Piter Boersma

Bennie Huisman yn ’e ban fan Eeltsje Halbertsma

logo.ensafh

Bennie Huisman hat in boek skreaun oer de njoggentjinde ieuske dichter-skriuwer en húsdokter Eeltsje Halbertsma, de dichter fan ûnder oaren it Frysk folksliet en guon fan de alderbekendste lietsjes út it Frysk Lieteboek, sa as ‘de Boalserter merke’, ‘Widzesankje’ , ‘Grouster weagen ‘, ‘It marke’ en ‘Skipperssankje. Hy wie ien fan ’e bruorren Halbertsma, de auteurs fan it ferneamde Rimen en Teltsjes. De Rimen en Teltsjes is in klassiker. De basis foar dat boek waard lein yn 1822 doe’t it lytse boekje De Lapekoer fan Gabe Skroar (goed 30 siden) ferskynde. It soe it begjin wurde fan de opkomst fan de Fryske literatuer. Utwreide printingen ferskynden yn 1829 en 1834, oant yn 1871 de Lapekoer en teksten út oare selsstannige publikaasjes en stikken út tydskriften yn it grutte sammelwurk Rimen en Teltsjes ferskynden. De oant no ta lêste werútjefte dêrfan kaam út yn 1993. Fan de trije bruorren Halbertsma, Joast, Tjalling en Eeltsje, levere de lêste fierwei it measte wurk.

Eeltsje & ik – reisferhalen is in meinimmend en flot skreaun boek. Men begjint deryn en men tinkt daliks, ja, dit boek lês ik út. Dat komt fansels mei fan it ûnderwerp, Eeltsje Halbertsma wie in nijsgjirrich, in bysûnder man en syn libbensrin yn in beskaat opsicht ek. In grut foardiel foar immen dy’t oer Eeltsje Halbertsma skriuwe wol is dat de Halbertsma’s drokke en geweldige brieveskriuwers wiene en dat in hiel grut part fan dy korrespondinsje bewarre bleaun is. Bennie Huisman hat der tankber gebrûk fan makke.

De titel en ûndertitel fan it boek ‘Eeltsje & ik’ en ‘reisferhalen’ binne ferrifeljend.
It boek giet oer Eeltsje en net ek oer Bennie Huisman. Ja, Bennie komt der yn foar, hy makket in ferliking tuken Eeltsje Halbertsma en himsels, hy fertelt dat er Eeltsje syn lietsjes thús learde, dat er se as sjonger en muzikant nei foaren bringt, dat er in teaterprogramma makke hat oer Eeltsje, dat der oerienkomsten tusken Eeltsje en him binne, dat er it boek skriuwe wol om’t dizze grutte njoggentjinde ieuske skriuwer net yn it ferjitboek reitsje mei ensafuorthinne. Mar hy komt winliken yn it boek foar as de makker fan in televyzjedokumentêre oer in histoarysk ûnderwerp, dy’t sels ek yn byld is, omrinnend op ’e plakken dêr’t him eartiids ôfspile wêr’t er it oer hat, sa as bygelyks Charles Groenhuizen yn ́’e dokumentêrerige ‘Verleden van Nederland’, dy’t koartlyn op ’e televyzje wie, en Simon Schama yn syn dokumentêres oer de Amerikaanske skiednis. Dat wie it earste dat by my opkaam doe’t ik in tal siden yn it boek lêzen hie. Dat ‘ík’ hie dêrom yn ’e titel better weilitten wurde kinnen. It is oars wol sa dat Huisman syn oanpak prima is. It is in moaie manier om mei de lêzer nei dat ferline werom te gean en der op te reflektearjen.
Dan de oantsjutting ‘reisferhalen’. It binne gjin reisferhalen. Ja, Bennie Huisman rint fan Jirnsum nei Grou (it berteplak fan de Halbertsma’s), it paad dat Eeltsje sa faak gien is en hy keppelet dy kuier oan Eeltsje syn lêste ‘reis’, as er as âldman fan ienensechstich deasiik fan syn kosthús yn Ljouwert nei Grou reizget om yn it hûs fan soan Hidde (dy’t him as dokter opfolge is) te stjerrren. En Bennie reizget nei Heidelberch, dêr’t Eeltsje in skoft studearre hat. En hy rint yn Grou om, dêr’t Eeltsje Halbertsma fan 1823 oant 1853 ta húsdokter west hat. En Bennie rint op in nacht fan Boalsert oer binnenpaden en binnendiken nei Snits, it paad dat Eeltsje faak gongen is. Yn Boalsert wenne syn skoanfamylje. En sa binne der noch wat útstapkes, mar dat leveret allegear gjin reisferhalen op.
De titel en ûndertitel ferwize winliken net nei it ûnderwerp fan it boek, mar nei de metoade dy’t Huisman hantearre hat.

It hat Bennie Huisman syn bedoeling net west om de lêzer nije aspekten fan it libben en skriuwerskip fan Eeltsje Halbertsma op te tsjinjen. Der is frijwat oer Eeltsje Halbertsma skreaun, sa as yn ynliedingen by de Rimen en Teltsjes, en Gerrit Dijkstra hat in dissertaasje oer him skreaun, Bydrage ta de kennis fan it libben, de persoan en it wurk fan Dr. Eeltsje Halbertsma (1946), en dy boarnen wurde troch Huisman kreas folge.

Ik wol noch op inkelde aspekten komme dy’t – nêst wat ik oer de titel en ûndertitel sein ha – yn myn eagen krityk fertsjinje.
De Halbertsma’s skriuwe har brieven eins allegear yn it Nederlânsk. Huisman hellet ien kear in brief oan – in brief fan Eeltsje oan syn frou – dy’t yn it Frysk skreaun is, mar dy ûndertekenet Eeltsje dan net, sa as syn Nederlânske brieven, mei syn eigen namme, mar mei ‘Gabe Skroar’. Huisman fersommet dan om te konstatearjen dat Gabe Skroar in figuer is dy’t hieltyd opfierd wurdt as de ferteller yn De lapekoer fan Gabe Skroar (letter de Rimen en Teltsjes).
In oar punt is dit. Op ’n stuit giet Eeltsje te kueren nei ‘Swol’ (Zwolle). Dy episoade wurdt yn it boek eins net goed ôfbreide. Soms binne inkelde sprongen yn ’e tiid nei foaren of nei achteren ek net altyd like handich. Benammen nei de ein ta freget men jin ôf wêrom’t guon saken dy’t dêr op it aljemint brocht wurde net neamd binne doe’t it dêr yn it boek ek al oer gong, foaral ek om’t men dan earder alris it gefoel hân hat – krekt as by de kuer-episoade – dat men net alles meikrige. It boek hie wat dat oangiet noch wol in kear trochnommen wurde mocht. Der sitte ek inkelde ûnnedige werhellings yn.
Huisman fertelt dat Eeltsje Halbertsma in foarleafde hie fan mâl en rûch praat. Men wol dat dan wolris hearre, mar hy jout der amper of gjin foarbylden fan.
As lêste it folgjende. Yn syn beskriuwing fan Eeltsje syn tritichjierrige perioade as dokter en troud man yn Grou komt it skriuwerskip fan Eeltsje oan ’e krapperein en dat wylst dochs yn dy jierren hast alles út de Rimen en Teltsjes skreaun wurdt. Dat komt om’t Huisman him foaral op it ûngelokkige houlik fan Eeltsje en syn Boukje rjochtet en dêrnêst op de swierte fan de dokterspraktyk, Eeltsje as smoute prater en kroechrinner en as in minske dy’t hinne en wer slingere wurdt tusken fleur en mankelikens. Dat stekt wat nuver ôf by it omtinken dat syn skriuwerskip krijt yn de beskriuwing fan de begjinjierren en syn lêste libbensfaze.

Mar dat nimt allegear net wei dat Bennie Huisman foar dit goed skreaune en nijsgjirrige boek in fear yn it gat fertsjinnet, en ek om’t foar in algemien publyk ornearre boeken oer Fryske literêre persoanlikheden amper skreaun wurde.

Bennie Huisman
Eeltsje & ik – reisferhalen
Venus, Frjentsjer 2008