Rieuwert Krol

De regionale Australyske roman fan no

logo.ensafh

De nijste roman fan Tim Winton Breath is yn Nederlân al in moanne as acht yn oersetting as Adem yn ’e winkel te krijen. Yn Fremantle, it plak dêr’t Winton wennet en wurket, leinen grutte steapels mei syn hantekening foar 35 dollar (17 euro) yn ’e boekhannel. Winton is in wiere local hero. Hy hat in hiele rige boeken skreaun en begûn al frij fluch mei skriuwen fan romans en ferhalen dy’t goed ferkoften. Dat wie ek nedich want hy moast der fan libje.

Yn West-Australië is it plak dat regionale literatuer ynnimt yn it kulturele libben grutter as yn Fryslân. Yn de kasten Australian literature hawwe grutte boekhannels trije planken foar Tim Winton reservearre. Ferhalebondels, romans en in autobiografyske skets oer syn ferhâlding ta de kust (Land’s edge) binne yn grutte oantallen oanwêzich. Ek binne al syn wurken as harkboek te krijen.
Winton stiet net mear allinnich yn ’e kast mei West-Australyske literatuer; hy is in ynternasjonale bestseller en heart dêrom by de Australyske literatuer.
Yn ’e lokale Fremantle herald stie in foto fan in skilderij fan Tim Winton. De eksposysje fan in lokale artyst waard ferlingd om’t der safolle belangstelling foar wie.
Yn High street, de wichtichste winkelstrjitte fan Fremantle stean in tal peallen mei teksten fan wichtige skriuwers út Fremantle sa as Joan London en Xarvier Herbert. Ek Winton hat in peal. Dêr stiet in stik op út Cloudstreet, de roman dêr’t er ferneamd mei wurden is. Winton wurdt behannele as in held op in wize dêr’t de Fryske skriuwer allinnich mar fan dreame kin. Dat hat faaks te krijen mei de taal: Winton skriuwt tagelyk foar de regio en de wrâld, wylst dat yn Fryslân net kin.

Syn nijste roman Breath is in roman oer in man dy’t ambulânse rydt en weromtinkt oan syn jeugd en foaral oan syn hobby, it surfen. It plak fan it no, syn baan yn ’e ambulânse liket lykwols net mear as in oanlieding om it ferhaal fan doe te fertellen. Dat ferhaal is in trauma. En dat makket dat de oanlieding dochs wichtiger blykt te wêzen as dat men earst tinkt.

Breath is it ferhaal fan twa freonen dy’t har ferlieze yn har passy foar it surfen. Se sykje dêrby bewust it gefaar fan de oseaan op en komme sa faak foar weagen dy’t eins te heech binne. Op in dei moetsje se in âldere man dy’t mei syn frou yn in hûske oan it strân wennet. Dy man wurdt in soarte fan surfgoeroe foar harren. Hy surft al syn hiele libben en docht dat eins allinnich noch mar op plakken dêr’t nimmen oars it doart. Hy nimt de twa jonges mei nei plakken dêr’t men net rêstich mei jins plankje surfe kin.

Breath is eins in bildungsroman om’t it surfen foar de haadpersoanen net allinnich in hobby foar de sneon of snein is, mar in wize fan libjen. As bildungsroman giet it oer de striid dy’t yn Nederlân troch Nescio beskreaun is yn syn ferhalen De uitvreter, De Titaantjes en Dichtertje, nammentlik de striid tusken boarger en keunstner. De haadpersoan sjocht himsels as in keunstner as er surft oer weagen dy’t him mei ien swolch deameitsje kinne. De eangst foar de dea is by him folle lytser as de eangst foar in ‘normaal’ libben sa as syn âlden, want dat griist him oan. As er syn freon foar it earst moetet begjinne se fuort mei it spultsje om sa lang as mar mooglik de azem yn te hâlden, mar dan ûnder wetter.

De literatuer fan West-Australië is in regionale literatuer. It promininte plak dat de natuer yn syn romans ynnimt, makket Winton faaks wol ta in soarte fan boereromanskriuwer. Yn earste ynstânsje liket it der net op, mar wat ûnderskiedt de boereroman no eins fan ditsoarte ferhalen? Sa as Riemersma yn in stik oer de boereroman foar Tekst en Utliz sjen litten hat, is net it boerebedriuw beskiedend mar de klisjeemjittige tsjinstelling tusken goed en kwea en de dêrmei ferbûne simpele psychology. Dus de boereroman is noch sa libben as mar kin, allinnich nimmen hat it troch. (It kin fansels ek dat de teory fan Riemersma op ’en nij besjoen wurde moat.) Psychologysk fûn ik de roman fan Winton net botte oertsjûgend en it kwea is dúdlik lokalisearre yn minsken dy’t út Amearika komme om te surfen yn Australië. Miskien wurde dizze soarte (boereromans) fan ferhalen dus noch wol skreaun, mar is it út literêr ekonomysk stânpunt wei net handich om de oerienkomsten tusken dizze o sa ferskillende literêre produkten te besjen en ûnder ien wurd te beflappen.

Mar doe lies ik Mind the country. Tim Winton’s fiction skreaun troch Salhia Ben-Messahel. Dat is in stúdzje út 2006 oer it wurk fan Tim Winton. It lêste haadstik giet oer it regionalisme yn de West-Australyske literatuer. Dêr stean in stik of wat opmerkings yn dy’t dúdlik meitsje dat der ek regionale romans bestean dy’t hiel oars wurdearre wurde as de Nederlânske of Ingelske regionale romans. It docht bliken dat de negative konnotaasje (âldfrinzich en dus net modern) yn Australië eins net bestiet. It plak dêr’t de skriuwer wei komt en dêr’t syn ferhalen har ôfspylje is by de regionale skriuwer fansels wichtiger as by de net-regionale skriuwer. De natuer fan dat plak wurdt hast in subjekt yn plak fan objekt. Dat hoecht op himsels natuerlik gjin minne literatuer te wêzen. Hast minne en goede boereromans. Sa besjoen hast eins net in protte oan teoryen dy’t in hiel sjenre beskriuwe wolle.
In regionale literatuer lit graach sjen dat de omjouwing de muoite wurdich is. De natuer hoecht net moai te wêzen sa as in fakânsjepark, mar de natuer moat wat gruts hawwe. Yn Fremantle is dat de see, yn Fryslân is dat it gea. In bildungsroman fan in ferneamde skriuwer kin út in regionale literatuer weikomme en der eins noch yn bewoartele wêze. Soe dat hjir ek kinne? Mar faaks is bygelyks De Fûke fan Rink van der Velde wol sa’n boek. It is al yn it Nederlânsk, Oekraynsk en Ingelsk ferskynd.