Jan Kleefstra

Wiskunde

logo.ensafh

 

Trije stappen binne genôch ûntkomst der krekt de wiisheid mei de tizeboel fan har tekendrift knypst reafallich yn har swijen in stadich fers troch midden mei sied yn ‘e mûle besikest yn modder de berte fan in nij ferhaal te rispjen se hat allang it paad foar dy oanfage hoechst mar om har hals te krûpen dy yn har ûnwennigens del te jaan

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op