Jemke Visser

Sûnder stôk

logo.ensafh

It hiele libben is in ôfskied wurdt wolris sein. Ja, as jo der op in bepaalde wize nei sjogge. Mar it is wol wat in pessimistyske foarstelling fan saken. Fansels gean dingen foarby, miskien spitich, mar like faak is dat net sa slim en tinke je der mei niget en waarmte oan werom.
In soad hinget derfan ôf ûnder hokker omstannichheden, mei hokker emoasjes saken út it sicht ferdwine en … hoe’t je dermei omgean. Dat is lang net foar eltsenien gelyk.
It ferlies fan in neiste hakt der fansels flink yn. Mar wa oerkomt dat net?
Sûnder al tefolle krupsjes de tachtich passearje?… Lês fierder

Gabriëlle Terpstra

Wurd för Wurd: Yn petear mei Joël Hut

logo.ensafh

Joël Hut presintearre ôfrûne simmer syn twadde bondel wurd för wurd för wurd yn kafee De Gouden Leeuw. Om it ris goed oer dy bondel te hawwen, tref ik him hjoed wer yn dit kafee.

Joël Hut, dy’t eins Joël Huitema hjit, mar de namme fan syn freondin oannaam as skriuwersnamme, waard berne yn Sint Nyk, syn âlden komme út Gaasterlân. Hy is opgroeid mei it Súdwesthoeksk, de taal dêr’t er ek yn skriuwt.

Op syn fyftjinde krige Joël te meitsjen mei mentale problemen, by syn herstel dêrfan gong er op ’e syk nei in hobby sadat er rêst en ûntspanning ynbouwe koe yn syn libben.… Lês fierder

Anne Feddema

NPO Klassiek

logo.ensafh

Moarns as ik yn ’e wenkeamer kom goai ik de radio der wol gauris op en dat is dan altiten deselde stjoerder: Radio 4. Sa hjit it dus ûndertusken net mear, it is al in aardich skoft: NPO Klassiek.
In klassike stjoerder alsa, mei klassike muzyk dus … No, ferjit it mar moai.
Sa no en dan is it gewoanwei in ferskrikking om der nei te harkjen. It is sa stadichoan in bibelske besiking wurden. Noch los fan al it geëamel en wiidweidigens fan ’e kwasy kulturele petearen mei konservatoaren fan musea oer útstallingen, oer boeken dy’t je lêze moatte en gewoane ynfotainment is de muzyk sels, yn alle gefallen moarns, ek op in djiptepunt bedarre.… Lês fierder

Henk Nijp

Foar F

logo.ensafh

De wyn skuorde sa út en troch fûl oan it stjoer. Wy rieden yn it roetsjuster oer de lange dyk mei oan wjerskanten wetter. De weagen oan ’e rjochterkant moasten wol wite krunen ha. Ek foar, efter, boppe en ûnder ús wie wetter. De streken op ’e dyk wiene hast net te sjen.Doe ’t ik in wat trage frachtwein foarby woe waard it hielendal nuodlik, it wie in kwestje fan ‘lok wat jouste’ en hâld it stjoer rjocht. Op ’e foarrút kletste in onhuere bats wetter dy’t de rutewiskers net goed oankoene. Oerlevere oan it momint, even gjin sizzenskip oer wat der barde.… Lês fierder

Anne Dijkstra

Wally Tax

logo.ensafh

Boston, simmer 2005. Der kaam in man mei lang hier nêst my op it bankje sitten. Hy tôge in grut krús mei. Jezus en alles deroan. Where are you from? Oh, Holland, koe ik dan Wally Tax wol? Wis wol, fan The Outsiders. Yeah, hy soe mei ús op toernee. Ik seach Jezus ris oan. Wally Tax? Yeah man. Se wiene in Christian band, sei er, en Wally wie no yn de Hear, dat sa. It wie der net fan kaam, want The Lord hie oars beslist. Wally libbe net mear. Nice meetin’ you, hy moast wer fierder. May God bless you!… Lês fierder

Giny Bastiaans

In siedsje en in aaike

logo.ensafh

It wie fakânsje en dêrom drok yn ’e stêd. Ik fûn dat ik kofje mei gebak fertsjinne hie. Wêrmei wit ik net, mar der is altyd wat te betinken. Dat it wer reinde bygelyks.
It restaurant siet smoarfol. Mar dochs fûn ik ien lege stoel. Njonken my sieten trije bern mei harren mem, of wie it de beppe?
Twa fan ’e bern sieten tegearre op ien stoel. No ja sitte, heisteren der op om en dat waard hontheien.
Ynienen kaam my wat yn ’t sin en ik frege de frou: ‘Bin ik no sitten gien op ien fan jim stuollen? Ha ik dy no sa mar ynpikt?’… Lês fierder

Anne Feddema

Kuierke yn myn byldzjend wurk

logo.ensafh

Der giet fansels neat boppe in kuiertocht yn ’e frije natoer mar sa no en dan moatte je ek ris in oare kant út om nije yndrukken op te dwaan. Ik nûgje jimme dêrom ek graach út om tegearre mei my in kuierke troch myn byldzjend wurk te meitsjen. We rinne no nei it grutte Potleadbosk. Sykje mar in gaadlik potlead út, HB, B … jo binne in sêft minske? 6B, 8B sels? Toe mar, it kin allegear, wy dogge net moeilik hear. Op nei de Berch fan papier. Sykje mar in fel út. Sa binne we al in hiel ein op streek freonen, of soene wy dat wêze kinne?… Lês fierder