Hedwig Terpstra

Jan Kleefstra: ‘Ik neam mysels mear muzikant as dichter.’

logo.ensafh

jankleefstra

Jan Kleefstra (1964) is berne yn Akkrum en hat dêr altyd wenne. In jier as fyftjin lyn is er begûn mei it skriuwen fan deiboekfragminten, foarmleaze ferhalen. Hy woe dêrmei de lêzer twinge om muoite te dwaan om te ûntdekken wat er ûntdekke wol. Dizze fragminten binne publisearre yn in literêr tiidskrift. Jan krige der goede reaksjes op, mar ek de krityk dat er te folle fan syn lêzers freegje soe. Hy is dêrnei begûn mei it skriuwen fan fragminten yn dichtfoarm, earst yn it Nederlânsk. Yn 2003 kaam syn earste bondel ‘Stem van de stilte’ út, in gearwurking mei seeskilder Minne Onnes. De twadde bondel, yn it Frysk, ‘Fragminten’ kaam út yn 2008. Dizze fragminten gean oer it lân tusken marren en de see en de sintúchlike wjerslach dêrfan. By it literêr sirkwy op 28 maart lêstlyn yn Museum Smellingerlân yn Drachten fertelde Jan my oer syn plannen om nei Japan ein dit jier en dat er dêr gedichten foardrage sil yn it Frysk. Dat fûn ik in moaie oanlieding om in fraachpetear mei him te hâlden.

Wie it dichtsjen yn it Nederlânsk in bewuste kar? En wêrom bist letter oergongen op it Frysk?
Jan: ‘Ja, ik ha earst bewust keazen foar it Nederlânsk. Ik ha gjin Fryske les hân op skoalle. It tema fan myn fragminten, it belibjen fan it lânskip, is eins universeel en ik woe in sa grut mooglik berik ha mei myn gedichten. Boppedat is it foar my yn it Nederlânsk makliker om abstrakter te byldzjen, tichterby de muzyk te kommen. Sa’n fiif jier lyn, by in foardracht yn Weesp, is my sein dat ik wolris besykje koe mear yn it Frysk te dichtsjen. Ik ha by de gemeente Boarnsterhim de mooglikheid hân om in ynterne Afûk-A-kursus te folgjen, dus de basiskennis is der wol. Ik ha it doe ek yn it Frysk besocht en eins foldie it my wol, al skriuw ik noch hieltyd mear yn it Nederlânsk as yn it Frysk. It Frysk hat in moaie klank dy’t goed kombinearret mei muzyk en is myn natuerlike sprektaal. Elmar Kuiper (ek dichter) sjocht altyd myn gedichten noch nei op it Frysk. Yn 2008 is de Frysktalige bondel ‘Fragminten’ útkaam by de Friese Pers. Yn it bûtenlân wurdt faak hiel posityf reagearre op foardrachten yn it Frysk. Minsken harkje foaral nei de klank en fine dy oer it algemien hiel moai. Se hawwe net de oandrang om it ferstean te moatten en begripe dêrtroch faak folle better wat wy oerbringe wolle. It Frysk stiet hiel ticht by mysels, en dêrtroch moat ik der wol om tinke dat ik net ferfal yn sentiminten en te folle weromgripe wol op it ferline.’

Do kombinearrest yn dyn foardrachten en cd’s tekst en muzyk. Kinst dêr wat oer sizze?
‘Ik wurd by it foardragen fan myn gedichten meastal begelaat op gitaar troch myn broer Romke. Of ik ha muzyk op de stereo fan de komponist Basinski. Dizze minimalistyske muzyk helpt my om yn in bepaalde kadâns te kommen. Mei Romke, Mariska Baars (Soccer Committee) en Rutger Zuydervelt (Machinefabriek) ha ik yn 2008 de CD ‘Piiptsjilling’ opnaam. Dêrnei folgen projekten mei Gareth Davis, Greg Haines, Danny Saul, Peter Broderick, Bela Emerson, Nils Frahm, Sytze Pruiksma en oaren, live en yn de studio. Mei gitarist Anne Chris Bakker ha we de CD ‘Wink’ makke. Op beide CD’s roppe we mei muzyk, lûden en gedichten in klanklânskip op. Fan ’t hjerst komt it album ‘Tongerswel’ út. Dizze CD mei minimalistyke muzyk ha we opnaam mei de Ingelske basklarinettist Gareth Davis. Ik neam mysels mear muzikant as dichter omdat ik poëzij yn in abstrakte foarm besykje te skriuwen, dy’t ticht tsjin de muzyk oan leit. Wat Romke en ik dogge falt ûnder in subkultuer. De muzyk wurdt net op grutte skaal belústere en folge. Minsken moatte har doarre iepen te stellen foar dizze foarm fan muzyk, wylst it eins hielendal net sa ûntagonklik is. Wy meitsje meastentiids lange, ymprovisearre nûmers en dêr moatte minsken faak wat oan wenne omdat se koarte popnûmers fan sa’n trije minuten wend binne. Minsken hawwe net mear it geduld en de nijsgjirrichheid om harren del te jaan en neat te dwaan as te lústerjen, te sjen of sokssawat.’

Wat foar projekten stean der noch mear op priemmen?
Jan: ‘Ein dit jier komme der noch twa Piiptsjilling-CD’s út, ‘Wurdskrieme’ en ‘Molkedrippen’, en diskear op “grutte” labels yn Japan en Amearika. Mei-inoar komme der de kommende tiid tsien ferskillende releases oan. Kinst wol sizze dat it baltsje no begjint te rôljen. De nije CD’s ha allegear in eigen klank en ynstrumintarium en wurde marzjinaal ferspraat oer de hiele wrâld. We sille ein dit jier optrede yn Ingelân en Japan. Foar de optredens yn Japan wurdt ek in CD makke. Ik ferwachtsje no ek wat mear feedback te krijen op ús muzyk. It netwurk fan muzikanten wurdt op dizze manier ek grutter en dat kin wer ta nije projekten liede. De gearwurkings jouwe ús de mooglikheid om dat wat wy moai fine byinoar te bringen en dat te kombinearjen mei wat wy dogge. We bringe sa ús wrâld nei oare minsken en sy bringe wer harren wrâld nei ús ta. Dielen bringe we ta in gehiel, dat der al is, en allinnich mar troch ús byinoar brocht hoecht te wurden.’

Do bist ek, mei oaren, begûn mei it projekt Tsjinlûd. Wat hâldt dat projekt yn?
‘Tsjinlûd is begûn as in projekt fan Romke en my mei Elmar Kuiper en wat oare minsken. Dat hat wat in dreech begjin west, mar no mei Remco Kuiper en Anne Chris Bakker derby hat it in goed fundamint krige. It trio Nodo fan Sytse Pruiksma hat him no by Tsjinlûd oansletten. It projekt is bedoeld om te ferwûnderjen, om mei in pear minsken de krêft fan sobere ienfâld ta útdrukking te bringen. Mei in ferstild lûd wolle we de sfear fan ús omjouwing oproppe. We sille begjin takom jier in pear kear optrede yn de Lawei yn Drachten mei de muzikale foarstelling ‘Klanklânskippen’. Myn útgongspunt dêrby is dat alle eksperiminten al in kear útfierd binne en dat de útdaging leit yn de ferstilling. Mei in soad lawaai wurdt eins mar in bytsje sein. Foar de programma’s is ek it doel om te sjen oft wat wy hjir yn Fryslân dogge bûn is oan de grûn, of dat minsken yn it bûtenlân op deselde manier dwaande binne en dat dyn bertegrûn dus hielendal gjin ûnderskaat teweibringt. By de programma’s yn de Lawei sil dan ek hieltyd in bûtenlanner frege wurde om mei te dwaan.’

Wêr komt de driging yn jim muzyk en dyn teksten wei?
‘Dat is in natuerlike driging, lykas fan in bui dy’t oer in mar oan komt setten. Foar my is dat in foarbyld fan de ultime skjintme. Minsken tinke wolris, oan de hân fan myn teksten, dat ik in hiel somber persoan bin, mar dat bin ik eins hielendal net. Ik hâld krekt safolle fan in leadgrize loft as fan in blauwe loft mei sinne. Alles is ien: ik harkje nei alles, rûk oan alles, wol alles fiele. Ik wurd fan sobere, ienfaldige bylden, skilderijen, muzyk, boeken, júst hiel bliid. Ik fyn ek it mankelike fan de muzyk fan William Basinski hiel moai. Dy muzyk ropt foar my in bepaalde sfear op. Ik hâld in soad fan it romtlike yn it Fryske lânskip. Yn myn jeugd holden we meast fakânsje hjir op ’e poel, flakby Akkrum. Us heit wie molkboer en koe net sa lang fan hûs. Ik herinnerje my bygelyks myn fassinaasje foar de driigjende tonger, of it nachts oerfleanen fan guozzen as it bûten stoarme.’

Kinst wat fertelle oer it tema destruksje yn dyn teksten?
‘At ik yn de Rânestêd bin wurdt ik suver wat ûnrêstich. Wurdst yn Amsterdam bygelyks sa konfrontearre mei it destruktive karakter fan de minsk. In soad minsken binne dêr net harsels. It is oftst dy dêr op in bepaalde manier gedrage moatst. Ik kin dêr hiel tryst fan wurde. Der wurdt sa’n soad konsumearre en tagelyk wurdt de grûn ferneatige. Ik ûntlûk my der leaver oan en sykje myn eigen plak yn de romte om my hinne. Lis leaver yn in greide en sjoch hoe’t in ljurk sjongend opklimt nei de wolken. Dêr wurd ik hiel bliid fan. Ik besykje sa sober en ienfâldich mooglik te libjen, en ek safolle mooglik ôfstân te nimmen fan it opsetlik deadzjen fan bisten of de helske wize wêrop’t de measte minsken harren libben libje. Mar dy tsjinstelling tusken myn belibjen fan al it geweldige om my hinne en tagelyk de destruksje dy’t deryn plak fynt, grypt djip yn myn skriuwen yn.’

Ien fan de fragminten:

Hast nachts de see sjoen
bist dyn libben lang ûnderweis
nei frjemde grûn

dreamst oer lytse weagen

yn it slimste gefal skynt de sinne
ast it bloed út dyn eagen triuwst

kinst yn myn hân sliepe
bist wol faker foar
de kriich weikrûpt

it bloed al op de lippen

earne de rûs fan see boppe dyn holle
as de dei noch ien kear wekker wurdt

krijst dyn eagen net mear ticht
dyn mûle net mear iepen

(Ut: Fragminten, 2008, side 24)

Jan oer dit fragmint: ‘Myn broer is fûgelteller en sels doch ik dat wurk as frijwilliger. Dit gedicht giet oer in wyfke fan de piiptsjilling (wintertaling) dat ik fûn op in iere moarn en dat fuort krûpt wie om te stjerren. Der rûn al bloed út de eagen en de snaffel, wylst se eangstich nei my op seach. Ik fûn it in tryst, mar ek hiel moai byld. Sûnder dea is der gjin libben mooglik, it heart derby. Skriuwe doch ik trouwens meast binnen. As ik bûten bin wurde myn sintugen te folle prikkele, mar foar de wissichheid ha ik altyd wol in notysjeblokje mei. In pear kear yn de wike sit ik boppe tusken myn keunstboeken en harkje ik nei muzyk. Dan skriuw ik benammen út de herinnering wei. Ik ha in plakje foar mysels nedich dêr’t ik rêstich skriuwe kin. Ik ha bêst wol in drok libben, want ik wurkje ek noch 36 oeren as juridysk meiwurker by in advysburo. It soe moai weze as der wat mear tiid en konsintraasje foar it skriuwen mooglik wie, mar hielendal skriuwer soe ik net wurde wolle.’

Wat binne dyn ambysjes?
‘Ik bin hiel bliid dat we nei Japan kinne. We trede in pear kear op yn Tokyo. Ik soe ek wol op mear plakken optrede wolle, mar dejinge dy’t it foar ús regele hat boekt eins allinnich optredens yn de haadstêd. We ha earder optredens dien yn Ingelân, Dútslân, België en Poalen, en ik soe ek noch wolris yn Skandinavië optrede wolle. Ik bin dwaande om dêr ek kontakten te lizzen. It regeljen fan optredens freget altyd nochal wat koördinaasje tusken de muzikanten dy’t meigean en kwa ambysje sitte we net altyd op ien line. En in bytsje jild bylizze foar in reis makket my neat út, omdat ik net fan it dichtsjen en muzykmeitsjen ôfhinklik bin, mar dat kin wol in probleem wêze foar muzikanten dy’t der fan libje moatte. Ien as Machinefabriek (Rutger Zuijderveldt) hat in hiel grut netwurk om him hinne, dêr’t wy ek wer ús foardiel mei dwaan kinne. Sa learst hieltyd mear minsken kennen en komst wer fierder.

Ek bin ik hiel bliid mei de gearwurking mei Sytze Pruiksma. We hawwe mei him ek hiel moai wurk opnaam.  Ik soe mei him ek hiel graach mear dwaan wolle. We hawwe der wol plannen foar, mar it kostet altyd sa’n protte tiid en geduld. Wylst dingen sa moai binne, datst hiel ûngeduldich wurdst om it de minsken hearre te litten. Ik soe bygelyks ek hiel graach in kear hjir yn Fryslân yn de lytse tsjerken wat moais dwaan wolle, omdat ik fyn dat it dêr thús heart en dat minsken dat ûnderfine moatte. En miskien hiel idealistysk: dat minsken in bytsje fiele fan wat wy sizze wolle, en dat se dat mei harren meinimme, al is it mar foar hiel eefkes.

Ik fyn it moai at safolle mooglik minsken oer de hiele wrâld yn de kunde komme kinne mei de eksperimintele muzyk en de poëzy dy’t wy meitsje.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op