Dichter Willem J. Pieters (Villem J. Pytters) ferstoarn

logo.ensafh

Op sneon 3 jannewaris is de dichter Willem J. Pieters (1943-2009) ferstoarn. As Hagenees en nea yn Fryslân wenjend hie er him it Frysk sels oaneigene. Syn earste gedichte ferskynde yn 1978 yn nûmer 4 fan it tydskrift Hjir. Fan 1981 oant healwei 1986 wie er redaksjelid fan Hjir.
Yn 1981 fertsjintwurdig er de Fryske literatuer op Poetry International, dêr’t er doe meidie oan in oersetprojekt: it oersetten fan poëzy fan de Dútske dichter Erich Arendt. Yn Hjir nr. 4, 1981, skreau er dêr in humoristysk stik oer ûnder de titel ‘Ien wyke eare-Fries: ut oerset-projekt fan Poetry Intrational: ‘Ik hà leave meensken met, ik hà vurk dien fwar Fryslôn. Mar un oare kear mat un oar ut mar dwan, ik hûg net mear: ut is de baas dot un oar oan bar kómt. Vont mun vudt er sà vurg fon, dot ik no jitte net útsljipt bin.’
By de Koperative Utjowerij ferskynde yn 1984 syn bondel Befêzen teenzen en fielings.
Hy skreau yn in troch himsels oanrette fonetyske stavering en stavere syn namme sadwaande as Villem J. Pytters. Yn 1984 wie er in skoftke ponghâlder fan de Feriening fwar un goede Fryske stavering.
Hy wenne de lêste jierren yn Eindhoven en wie amper mear aktyf as Frysk dichter. Yn 2001 ferskynde noch in kear wat fan him yn Hjir.
Yn de blomlêzing Het goud op de weg binne twa, yn de Spiegel van de Friese poëzie is ien gedicht fan him opnommen.
It hjirûnder opnommen gedicht ‘Trauwbrek’, foar it earst publisearre yn Hjir, nû. 5, 1983, stiet yn beide blomlêzings, mar dan omstavere.

Trauwbrek

I

myn hûsfaam hieltyt spriek fon boaskjen, vont
ús Heare soe sóks ynstelt hà. No is se fwót.
sa vut de Vet ta leagen:
Leafde vól Himsels fervêzenlekje yn ús hôden en dragen.
sûnne leafdes – dus; de ynhôt fon ’e Vet –
mat mun net ópjan ómt oan fwarmen lykos boaskjen
net foldien is – en don nog net mai goede redenen:
vij maie gjin bên ha, ik vól net maibetelje
oan ’e debakel fon dit regear en vettelek byne litte
oan sannenien, dyt mij d6erom sitte lit.

mai Leafde oervinne yn ut lêst, en lit
myn lea’ke har trauwbrek mai Syn masker farre litte

II

dit folt mij net ô: allinnig kin ik
ut hiel bêst bankje, sà sûnder har. ik bin
sels lókkeger os dût ik mai har vie:
mear frijhyt fwar myn freonen oer, dus fwar mijsels;
mar vot vól ôfolt is ut frijen, dot is ollinneg mar behelpen.

Havar! Ik dóg har de doar tà, en gean
op syk nai un Frysktalege jir yn De Haag.

‘Mistyk húmmenist mai grauwe beoleg
syket óm leave, skrondere frauw. Doel:
freonskip en frijen. (Net boaskjen.)
De Haag of ûnjauwing. Venje sels óp Skeveling.
Leeftyt yn ’e roai fon fjitteg ier.’

Skeveling
begjin júnny 1983