Cornelis van der Wal

Ivoaren toer yn it meanfjild

logo.ensafh

It is in diskusje dy’t allegeduerigen weromkomt: moat in aspirant dichter earst de skiednis en de technyk fan de dichtkeunst bestudearje, foar’t er sels de guozzefear of laptop brûkt foar syn poëtyske uteringen?
Yn de skilderkeunst, de musikology en de arsjitektuer is sa’n stúdzje fanselssprekkend en yn it ferline wie soks foar it dichtsjen ek de gewoanste saak fan de wrâld. Yn de jierren sechtich fan de foarige ieu is it oansjen fan de poëzij lykwols folslein ferpest troch de demokratisearringsbeweging. Hiel goed oars, dat dy beweging bestien hat wat de politike- en arbeidsferhâldingen oanbelanget. Mar keunst is net demokratysk.

Ik behein my mar efkes ta de Hollânske en Fryske literatuerskiednis. By de Hollanners wie it bygelyks Cees Buddingh, mei syn gedicht oer in potsje Marmite en yn Fryslân hiene wy ferljochte geasten as Meindert Bylsma en konsorten mei harren projekt Broadtsje heal-om, dy’t de dichtkeunst popularisearje woene. De mentaliteit wie: doch mar gewoan, dan dogge jo al gek genôch. It wie yn feite sa boargerlik as ’t mar kin: alle poëzij dy’t wat ferhevenens yn har hie wie fertocht. De dichter mocht him foaral net méár fiele as in gewoan minsk, net boppe it meanfjild útstekke. Syn ivoaren toer waard sloopt troch dizze sabeare fernijers, keunst waard kealslach.

Dizze, yn feite keunstfijannige beweging hat laat ta de gedachte: in gedicht skriuwe, dat kin elkenien wol! Mei fan gefolgen dat de jongerein fan hjoed-de-dei hast gjin poëzij út it ferline mear lêst en bestudearret en allegeduerigen it poëtyske tsjil wer opnij mient út te finen. Ek de figuer fan de dichter hat troch dizze taalfer(f)lakkers al syn boppe-ierdske glâns ferlern, en dat muoit my persoanlik tige.

No is dit aldergeloks in kollum, en gjin wittenskiplik artikel, gjin essay. Lekker maklik, no hoech ik gjin bewizen te leverjen. Mar dat wol net sizze dat ik gjin gelyk haw! Ommers, wat is der no einlings mis mei in ivoaren toer? Ik sil ris neifreegje hoe’t dat sit mei dy boufergunningen tsjintwurdich.

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
josse de haan Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
josse de haan
Gast
josse de haan

Yn oktober 1968 ferskynde de bondel ‘Broadtsje Healom/Broodje Halfom’, skreaun troch Meindert Bylsma, Josse de Haan, R.R. van der Leest, Pier van Dijk en Remco Heite – de helte Frysk en de helte Nederlânsk. ‘Operaesje Fers’, de dichterstelefoan hie de organisaasje. Op it boekebal yn Drachten dat jier waarden 134 eks ferkocht, in wike letter yn Ljouwert op ‘e Piip in 150 eks. In Amsterdamske boekhannel op it Spui hie 25 nommen, sadat yn ien wike in lytse 300 fuort wiene. De oplage wie 400 – de restearjende 100 fûnen dat jier noch in keaper. ‘Ferljochte geasten’ mei ferljochte poëzy… Lees verder »