Anne van der Plaats

Friezen en Griken

logo.ensafh

Se glimke nei him.
‘Bist in Friezin,’ sei Konstantin.
Se joegen har op in terras yn ’e sinne del. It wie maitiid. De loft wie blau fan dagen: se soe trije moanne bliuwe en dit wie noch mar de earste wike.
‘Ik fiel my thús yn Grikelân,’ sei Sytske.
‘Dêrom krekt,’ sei Konstantin.
‘Kinst it ferhaal?’ sei se.
‘Ik kin jim skiednis,’ sei er.
‘Wy leauwe it net,’ sei se, ‘mar wy dreame der wol fan.’
‘Wy sjogge it daliks,’ sei er, ‘en wy fiele it.’
‘Wy ite kij,’ sei se, ‘en jim geiten en skiep.’
‘Fansels feroarje der dingen,’ sei er, ‘mar ik rûk it.’
Konstantin frege har oft er in flesse wyn bestelle soe.
‘Ja,’ sei Sytske, ‘graach.’
It draaide der op út dat se meiinoar op bêd soene.
‘Dan is alles wer rûn,’ sei er.
‘Wêrom moatst dat duorje oant ik hjir kaam,’ sei se, ‘hiest ek nei ús ta komme kinnen.’
‘Werom nei de boarne,’ sei er, ‘dêr giet it om.’
Doe’t de flesse leech wie, gong se him foar nei har hotelkeamer ta.
Wylst se har útklaaiden sei Konstantin: ‘Ik ha trije susters en se ha alle trije in bern fan in Fries.’
‘Ik bin hartstikke geil,’ sei Sytske, ‘fiel mar.’
‘As bûter,’ sei er.
‘Kin jimme dy útdrukking ek?’ sei se.
‘Nee, mar ik ha him fan myn sweagers.’
Se luts him op har.
‘Dochst it as in Fries,’ sei se nei in skoftke, ‘allinne better.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op