Sytske de Jong

Beppe fertelt

logo.ensafh

It earste dat opfalt oan de biografy oer Tiny Mulder, is dat it in frij tin boek is. Blykber binne wy sa wend oan tsjokke biografyen, dat wy ús fernuverje at se wat tinner binne. Faaks binne de measte biografyen sa tsjok omdat de skriuwer gjin detail oerslaan wol at it om syn of har held giet. Dat soarget trouwens net needsaaklikerwiis foar in better byld fan de haadfiguer. It twadde dat opfalt is dat de held fan dizze biografy noch libbet en der binne net in soad minksen oer wa’t in biografy ferskynt wylst se noch libje. Geart de Vries hat him deroan weage. It hat fansels ek foardielen, je kinne de haadpersoan fan it ferhaal ynterviewe. Dat hat De Vries dan ek dien, yn’e simmer fan 2005 hat hy tolve lange petearen mei Tiny Mulder hâlden oer har libben en wurk. Der wie fansels ek wol it ien en oar te fertellen: neist dichteres en skriuwster is Tiny Mulder sjoernalist en âld-fersetsstriidster. Stof genôch.

De ynterviews hat De Vries omwurke nei in trochrinnende tekst. Dat betsjut dat yn it hiele boek Tiny Mulder sels oan it wurd is: it boek begjint mei ‘ (skrapke iepenje) en einigt mei ‘(skrapke slute.) De tekst is skreaun yn de ik-foarm, wêrtroch’t it boek hast in auto-biografysk karakter krijt. Dat hat as foardiel dat in ‘beppe fertelt’-sfear kreëard wurdt: jo sjogge Tiny Mulder al foar jo oer sitten, kopke tee of gleske wyn derby, oer froeger praten. In neidiel fan dy styl is dat der net in soad romte is om saken yn in wat algemienere kontekst te setten: it is it ferhaal fan Tiny Mulder en hoe’t sy tsjin de saken en de minsken yn har omjouwing oansjocht. Der is net in ‘alwittende biograaf’ dy’t Tiny Mulder har mieningen of observaasjes ôfset tsjin wat yn dy tiid gebrûklik wie.

Fierder wurde in soad nammen, titels fan tiidskriften en organisaasjes neamd sûnder dat dy yn in breder ramt set wurde of dat der ferteld wurdt wa of wat se krekt binne. Dat wie ek net nedich: biograaf en haadpersoan witte presys wêr’t it oer giet, De Vries hoegde as histoarikus, sjoernalist en bekend yn it Fryske wrâldsje dêr net op troch te freegjen. Minsken dy’t net sa goed thús binne yn it Fryske (literêre) wrâldsje of net safolle witte fan de (oarlochs)skiednis, soene de trie maklik kwytreitsje kinne. In foarbyld ta ferdúdliking:

‘[Hessel Miedema] syn gedicht De greate wrakseling fûn ik destiids machtich ynteressant, want dat wie echt wat nijs yn ferliking mei dy oare ‘quatrebras’ skriuwers.’ (side 166)

Ien dy’t net of yn ‘e fierte wit wa’t Hessel Miedema wie, de bestjutting fan it gedicht net kin en net wit wa’t de ‘quatrebras skriuwers’ binne, kin dêr net safolle mei. Ienige foarkennis is dus wol nedich by it lêzen fan dizze biografy. Wat Tiny Mulder dan it fernijende fynt oan it gedicht fan Miedema, wurdt men trouwens net gewaar.

Wat men wol gewaar wurdt, is dat Tiny Mulder in bysûndere, alsidige en ûndernimmende frou is. Ien dy’t har net dellei by it libben dat yn har tiid foar de measte troude froulju weilein wie. Se hold har eigen nammeoan, se wurke troch neidat se troud wie en bern hie en se reizge allinne nei Ingelân, Amearika en Kanada. Hoewol’t se harsels net sjocht as feministe, moat se dochs foar in soad froulju in foarbyld west ha. Sa’n soad foarbylden wienen der yn dy tiid net en it liket my dat dêr wol ferlet fan wie. De saken oars oanpakke as de generaasjes foar jo is moai, mar dan is it wol hannich om in idee te hawwen fan hoe’t dat dan kinne soe.

Har libben stiet, at jo de biografy trochnimme, yn it teken fan striid: striid tsjin de nazi’s yn de Twadde Wrâldoarloch, striid foar frouljusrjochten, striid foar de Fryske taal, striid tsjin ûnrjocht en misstannen yn it algemien. Tiny Mulder siket dêr net in djipfilosofyske reden achter: ‘Ach, dat diene je gewoan,’ ‘ik bin der tafallich yn rôle’ en ‘sa gie dat no ienkear.’ Se wol der ek net te lang by stilstean, jo moatte troch mei it libben en net hingjen bliuwe yn it ferline. Foar alles is in tiid, sille wy mar sizze.
Aardich is dat De Vries in oantal gedichten en artikelen opnaam hat. Net allinne krije je dêrtroch in byld fan har wurk, sa komme je ek te witten hoe’t de gedichten en artikelen ûntstien binne, wat de kontekst wie.

Sa kin de lêzer him yn earste ynstânsje miskien ôffreegje wêrom’t De Vries sa lang trochgiet op de fakânsjes dy’t Tiny Mulder en har man Jildert nei Grikelân, Itaalje en Noarwegen makke ha. Der binne net folle dingen ferfelender as in oar syn fakânsje oanhearre. Mar at je dan witte dat de gedichtesyklus ‘oh in stêd, ah in lân’ (dêr’t sy de Gysbert Japicxpriis foar krige hat) troch dy reizen ûntstien is, sjogge jo der mei hiele oare eagen nei. Troch har gedichten, romans en oersettingen is har sjoernalistyk wurk wat op de achtergrûn rekke. De Vries bringt dat wer werom, benammen har artikelen nei oanlieding fan har reis troch Amearika binne nijsgjirrich en – spitigernôch soenen je hast sizze – noch altyd aktueel:

Op het ogenblik zijn wantrouwen en vrees de leermeesters van de Amerikanen en deze leermeesters hebben nog nooit veel goeds onderwezen. (…) De anti-communistische propaganda maakt het Amerikaanse volk alleen rijp voor het ogenblik, dat de Amerikaanse regering een oorlog nodig zal achten. (side 101/102)

New York makket grutte yndruk op har, de stêd strielet in enerzjy út. Doe ‘t se folle letter werom gong, fernaam se dat wer:

Even fielde ik wer wat ik yn ’47 ek al meimakke hie doe’t ik yn dy ûnbidige stêd in dei of tsien omspaande. Yn de stêd sit in soarte fan elektryske stream dyst rûnom ûndergiest. Ek al bist der mar even: krigest direkt wat fan dy enoarme enerzjy mei dy’t ûnder de minsken libbet.(side 204)

Yn dat ferbân is it spitich dat oer de oanslaggen fan 11 septimber fierder neat sein wurdt as: ‘De útrikking fan de bondel, De wrâld yn bitterswiet, wie op 11 septimber 2001, oan de ein fan de middei. Pas nei it feestje hearde ik wat der even earder yn New York bard wie.’ (side 227) En dan giet it fierder oer har wurk. Dat soarte fan mominten sitte wol mear yn’e biografy: saken wurde even oanstipt en dan fladdert it flinterke fierder nei in oare blom, wylst je as lêzer tinke: hjir soe ik dochs wat mear fan witte wolle. It boek is dêrmei earder in portret as in biografy: wy sjogge tsjin de bûtenkant oan en fan de binnenkant witte wy likefolle at Tiny Mulder fertelle wol, geregeld moatte wy mei in heal wurd genoegen nimme. Sy fertelt wat se kwyt wol, mear net. En dat ûnderstreket dan wer dat sy is wa’t sy is: in frou dy’t har eigen gong giet en har troch net ien fertelle lit wat se dwaan moat.

Geart de Vries, Foar alles is in tiid. It libbensferhaal fan Tiny Mulder.
Ljouwert: Friese Pers Boekerij.
ISBN: 90 330 0575 1 / 978 90 330 0575 6.
Priis: 19,50

Wa’t Tiny Mulder hearre wol: www.omroep.nl/geschiedenis trochklikke nei OVT, argyf fan april iepenje: Spoor Terug Tiny Mulder dl1 en dl 2 (yn totaal in oere). Makke nei oanlieding fan it ferskinen fan de biografy.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op