Jabik Veenbaas

Iepenbiering

logo.ensafh

ik, de sultansinne, de alnimmende, de
ierdeomfiemer

kaam swierlivich del fan myn djipblauwe treppen
skopte de hite dunen út myn skoech en
switte de see. op myn hongerich befel
riisden út it wiet de wrinzgjende froulju
sloegen wyld mei de sturt en lieten har

falle: it wie in bleate
bea fan billen dy’t him begearich
nei my takearde: lea! lea!

ik, de sultansinne, de seeswittende, ik
hillige har loai mei myn hinglippen
en fear wolkeleas op

och hoe leaf it hier fan lytse berntsjes
as helmgers groeide

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *