Ane Bote Jukema

In sintsje

logo.ensafh

 

It wie in sombere dei yn Boalsert, griis en wiet en kâld, wylst it stedsje ornaris al sa treasteleas is yn de hjerst. Lokkich seach ik Beitske, we fytsten elkoar foarby op de Blaupoartsbrêge en groeten elkoar. Se striele doe’t se my seach, stiek de hân op en rôp myn namme, as wie ik har leafste. Dat makke myn dei wer goed.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op