Jelma Knol

Tear en sear, de gedichten fan Irene Bal

logo.ensafh

De genade van een krimpende geest/De genede fan in krimpende geast, hyt de twatalige debútbondel fan Irene Bal, dy’t prachtich fersoarge útjûn is, mei foto’s fan Ronald Arthur van Schaik by elk gedicht. Stichting Uitgeverij Philip Elchers út Grins is de útjouwer.
Fansels bin ik de lêste dy’t dizze bondel resinsearje moat, want ik haw in saaklike relaasje mei frou Bal: se hat twa berneboeken útjûn by de Friese Pers Boekerij. Mar wat goed is moat sinjalearre wurde: sjoch dit stikje dan mar as in net al te objektive foarm fan konsumintefoarljochting.

De titel(s) fan de bondel fan Bal (tenei neam ik yn dit besprek allinne de Fryske titel fan in fers en de side) is/binne fuortdaliks al moai dûbelsinnich. De titel kin sawol aktyf as passyf ynterpretearre wurde. Myn earste assosjaasje wie foar de hân lizzend – miskien omdat ik der sa faak oan tink – Alzheimer. Wat is in gaadliker omskriuwing foar Alzheimer as ‘in krimpende geast’? En wa wit is dy ferwoastgjende harsensykte yndied op in stuit wol in steat fan genede, al haw ik dêr persoanlik myn twifels oer. Mar ‘in krimpende geast’ soe ek genede jaan kinne. En soe in metafoar wêze kinne foar God yn in wrâld mei hieltyd minder leauwigen (Allah ken gjin genede, oer him haw ik it net) of … betink mar wat. Oare metafoaren lizze foar de hân, mar elke lêzer fan dizze bondel moat der sels mar mei oan de slach.

Irene Bal seit yn har foaropwurd ‘Fergees’ inkelde aardige dingen oer it wêrom fan de twatalichheid fan har poëzy. Se hat har fersen earst yn it Nederlânsk skreaun en letter oerset.
Se fettet har yntinsje sa gear: “Maar als ik het in een zin moet zeggen, eigenlijk is de tweetaligheid van deze bundel niets meer dan een liefdesverklaring aan het Fries. Een fergeze liefde, omdat ze er niets voor terugvraagt.”
De fersen yn dizze bondel geane op it earste gesicht oer in leafdesrelaasje dy’t fol passy is, in leafde dy’t tagelyk tear én sear is. De hichtepunten wurde beskreaun, yn sabeare ‘gewoane’ taal, lykas de dichteres sels seit, mar ek de teloargong fan dy leafde.
Yn ien fan de earste gedichten ‘By ús op tafel’ (s. 9) resonearret fuortdaliks al ien fan de grutste monuminten yn de Fryske dichtkeunst nei, ‘De sitadel’ fan Douwe A. Tamminga. De ferheven en romantyske wurdkar fan Tamminga kontrastearret flink mei de sobere taal fan Irene Bal, mar it effekt is der net minder om. Ynstee fan it ‘yngoe drinken’ yn ‘de glêzen fan gemiensumheid’ wurdt hjir praat oer:

By ús op tafel stiet allinnich
Iten dat wy mei fingers krije.
In glês dat, earst sûkerskjin no fettich,

Nei dyn lippen wol,
Glidet
En op tafel kletst. (By ús op tafel, s. 9)

Yn tsjinstelling ta ‘De sitadel’ is dit fers gjin boarch tsjin de dea of de wrâld bûten, mar slûpt it bedjer daliks al de leafdesferhâlding yn, dy’t fol destruktive eleminten sit:

Hindert neat; dyn hân, no frij,
rekt myn mûle, omklammet wang en sliep.
Lûkt my de holle achteroer

en fuorret my.

Wat’st sjochst wit ik net
mar wat ik yt, wat ik yt. (s. 9)

In suver klaustrofobyske leafdesrelaasje tusken twa minsken wurdt yn dizze bondel ôfwiksele mei beskriuwingen fan de heftige rauwe natoer. De wrâld fan de wrede klaai, de kwelder, de rein en de see, de wrâld ek fan it ferfal: de âlde spoarbrêge, de hongerpôle, de dea: dat alles is it dekôr yn dizze bondel. Bal sketst gjin glamourwrâld en de yndrukwekkende foto’s fan Van Schaik passe dêr moai by, sûnder dat der praat wurde kin fan in ien op ien-relaasje tusken de gedichten en de foto’s op de lofterside. It fotomateriaal, dat ik inkelde kearen apart fan de gedichten, as trochrinnend ferhaal besjoen haw, foarmet in gedicht op himsels. De kombinaasje fan byld en wurd troch de hiele bondel hinne wurket sfearferheegjend.
De bondel is mei soarch opboud. Allerhanne tema’s dy’t in rol spylje yn de ferhâlding tusken de twa minners komme hieltyd op subtile wize werom: bygelyks de funksje fan de taal en de wurden, it wetter.
Op side 27 en 29 steane twa eksplisyt eroatyske fersen:

De spoarbrêge

Dyn hannen bringe my boppe.
Op it heechste punt
Sjoch ik om my hinne.

De greiden poezieprintsjegrien,
It wetter ronfelleas.
De sinne yn blauwe loft
Sakket wûndere gewoan
Yn ’e feart.

Alles liket yn oarder
Op ’e spoarbrêge dy’t
Stikken en wol,
De iggen net ferbynt. (s. 27)

Yn ‘Sêde klaai’ (s. 29) wurdt yn wat klisjeemjittiger bylden itselde beskreaun, mar ek hjir hearsket in yn wêzen pessimistyske ûndertoan: op it hichtepunt binne jo miskien ek wol it meast iensum en it minst ferbûn mei jo minner.
Op side 39 kundiget him yn ‘Winter’ it kearpunt yn de leafdesrelaasje oan. Yn bylden dy’t mei oan de dea ûntliend binne wurdt it fuortranen fan de leafde beskreaun.

Oan de ein fan de bondel (s. 73) komt Bal werom by de titel fan de bondel:

Doe waardst in âlde frou, dyn geast begûn te krimpen.
Inkeld noch leech tij yn ’e holle. Dyn oesters foelen droech.
Yn dy toskeleaze skimer, in libben fan kofje mei appeltaart,

In tút, in aai troch it tinne hier, kamen wy ien foar ien del,
Gjin bangens hold ús tsjin, nei de floedline en fier dêr oerhinne,
Dêr’t wy fernuvere leafde fûnen om oan dy en ússels te jaan.

De dûbelsinnigens bliuwt. En dat is wol sa moai.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op