Hedwig Terpstra

Albertina Soepboer: ‘Poëzij kinst ûndergean, dat hoechst net út te plúzjen.’

logo.ensafh

Albertina Soepboer (1969) is berne yn Holwert en hat Romaanske Talen en Kultueren en Fryske Taal en Letterkunde studearre yn Grins. Se hat oant no ta tsien dichtbondels op har namme stean en se skriuwt ek toaniel en proaza. Se krige yn 1996, 1997 en 1998 de Rely Jorritsma-priis foar har gedichten en yn 2003 foar in koart ferhaal. Yn novimber is har nijste, twatalige dichtbondel ‘de trektocht’ ferskynd by útjouwerij Contact. Ik sykje har op yn Harns, dêr’t se mei har soantsje Aarne (berne 23 april 2010) wennet.

Dyn bondel ‘de trektocht’ giet oer de flecht fan in fûgel op trochreis en begjint en einiget op it Waad. Giet it oer dysels en dyn eigen reizen?
Albertina: ‘Yn de bondel komme dingen foar dy’t oan myn eigen libben reitsje. It idee fan de fûgel op trektocht is lykwols breder as myn libben. Guon saken dy’t ik beskriuw binne werkenber, mar it spilet him wol ôf yn in oare werklikheid en net yn myn eigen realiteit om it sa mar ris te sizzen. Sa giet der in gedichtesyklus oer Avalon, in mytysk lân. Sonnetten hawwe wat mysterieus fyn ik. It binne twa kear fjouwer en dan twa kear trije rigels en dan ferwachtest eins noch wat mei twa rigels en dan as ôfsluting ien rigel, mar dat bart dus net yn it sonnet. Wylst ik oan it skriuwen wie krige ik it gefoel dat it de goede kant op gong. Dizze bondel is my hiel dierber, foaral ek omdat der in dúdlike gearhing is tusken de fersen en it foar myn gefoel sa kloppet. In part fan de gedichten ha ik yn it Frysk skreaun en in part yn it Nederlânsk. Fan de Fryske gedichten ha ik letter de Nederlânske oersettings makke dy’t ek yn ‘de trektocht’ opnaam binne.’

Foar it skriuwen fan dizze bondel hast nei it Nederlânsk Ynstitút yn Rome west. Wat hast dêr dien en hoe lang hast dêr west?
‘Ik ha in pear kear yn Rome west. De earste kear dat ik der wie ha ik by tafal it Nederlânsk Ynstitút ûntdutsen. Ik rekke doe mei in Amerikaan oan ’e praat. Ik wie op syk nei it Etruskenmuseum en ik rûn in stikje mei him op. Wy kamen foarby it Nederlânsk Ynstitút dêr’t de Amerikaan ûndersyk die en ik fûn dat in hiel moai plak. Letter hie ik it der mei myn Amsterdamske útjouster oer en sy koe dêr wol minsken. Se hat doe foar my regele dat ik dêr in skoft ferbliuwe koe. Ik ha der in pear kear west, ek om oan dizze bondel te wurkjen. Yn de buert fan it ynstitút binne ferskate musea. Sa koe ik my ‘yndrinke’ mei allegear soarten keunst en dat hat my in soad enerzjy jûn.’

Mei Nynke Laverman hast yn 2005 nei Meksiko west, op syk nei de maisfrou, de archetypyske oerfrou. Wa is de maisfrou en ha jim har fûn?
‘Ja, yn Meksiko City ha we it oerbyld sjoen fan in maisferkeapster. Se siet op strjitte, op bleate fuotten mei Yndiaaske klean oan. Froulju moatte dêr hiel sterk wêze. Faak wurde se sitte litten mei de bern en moatte se har mar rêde. Yn it noarden fan Meksiko wurdt in soad misbrûk makke fan allinnichsteande froulju. De froulju wurkje foar hast gjin sinten yn grutte fabriken dy’t de Amerikanen dêr boud hawwe. It is in foarm fan modern kolonialisme. We hawwe in moanne yn Meksiko City west. It is in hiele rûge stêd. De drugsoarloch wie doe noch net begûn, mar no binne der as gefolch dêrfan al mear as 30.000 deaden fallen yn in pear jier tiid.’

It lânskip en dyn passy foar reizgjen binne wichtige tema’s yn dyn gedichten. Yn hokker lannen hast noch mear west?
‘Yn it earste diel fan de bondel kinst myn reizen nei Rome en Bali weromfine, dêr’t ik op in poëzijfestival bedarre. Fierder ha ik in pear wike mei in rêchsek op troch it suden fan Ingelân reizge. It ferhaal giet dat it mytyske Avalon dêr oait lein hat… Foar it twadde diel ha ik nei Laplân west. It like my wol moai om derhinne en ik ha mar gewoan in fleantúch en in keamer boekt op it momint dat ik de tiid en it jild derfoar hie. Ik siet yn Tromsø yn ’e bergen yn it noarden fan Noarwegen. Dat wie yn ’e simmer en ik fûn it lânskip hiel moai en wiid. Ik bin der twa wike bleaun, soe eins langer, mar bin earder nei hûs ta gien omdat ik siik waard. Ik hie koarts en dat hie mooglik ek te krijen mei it klimaatferskil, want it wie dêr seis, sân graden. Eins ha ik noch net alles sjoen wat ik graach sjen woe, dus ik wol der graach noch in kear hinne. Ik reizgje it leafst allinnich. Underweis skriuw ik in soad, in soad dingen soe ik hjir net betinke kinne.’

It ferhaal ‘De Partisaan’ hat yn novimber de tredde priis wûn yn de Rink van der Velde fjildferhalewedstriid. Wat kinst fertelle oer it ferhaal?
Albertina: ‘It giet oer in momintopname tusken twa minsken, dy’t belutsen binne yn in striid. Oan ’e ein falt in skot en dan wytst net wa’t rekke is. Ik ha it ferhaal skreaun nei oanlieding fan de fjildferhalewedstriid. It gie om ultrakoarte ferhalen fan mar 750 wurden. Ik fûn it wol in hiele útdaging om sa’n koart ferhaal te skriuwen. It tema fan it fjild en jeien is wol frij breed, kinst der in soad kanten mei op. Rink van de Velde skreau foaral oer minsken dy’t wrakselje mei morele dilemma’s en dat gegeven ha ik brûkt by it skriuwen fan dit ferhaal.’

Do skriuwst ek toanielstikken. ‘Oan de oare kant fan dit libben’ is dyn lêste toanielstik. Wat kinst dêroer fertelle?
‘Dat stik is ôfrûne hjerst spile troch toanielgroep Sater op ferskate plakken yn de provinsje. Ik ha oant no ta acht stikken foar bern en jongeren skreaun. Dit wie myn earste lange toanielstik foar folwoeksenen. It is in stik foar fjouwer spilers en ik ha sels ek de muzykteksten skreaun. ‘Oan de oare kant fan dit libben’ giet oer wat der mei dy bart ast te hearren krijst datst boarstkanker hast. It giet net oer deagean, mar oer it libben libje. Ik wie hiel benijd nei de reaksjes fan it publyk en dy wienen hiel ferskillend.’

Wannear en hoe bist mei it skriuwen begûn? Wie dat yn it Frysk?
‘Sa lang at ik my herinnerje kin skriuw ik al. Earst skreau ik ferhalen en doe’t ik in jier as tolve wie begûn ik mei dichtsjen. Earst hold ik de gedichten foar mysels, mar op myn fyftjinde kaam ik yn de redaksje fan de skoalkrante en publisearre ik dêryn foar it earst myn gedichten. Dat wie op it Oostergo College yn Dokkum. Ik krige dêr hiele leuke reaksjes op. Op myn 25e ha ik myn earste manuskript nei útjouwerij Frysk en Frij stjoerd. Doe’t myn earste boek ‘Gearslach’ út wie stie ynienen útjouwer Prometheus út Amsterdam by my op ’e stoepe. Se woenen graach in Nederlânsktalich boek fan my útjaan. Dat is in bewurking wurden fan myn earste twa Fryske bondels. Ik skreau doe wol al yn it Nederlânsk. Eins ha ik altyd yn twa talen skreaun, ek yn de skoalkrante.’

Hoe sjochsto de takomst fan de Fryske taal en literatuer?
‘Brûkst de taal omdatst wat fertelle wolst en sa kinst de taal libben hâlde. At it ûnderwiis yn in taal goed is, dan rêdt in taal him wol. Dêrom bin ik ek foar meartalige skoallen yn Fryslân. Dat is dé manier om it Frysk fitaal te hâlden en te soargjen dat bern lytse wrâldboargers wurde. De skriuwer Waling Dykstra foarspelde yn de njoggentjinde ieu al dat it Frysk ferdwine soe. We moatte lykwols net doemtinke, want dat is hielendal net goed. Ik tink wol dat de Fryske literatuer in takomst hat, mar dan moatst der wol yn leauwe. No’t der besunige wurdt giet dat op kosten fan de Fryske literatuer. In soad biblioteken moatte slute omdat der te min jild is. Minsken wolle miskien wol Fryske boeken lêze, mar kinne dy net maklik mear krije. De provinsje moat skerpere prioriteiten stelle, fyn ik, en ynsette op goed ûnderwiis op meartalige skoallen en it iepenhâlden fan safolle mooglik biblioteken. Ik organisearje al in tal jierren mei oaren in meartalige dichtersjûn mei film en muzyk hjir yn Harns. Wy dogge dat yn gearwurking mei hotel ’t Heerenlogement. De drompel is leech en it is fergees. Sokke aktiviteiten moatte wol bestean bliuwe, wolst minsken noch yn kontakt bringe mei de Fryske literatuer.’

Wat foar boeken lêst sels en wa binne dyn favorite keunstners?
Albertina: ‘Ik lês eins alles troch inoar hinne, dat giet fan literatuer en poëzij oant mearkes en stripferhalen. Fierder ha ik in passy foar mytologyske ferhalen as dy yn de bibel, de edda, de koran en de odyssee. Ik ha ek in swak foar Latynsk-Amerikaanske literatuer. In protte skriuwers dêr beskriuwe de realiteit as in magysk ding. Dat sprekt my oan. Us kultuer is dochs mear ynsteld op analyze. Poëzij kinst ûndergean, dat hoechst net út te plúzjen. Wat byldzjende keunst oanbelanget: op myn sechtjinde seach ik foar it earst de keunst dy’t yn Itaalje yn de renêssanse makke waard. Dat fyn ik noch altyd prachtich. Dat is wol sa fitaal. En ik bin ynteressearre yn saneamde folkskeunst lykas de Azteken yn Meksiko makken. Har ôfbyldings fan goaden en bisten sprekke my altyd wer oan. Keunst docht wat mei je of net, ik ha dêr net hiel útsprutsen ideeën oer. Ik skilderje sels ek, ha in atelier yn Grins dat ik diel mei Matty de Vries. Ik skilderje bygelyks lânskippen en fûgels en myn keunst sit wat tusken realiteit en dream yn.’

Do hast njonken Frysk ek Romaanske talen studearre. Skriuwst noch yn dy talen?
‘Ik skriuw net in soad mear yn it Spaansk. Doe’t ik noch studearre skreau ik wol papers yn it Spaansk. It lêzen giet wol flot, mar it skriuwen ha ik net goed ûnderholden en dat jildt foar alle Romaanske talen. Op myn 16e ha ik nei Florence west en doe bin ik fereale rekke op it Italjaansk. Alle Romaanske talen binne sa puer en enerzjyk. Hjir yn it Noarden binne we folle mear nei binnen keard, yn dy súdlike lannen libje se mear op strjitte, der bart altyd wol wat. Ik ha dêrnei besletten om Romaanske talen te studearjen. Dy stúdzje ha ik lykwols net ôfmakke. Troch persoanlike omstannichheden bin ik even opholden mei studearjen. Letter ha ik de trie wer oppakt mei myn stúdzje Frysk, dêr’t ik op advys fan in learares mei begûn bin. Ik ha de frije doktoraal helle, dus bin úteinliks dochs noch ôfstudearre.’

Yn hoefier hat it mem-wêzen ynfloed op dyn skriuwen?
‘Ik bin no folle produktiver. Dingen moatte op tiid klear, dus ik poatsje mear oan. Myn libben is wol folle oersichtliker wurden no’t Aarne der is. Ik fyn ek net dat it inoar byt. Mar in soad dingen kinst no net sa maklik mear dwaan, lykas reizgje. Ik fyn it hiel noflik om no yn Harns te wenjen, nei jierren yn Grins. Myn atelier ha ik wol yn Grins hâlden, mar ik woe net mear sân dagen yn de wike yn de hektyk sitte. Ik fyn it fijn om no ticht by de see te wenjen. Dat jout ek rêst.’

Wat binne dyn plannen op koarte termyn, winsken en ambysjes?
‘Ik wurkje op dit momint oan in roman. Doe’t ik swanger wie, wie ik der al mei dwaande, mar ik ha it skriuwen even ûnderbrutsen doe’t myn soan berne is. Ik meitsje it no ôf en bin der al hast mei klear. Ik bin de ynlieding oan it skriuwen by de sammele fersen fan Rixt (1887-1979). En ik bin noch dwaande mei in tal losse projekten. Ik ha gjin grutte ambysjes, leuke dingen komme fansels wol op myn paad. Ik bin in lokkich minsk.’

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op