Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (8)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer is iepen

Wy hawwe moarn wer yn Bethania ôfpraat. It wurdt gjin bûtensitterswaar, sa seach ik op teletekst, ek gjin fytserswaar alsa. Dan mar mei de bus, al griist it my al wat oan, mar hoopje dat ik net wer mislik wurd – it sil no sa’n tsien jier lyn wêze dat ik …

Nee, lit mar, sokke smoarge praatsjes hearre net op dit blog thús. Mar betiid op bêd, mei in slieppil: dat is better as neat.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman, De Nije Brieven. In Feuilleton (7)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. Cvdw

Moarn giet de koffer iepen…

Justerjûn krige ik in mail fan Madelon Kiestra. Der soe in koffer mei tige wichtige dokuminten by frou Radsma besoarge wêze, dy’t de koffer net iepenmeitsje doarst, net sûnder selskip en begelieding alteast. Wy hawwe in ôfspraak makke dat ik moarntemiddei delkomme sil, ik haw de hiele wike frij nommen, dat komt alsa net sa min út. It hie mei Simke te krijen, sa hie Madelon fan de frijwat senuweftich frou Radsma begrepen.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (6)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De koffer (2)

Bêste lêzers fan dit besletten blochke, kinne jim it wat neikomme? Iksels nauwerneed, mar bin no al wat fleuriger en net sa eangstich mear. Sa’t ik al skreau: dokter hat my nije medisinen foarskreaun, grutte giele pillen, en neffens my begjinne se oan te slaan. Neidiel is al, dat ik wat faker op it húske sit, mar lit dat foar my no krekt in daaldersk meditaasjeplak wêze…

Ik haw aldergeloks net wer fan dy ûnnoflike telefoantsjes krigen.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (5)

logo.ensafh

Wy geane fierder mei de werjefte fan Arjen H.P. van Tuinen syn blogkes. Hoe’t it ek wer krekt sit mei dizze publikaasjes wurdt yn diel ien útlein. cvdw

De telefoan

It muoit my, deiboeklêzers, dat ik yn it foarige fragmint in ferkearde foarm keazen hie. It wie basearre op in mail dy’t ik fan Madelon Kiestra krigen hie. Ik woe it wat al te literêr meitsje tink. Oare kear pak ik de saak fan de Koffer wer op…

Tank foar jim persoanlike reaksjes, it giet goed mei my, ik haw, nei’t ik wat bekommen wie, deselde dei noch nei dokter west, en nije medisinen krigen.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (4)

logo.ensafh

(Van Tuinen hat yn dit weblogfragmint de posysje fan alwittende ferteller ynnaam; it is net rjocht dúdlik wêrom. cvdw)

De koffer

Frou Radsma hie suver wat oerstjoer en skriemerich west nei it petear mei dy eigenwize fint út Ljouwert. Madelon hie noch yn bestân stien en sis de folgjende ôfspraak telefoanysk ôf, mar dat hoegde net, sa sei it âld wyfke doe’t se letter wat bedarre wie. De wierheid moast sein wurde. “Ik bin der no noch,” wiene de lêste wurden foar’t se ôfskie naam fan Madelon en de doar fan har keamer yn fersoargingshûs Bethania ticht die.

Nei in knipperke fan sa likernôch in kertierke – it iten hie lykas wenst wer nei neat smakke – gie frou Radsma nei ûnderen ta, nei de neffens guon gesellich ynrjochte rekreaasjeseal.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (3)

logo.ensafh

De twivels fan Arjen van Tuinen

Ik krige dy nachts hast gjin sliep yn ’e eagen; op it lêst, it wie om fjouwer oere hinne, bin ik der mar ôfgien en haw de klean wer oanlutsen. Op en del trêdzjend troch myn – ik jou it ta – frijwat suterige wurkkeamer, seach ik nei de steapels boeken oer Douwe Kalma en Simke Kloosterman op myn buro. Is it wol de muoite wurdich, sa tocht ik, jin sa te ferdjipjen yn wat, literêr sjoen, eins marzjinale persoanen binne? ‘Mar ho’, sa soe myn baas Wobbe Teakema wol sizze, ‘jo moatte it wol yn perspektyf sjen, wy moatte bliid wêze mei wat wy hawwe yn ’e Fryske literatuer, no.’ Teakema is ien fan de foarbylden fan myn observaasje dat de Calimero’s it hjir yn Fryslân foar it sizzen hawwe.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (2)

logo.ensafh

Diel 2: Frou Radsma fertelt.

‘Ik bin yn 1902 berne, op de Boekeleane 12, hjir yn Twizel. Wy wiene mei ús fiven, ik hie fjouwer broers, ik wie de jongste. Us heit hat altyd boere-arbeider west, mar ferstoar al jong, op syn njoggenentritichste. Op in dei yn ’e simmer, it wie tige waarm, kaam er net thús fan it lân, it hiele doarp hat om him socht, mar hy lei yn in groppe, bedutsen mei losskuorde tiksels en strewellen. Ik wie der by doe’t se him fûnen. Syn grutte deade eagen sieten fol mei in freeslike eangst, ik sil it nea ferjitte.… Lês fierder

Cornelis van der Wal

Simke Kloosterman: De Nije Brieven. In Feuilleton (1)

logo.ensafh

Arjen van Tuinen

Okkerdeis ûntduts Arjen H.P. van Tuinen (1978-2014) – hy waard troch kenners as ien fan de meast ûnthjittende jonge ûndersikers op it mêd fan de Fryske literatuerskiednis sjoen – by frou Radsma fan Twizel in tin steapeltsje brieven fan Simke Kloosterman oan har (doe noch) ferloofde Douwe Kalma. Dizze brieven hiene, sa wie ommers de wil fan Simke, eins ferbaarnd wurde moatten.

Ik lit no Van Tuinen oan it wurd. De teksten binne oernommen fan syn besletten weblog, dat nei syn ynstoarting spitigernôch troch de famylje út ‘e loft helle is. Dat blog wie mar foar in hantsjefol minsken tagonklik.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 33 (it lêste)

logo.ensafh

 

Feuilleton

33

Se joegen har del op in terras oan it plein by de Grutte Tjerke en namen beide in bierke.
‘Ik ha nea witte wollen,’ sei Seleina, ‘wat der letter yn ’e kranten stien hat.’
‘Nei de earste opskuor allinne mar koart dat der gjin spoaren fûn wiene. Dêrnei in pear kear dat de polysje noch gjin fertochte op it each hie en by eintsjebeslút, dat it sykjen nei de dieder op in sêft sin set wie.’
‘Ha der nea spekulaasjes west?’
‘Fansels wol. En der kaam ek praat dat er net fan famkes ôfbliuwe koe. Mar it is deablet.’
‘It is nea fier by my wei,’ sei Seleina.… Lês fierder

Piter Boersma

Molwrot 32

logo.ensafh

Feuilleton

32

Se rieden de oare moarns, sa as se ek kommen wiene, oer Mechelen nei de N278 ta. De hinnereis wiene se oer Valkenburg riden, no sloegen se de rjochting fan Maastricht yn. Catrinus woe har noch de Maas boppe Maastricht sjen litte.
‘Yn dy hoeke komt in mins noait. Ik bin der in pear jier lyn in kear lâns riden, oer Borgharen, Itteren, Geulle oan de Maas, Elsloo, Stein en Meers en by Urmond bin ik doe de A2 opgongen,’ hie er sein.
It hie Seleina wol goed west.
‘It is mar in idee,’ sei er, no’t se rieden.… Lês fierder