Nyk de Vries

Motorman & 39 oare proazagedichten | 1

logo.ensafh

1. BELGIE

Mei in protte bravoer ferliet ik famylje en kunde om it hielendal te meitsjen yn België, tegearre mei myn leave Wendelien. Dat foel earlik sein wat ôf en fluch ferlear ús leafde al har glâns. Op it lêst kamen we telâne op in kartonfabryk dêr’t ús sjef it dúdlik foarsjoen hie op myn Wendelien. Ik wie net mear mysels dêr yn België en ûnder it skoftsjen sloech ik him bonkehurd mei in gripe op ’e rêch. Sommige kollega’s kamen letter nei my ta en seinen: ‘Dy gripe hie dêr ek hielendal net stean mocht.’

(Foarpublikaasje 1 fan 3, út de bondel dy’t útkomme sil op 26 augustus 2007 op de Dag van de Uitmarkt, yn Paradiso, Amsterdam.)

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op