Benammen fan it wurk fan Klimt, Schiele, Sturges, Balthus en von Gloeden, de soan fan ’e Dútske Kaiser.

As dan nei gâns in skoft de hearen Herman Dad oan ’e doar ferskine, sil ik sizze: ‘Kom jongelju, opdonderje.Lês fierder

Ydwine van der Veen

Ald kammeraat

logo.ensafh

In kluzener wie er net, mar sûnt syn pensjonearring kaam Willem van Gelre wol minder bûten. Syn dochter hie sein dat er syn hoal útkomme moast. ‘Heit moat mear kontakt meitsje.’ It hoal wie de souderromte dêr’t syn buro stie. In frij tsjustere romte dy’t de hiele boppeferdjipping omfette fan de âlde gernierswente. Wat die er dêr de hiele dei? Strune op ynternet, e-mails beäntwurdzje, boeken lêze en krantsje. As syn dochter derop stie dat er him alle dagen in healoere te kuierjen sette, luts er in fiis gesicht. It flakke lân, de blauwe klaai, de hurde wyn, it stie Willem net oan.… Lês fierder