Cornelis van der Wal

Maartje en Arabella

logo.ensafh

Ik bin in grut leafhawwer fan klassike muzyk, dêr meitsje ik gjin geheim fan, al is it fansels, krektlyk as de Fryske taal, net cool. Ik haw dus in dûbele handikap. No hat ús lân, wat de publike omrop oanbelanget, al sûnt 1975 in klassike stjoerder: Radio 4, it eardere Hilversum 4. Ik mocht der altyd graach oer. Sûnt in jiermannich wurdt it beharkjen fan dizze stjoerder my hieltyd dreger makke, en dat komt troch wat ik graach mei in slim, bûtenlânsk wurd Verblödung neam: jo moatte foaral net te djip dolle. Dat hâldt dus yn: gjin komplete stikken mear draaie, flauwe radiospultsjes en, ik doar it hast net op te skriuwen: Maartje van Weegen. Wa’t op it idee kommen is om dizze eardere ‘ekspert op it mêd fan it Keninklik Hûs’ by de klassike stjoerder te parkearjen… It sille de harksifers west hawwe, dy wiene tink te leech. In bekende namme docht dan fertuten, sa mienden se faaks. Mar no binne se ynstee dêrfan in bekende namme kwyt, dy fan my dus. Frou Van Weegen wit hielendal neat fan klassike muzyk, se lêst foar wat op har papierke stiet. It keakelet mar troch, twa oeren lang.

Bin ik no faaks in âld sek dy’t mient dat alles eartiids better wie? Of haw ik wat op froulju tsjin dy’t by de radio wurkje? Ik tocht fan net. Want wy binne net mear fan útstjoeringen troch de eter ôfhinklik, it fenomeen ynternetradio hat de lêste jierren in hege flecht nommen. Alle muzikale sjenres, jo kinne it sa mâl net betinke, binne foar elkenien beskikber. Ien fan myn favorite stjoerder is it swier katolike Radio Stephansdom út Wenen, en dan benammen it nachtprogramma. Want in pear kear yn ‘e wike is dêr it prachtich lûd fan Arabella Fenyves te belústerjen. In kreas frommeske mei ferstân fan saken, in jazz-sjongeres fan kwizekwânsje. Maartje is dêrby fergelike in piipjend grys mûske.

Wat my al wat fan Arabella ôffalt: se wol gjin freondinne fan my wurde op Facebook. Hat se dan nea fan dizze ferneamde Fryske dichter heard? Of hat se leaver Abe de Vries? Tsead Bruinja? Jacobus Q Smink? It sil dochs net?

1
Reageer op dit artikel

avatar
1 Comment threads
0 Thread replies
0 Followers
 
Most reacted comment
Hottest comment thread
1 Comment authors
Dinie Recent comment authors
  Subscribe  
Abonneren op
Dinie
Gast

Arabella is yndied tige kreas en hat in prachtige stim. Mar se mist yts wat ik wol ha: Knilles op facebook!