Piter Boersma

It Fryske literêre libben (4): In man fan tachtich om jin oer te besauwen

logo.ensafh

Wat in idee om de Fryske literatuer wei te setten tsjinoer de Nederlânske literatuer. Dat docht Durk van der Ploeg yn in fraachpetear yn de Ljouwerter krante fan 3 septimber 2010 by gelegenheid fan syn tachtichste jierdei: ‘It nivo fan de Fryske literatuer is folle leger as de Nederlânske. Dat begjint al by de taalbehearsking. De taal yn Fryske boeken is folle earmer, de skriuwers hawwe har eigen taal noait goed leard.’
De earste sin is ûnnuansearre. Dat fan dy taalbehearsking is bull-shit. De begjinsituaasje fan in Fryske skriuwer is net optimaal, mar is er ien kear oan it skriuwen dan groeit er yn syn behearsking fan it Frysk en de feardichheid om him der yn út te drukken as koal. Beskikten Rink van der Velde en Anne Wadman net oer in ryk idioom? Is Trinus Riemersma wat syn taalbehearsking en stilistysk fermogen oangiet net fenomenaal. En wat te sizzen fan (jongere) proazaïsten as Greet Andringa, Janneke Spoelstra, Elske Schotanus, Hidde Boersma, Jaap Krol, Hein Jaap Hilarides en Willem Schoorstra? Ha dy gjin taal-, gjin stilistysk fermogen? Krekt wol, soe ik sizze. Wat skriuwe dy lju goed! En ik neam noch in pear (jongere) dichters: Elske Kampen, Yva Hokwerda, Grytsje Schaaf, Elmar Kuiper, Edwin de Groot, Cornelis van der Wal, Anne Feddema, Jacobus Smink, Arjan Hut. Dy brûke prachtich hjoeddeisk Frysk en jongleare dermei.

Van der Ploeg seit ek: ‘Nederlânske skriuwers wurde wittenskiplik begelaat.’ Wat? Hy foeget dêr oan ta: ‘Oan alle universiteiten wurdt Nederlânsk studearre, der ferskine essees oer literatuer, der wurdt oer praat. Dêr krije skriuwers rjochtingsgefoel fan, se leare fan de krityk dy’t se krije. Dat ûntbrekt yn Fryslân.’ It is wier, der wurdt minder Frysk studearre en der wurde binnen de Fryske literatuer minder essees oer literatuer skreaun. Mar dat hat noait behindere dat har hieltyd wer nije en goeie Fryske skriuwers melde. En it is net wier dat de krityk yn Fryslân ûntbrekt en dat der net oer literatuer praat wurdt. Fryske skriuwers kinne har wis oan krityk skerpje. Fryske skriuwers wurde wis mei krityk konfrontearre.

It fraachpetear einiget mei dizze tirade: ‘It is in tryste boel yn de Fryske literatuer. Dat alles no nei Tresoar giet, wurdt it ek net better fan. Bondeling fan krêften sizze se, bondeling fan amtnerij sille se bedoele. Sjochsto Bert Looper mei boeken by de doarren lâns gean? Ik begryp net dat se de Sutelaksje ôfskaft ha. Dan kinne se wol gelearde plannen betinke, mar de Sutelaksje rûn altyd. En dan dy literatuerbefoarderer. Dêr ha ik noait folle yn sjoen, dat jild kinne se better oan ’e skriuwers jaan. Im grossen Ganzen komt it der op del dat der heech opjûn wurdt fan de Fryske literatuer, mar ik sjoch der earlik sein neat yn. Wy hawwe it klimaat gewoan net.’

Wat ûnberoaid praat en wat in kolder byinoar.
En gjin klimaat? Wêr komme dan hieltyd dy nije skriuwers wei en op ôf? De Fryske literatuer is krekt wol ynspirearjend.

Sjoch, Durk van der Ploeg lêst de Fryske literatuer net iens. Der is him ris frege oft er De reade bwarre fan Trinus Riemersma wol lêzen hie. Syn reaksje wie in minachtsjend nee: hy hie der gjin tiid of gjin belangstelling foar. Miskien lycht er. Yn it fraachpetear fan no komt Van der Ploeg mei itselde rideltsje dat er alris yn in essee oangeande de kwaliteiten fan jongere skriuwers nei foaren brocht hat. Ach, gean der mar fan út dat er neat fan har lêzen hat.

Wat besielt de man op syn tachtichste sa út ’e hoeke te kommen. Men kin allinne mar ta de konklúzje komme dat Durk van der Ploeg in frustrearre, rankuneuze en slim benypte âld keardel is. Gewoan in freeslike fint.

It komt der fansels allegear fan dat er fynt dat er sels net de wurdearring en de eare krigen hat dy’t er fertsjinnet. Want de Fryske literatuer is neat, mar hy, Durk van der Ploeg, stelt wol wat foar. Want wêrom miende er oars op syn tachtichste noch in literêre wurkbeurs oanfreegje te kinnen (en dêr dus neffens himsels rjocht op te hawwen). Dat er dy beurs – 25.000 euro – ek noch krigen hat kinne wy him fansels net de skuld jaan. Mar myn leave santjin, as der no ien is dy’t sa’n beurs amperoan takomt, is it wol Durk van der Ploeg. Van der Ploeg kin wol wat, soms komt er wier wol mei wat foar it ljocht dat besjen lije kin, mar lês syn boeken der mar op nei, hy is meastentiids in literêre hampelman fan komsa. Bytiden is it gewoan ferskriklik wat er prestearret. Syn ferhaallinen en plots binne faak deagewoan net goed of sels sa ûnwierskynlik as wat, ja ûnmooglik. En in grut euvel by him is dat er net wit te dosearjen, winliken gjin benul hat fan wat adekwaat skriuwen is: syn alinea’s kin faak samar de helte út om’t er – om it hieltyd moaier sizze te wollen en syn saneamd rike idioom te etalearjen – alles twa, trije kear seit. Wat soe er in soad leare kinne fan oare (jongere) Fryske skriuwers. Mar om’t er net leare wol, noait wat leare wollen hat, is it him takomme litten fan in wurkbeurs gewoan weismiten jild. Moat ik no sa te kear gean? De man sa ôfmeitsje? Ik tink it wol.
Alde minsken wolle inkeld wolris wiis wurde, Durk van der Ploeg heart net ta dy kategory.
Durk van der Ploeg is tachtich wurden en mocht syn sechje dwaan yn de Ljouwerter Krante.

Mar wat in oanfluiting. Wat in ôfgong. Wat beskamsum. Wat begrutlik.  Begrutlik? Achter it behang mei dy man, yn it ferjittelboek, hy siket der sels om, fertsjinnet net better. Wat in selsynnommen masogist!

(Op ynternet is it fraachpetear mei Van der Ploeg fansels al sinjalearre en bediskusearre, sa as troch Anne Feddema en Josse de Haan).

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *