Eric Hoekstra

Stjerrende bison, libjende kennis

logo.ensafh

Willem Winters hellet yn syn nijsgjirrige kollum “De bisonbolle” de kritikus Herman Hana oan. Yn in boekje oer keunst (1936) skriuwt Hana oer de prehistoaryske minske dy’t grotskilderingen makke:
‘menschen die veel van dieren hadden, niet rechtop konden lopen, niet konden spreken, althans niet met woorden en hun jagersbedrijf met uiterst primitieve steenen wapenen beoefenden.’

Tanksy de koalstofdatearringsmetoade (C14) witte wy dat de âldste grotskilderingen en de âlde byldsjes op ‘en heechst 40,000 jier âld binne. Se binne makke troch de Cro Magnon minske, dy’t genetysk besjoen net fan ús ferskilt. Wy kinne rjochtop rinne, en neffens paleologen koe de Cro-Magnon ek rjochtop rinne. Leau my net en sykje mar efkes mei Google op “Cro-Magnon rechtop”. Op de âldste ôfbyldingen fan de minske rint er of stiet er ek altyd rjochtop.

Op ‘e âldste byldsjes en ôfbyldingen fan ‘e minske binne oars gjin manlju te sjen, mar froulju. Se sille dus wol troch manlju makke wêze! Oars wiene der wol bern ôfbylde!

En dan ta de taal! Cro magnons koene ek al sprekke en foar safier wy witte, diene se dat ek. Taal is sa sterk ferankere yn de minsklike genen, dat bern fan slaven, dy’t foar wyld opgroeiden, sels nije talen útfûnen: de saneamde creooltalen. Leau my net en sykje mar efkes mei Google op “creooltalen kinderen” of “Derek Bickerton”. Dat it is wol wis dat dy prehistoaryske skilders en byldemakkers prate koene. Wat se nei alle gedachten net koene wie skriuwe.

Yn 1936, doe’t Hana syn boekje útkaam, wie de datearring fan âlde dingen mei de koalstofmetoade (C14) noch net bekend. Dat sil de reden wêze dat Hana syn opmerkingen makke, dy’t op grûn fan ús hjoeddeiske kennis ynkorrekt neamd wurde moatte.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op