Edwin de Groot

Sinjalemint

logo.ensafh

Fan glês it brekken is de debútdichtbondel fan Elske Kampen.
Mei it gedicht ‘Altyd de loft’ wûn Elske Kampen de JM-priis en oan dat gedicht wie al te sjen hoe ryk har taal is. Lyksa oan de publikaasjes yn de bekende Frysktalige tydskriften en de Rely Jorritsma-prizen dy’t sy al wûn hat.
De poëzy fan Kampen sjongt. Op it omkaft wurdt de taal ‘in gefoelich ynstrumint fol meldijen’ neamd.
It ûntbrekt yn dizze muzyk lykwols net oan wurden dy’t men ek faak yn oare poëzy tsjinkomt en dan faak yn konstruksjes dy’t foar de lêzer absolút neat mear oerlitte. Dat alles op papier sein wurdt en klear. Wurden as: himel, skimerjûn, it ljocht, streakje, de wyn dy’t waait, binne sa wat foarbylden.
Kampen giet dizze wurden ek net út ’e wei, mar set der yn tsjinstelling ta krektneamde poëzy safolle tsjinoer dat it past en sels tige bysûndere gedichten opsmyt.
In gedicht as ‘It kantich blau’ is sa’n foarbyld:
Tusken de earste rigel: ‘Lit har dan no mar gean (…)’ oant it ‘myld novimbersljocht’ oan de ein passearje hûd, sêft en stil, swietrook en grize weagen, mar Kampen kompensearret dat ryklik mei har taalmacht en gefoel foar ritme en treft sa fûleinich de roas. De lêste strofe sjongt lang troch:

(…) Lit har dan no mar gean; de hjerstwyn
waait har mûle koel, de rôze jûnsloft
kin har net mear keare en yn ’e keamer
boartet ommers myld novimbersljocht.

De ik-foarm is yn dizze bondel yn ’e minderheid. Oft de dichteresse deselde persoan is as de sy, dy’t faker foarkomt, wit ik net. Oan ’e iene kant fiel ik troch de sy en de oare foarmen wat ôfstân, mar en oan ’e oare kant, kieze foar inkeld de ik-foarm smyt by oaren krekt wer wjerstân op mei útspraken as ‘wat in egodokumint’.
Hawar, it kin samar wêze dat de dichteresse krekt de bûgingsfoarmen dy’t wat mear by de ik weilizze, noadich hat en skriuw dizze gefoelige gedichten. Ut har taal sprekt nammentlik troch de hiele bondel in betochtsumens, in hoeden en mei ferdrach skriuwende persoan.
Kampen har poëzy bêdet oan ’e iene kant del, kalmearret en makket stil as ‘it neimiddeisljocht op snein’. Sy let en set de lêzer mei bylden as ‘bern mei ballonnen op ’e rêch’ as marionetten fan ‘ús leave Hear’, in hûd ‘glêd as it lear fan laam’ en eagen dy’t ‘as bange mûzen lâns de plinten’ sjitte. Mar, oan ’e oare kant, ek al set sy kalme, folle taal op tafel, net alles komt fuortdaliks op it kleed. Hast alle gedichten litte my achter mei in gefoel fan ‘folje it lêste sels mar yn’. Wat Kampen op tafel set binne gjin gerjochten, mar mear de yngrediïnten of it resept en meitsje dyn eigen iten mar. Dizze poëzy lit my romte. Set my oan it tinken.

Nim no de earste strofe fan it titelgedicht:

Fan de sjonger is sy it bern.
In skym mei dûbeld skaad en
griis flewielen earen. It ljocht
skynt altyd earne oars en siket
net it bern dat fan de sjonger is.(…)

Al is Kampen hjir frijwat streekrjocht, helder is dat it bern net it omtinken, de leafde krijt dy’t in bern hawwe moatte soe. Dochs smyt dat yn dit gedicht gjin emoasjes op as wraak of fertriet. Nee, ‘In tas fol leafdeslieten draacht it foar him mei’ is de lêste rigel. Sûnder in taal fol grutte wurden set Kampen in emoasje del dy’t ik faak op it lêst yn it gedicht pas gewaarwurd of pas even letter, nei it lêzen. It is as bemantelje de skientme en de ritmyk fan de taal de emoasje want dy kringt faak nei it lêzen pas troch.

Fan glês it brekken is in skot yn ’e roas. It lêzen is in geniet, mar wat de mearwearde is, is dat de measte gedichten nei it lêzen net ophâlde. Ek al azemet út dizze bondel in lykmoedigens, it is in sabeare lykmoedigens. In falkûle kin wêze dat ien yn ’e taalpracht hingjen bliuwt, mar as de lêzer wat war docht en begrûnje de gedichten wat mear, dan wurdt it lêzen in dûbel geniet.
Want ûnderhûds wennet yn dizze poëzy, yn al de gedichten ‘(…) de âld man / dy’t glimkjend nochris snaren spant en / himsels en syn fioele ta libben sjongt’.

Elske Kampen
Fan glês it brekken
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2010

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *