Hedwig Terpstra

Elmar Kuiper: ‘Ik wol graach wat meitsje dat bliuwt en de wrâld oergiet.’

logo.ensafh

Elmar Kuiper (1969) is dichter, filmmakker, byldzjend keunstner en psychiatrysk ferpleechkundige. Syn nijste Frysktalige dichtbondel ‘Granytglimkes’ is krekt ferskynd by útjouwerij Bornmeer. In goede reden om him op te sykjen yn Húns, dêr’t er wennet mei freondinne Saskia en harren fjouwer bern.

Wat kinst kwyt oer dyn nije bondel?
Elmar: ‘Mei dizze poëzy stean ik mear yn de wrâld. Foar it grutste part binne it emosjonele fersen en ik jou my dêryn frij bleat. Under it skriuwen boarre ik in âlde, djippe gefoelslaach oan en ik koe dy laach mei poëtyske taal nei de oerflakte helje. Dochs fielde ik my as in kat dy’t de neils skerpe. Ik ha myn grûn der flink mei iepen skuord. It is perfoarst gjin moaiskriuwerij, de metafoaren dy’t ik brûk sprekke wol ta de ferbylding, mar binne mear yn funksje fan de tekst. De taal is direkter en konfrontearjender as myn earder wurk. Ik smyt net mei drek. De fersen geane oer it bochtich paad fan it libben. Ik krij de grutte tema’s by de kloeren: leafde, dea, langstme, lust, skamte, ûnmacht, hoop en wanhoop. Der is ek in apart fers by mei wat kommentaar op ’e polityk en trije fersen geane streekrjocht oer de psychiatry. Myn earste bondel ‘Hertbyt’ (2004) befettet benammen ‘geastlike’ fersen, skreaun yn in koarte, droege, bonkige taal. Ik ha dy gedichten noch op in typmasine skreaun en miskien dat it dêrfan komt dat de taal nochal ‘stakkato’ en ‘to the point’ is. Myn twadde bondel ‘Ut namme fan mysels’ (2006) is byldzjender en persoanliker, mei dêryn bygelyks gedichten oer it ferstjerren fan ús heit. Yn ‘Granytglimkes’ liket it as sis ik de dingen mear planút, bygelyks as ik sis: ‘Ik ha fertriet’. Mar yn it fers stap ik út myn partikulier fertrietlik hok en jei de wurden it lân, de romte yn. It universele aspekt fan taal hat my altyd al oansprutsen. Wat hat de dichter te melden oer de wrâld, hoe belibbet er de wrâld, hoe slacht er werom mei syn fersen. It is in logyske ûntwikkeling: Ik kom tichterby wêr’t ik wêze wol. Yn dizze lêste bondel is der mear gearhing tusken de fersen. De fersen hawwe urginsje. Se moasten sa op it papier ferskine en net oars. Dy needsaak kin de lêzer ek fiele.’

Yn jannewaris 2010 kaam de Nederlânsktalige bondel ‘Hechtzwaluwen’ fan dy út. Wat kinst dêroer fertelle?
‘Guon fersen leinen der al seis, sân jier, mar ik koe de júste foarm foar de bondel net fine. Moaie wurden hoech ik yn it Nederlânsk net te brûken. De wurden kinne op eigen skonken rinne. It Frysk stiet tichter by mysels. De boarne is riker. Kwa klank fyn ik it Frysk moaier en plastysker en dêrmei krêftiger as it Nederlânsk. It is fansels in boeretaal, mar dat bedoel ik yn positive sin. Dochs sil it Frysk oer pak him beet hûndert jier wer hiel oars klinke.’

Wat is neffens dy de takomst fan it Frysk en de Fryske literatuer?
Elmar: ‘Ik tink wol dat it Frysk súntsjeswei ferdwynt. Dat jildt benammen foar it Frysk as skriuwtaal. At it sa trochgiet sil it tink ik in dialekt wurde. It Frysk as sprutsen taal hat allinnich takomst at bern de taal goed meikrije op skoalle. It is no noch gauris in ferplichte nûmer. Kinst it behâld fan de taal net forsearje, mar wol it learen fan de taal oantrekliker meitsje. It moat cool wêze om it Frysk te brûken, om it mar ris popyjopy-eftich te sizzen. It entûsjasme om der wat mei te dwaan moat út ’e bern sels wei komme. Ynstituten mei grize dowen kinne wol fan alles foar bern betinke, mar dêr leau ’k hielendal net yn. Moatst dy ferpleatse kinne yn de wrâld fan it bern. En dy wrâld feroaret hurd. Bern ha tsjintwurdich fansels in soad ôflieding: televyzje, ynternet, kompjûterspultsjes. Ik fernim it ek wol oan myn eigen bern. Dochs kinne se harren fernuverje oer de lytse dinkjes. Wêr hat in bern ferlet fan? Sykje dat ris út en spylje derop yn. Kommunikaasjefoarmen feroarje, de jongerein twitteret en sit op hyves. Op ynternet moat de boadskip kearneftich wêze, it medium freget der om, it freget net om moaie literêre folsinnen. Uteinlik rint it sa’t it rint mei in taal, kinst der bakken fol jild efteroan smite, mar in lyk kinst net reanimearje. It Frysk sil neffens my in mjuks wurde fan oare talen, in soarte fan folksdialekt, dy’t hieltyd mear ôfwike sil fan de taal fan lju dy’t om utens gien binne, mar byn my der net oan fêst. Ik soe it aardich fine dat we hjir nei ferrin fan tiid in mjukstaal krije fan Frysk, stedsfrysk, Nederlânsk, Turksk, Arabysk, Ingelsk en neam mar op. Prachtich dochs! Taal is sa dynamysk, it is gjin kûveuzeberntsje, it skuort har ek los fan it boarst fan subsidiearre ynstellings. Taal feroaret hieltyd en de fraach is yn hoefier je dêr ynfloed op útoefenje moatte. Brûk it en mêkje net. Genietsje derfan.

De Fryske literatuer. Ach, it krekte sicht ha ’k der net op. Utjouwers skrieme dat der jild by moat. It is wier dat it hjoed-de-dei dreech is om in dichtbondel út te jaan, der moat somtiden in pûdefol jild efteroan. It komt ek foar dat de skriuwer sels ta de bûse moat. Miskien mar in sponsor sykje! Aktiver wurde op dat mêd. Mar eins is it net in taak fan de skriuwer. Foar de keunst yn it algemien is it net slim dat we yn krisistiid libje. It is allinne net in krisis yn materiële sin: we komme ommers om yn ’e nijmoadrige rommel. We kleie dat we ús twadde weintsje hast net op ’e dyk hâlde kinne. We binne eins yn ’e grûn bedoarn. It is in kollektive mentale krisis dêr’t we trochhinne moatte.

Biblioteken komme yn dreech waar, der ferskine ek hieltyd minder Fryske útjeften. Ik lis der net wekker fan. Ik moat in fers skriuwe dat oer in pear hûndert jier noch lêzen wurdt! Op ynternet kinst ek boeken lêze mar my noasket dat net sa. Wêr’t ik fan genietsje is dat de taal noch altiten op eigen skonken stean kin, dat der noch Frysk wurk oerset wurdt nei oare talen ta en dat oare minsken út oare kultueren dêrfan genietsje. Moatst dreaun wêze en ta it uterste gean wolle as skeppend persoan. As de driuw der is komt it fansels!

Koartlyn ha ’k in konsert fan Sytze Pruiksma en de bruorren Kleefstra bywenne yn Berlyn. Ik ha in fideoregistraasje makke fan dat optreden. Wat in ympakt hie dat barren! It spile him ôf yn in âlde East-Dútske kino, deunby de Fernsehturm. De mannen krigen nei ôfrin in steande ovaasje. De Kleefstra’s hawwe ferline jier yn Tokyo west en Jan hat dêr eigen fersen foardroegen yn it Frysk. It giet dan mear om de emoasje, dy’t oerbrocht wurdt. De taal komt sa los fan it begryp. Minsken genietsje fan it eigen lûd dat in taal hat.’

Wat skriuwst noch mear njonken gedichten?
‘Ik brûkte hieltyd mear teksten, faak koarte kreten, yn myn byldzjend wurk. Ik ha yn 1997 by ús mem (Akky van der Veer) in kursus proaza dien yn Tresoar, mar ik wie earliksein net sa motivearre foar dat soart skriuwerij want ik hâld net sa fan ferhaaltsjes. Yn toaniel kin ik my mear útlibje. Twa jier ferlyn ha ik it surrealistyske toanielstik ‘De fûgels fan Fantasia’ skreaun. It stik is opfierd troch de toanielferiening fan Húns, hjir yn it doarpshûs. De tekst fan it stik is ûnderwilens útjûn by Utjouwerij Bornmeer. It boek, foarmjûn troch Gert Jan Slagter, sjocht der fantastysk út en kin foar in prikje by my besteld wurde. Aansens set ik útein mei in twadde toanielstik en yn de takomst soe ’k wol ris wat foar Tryater skriuwe wolle. Oan in novelle of roman baarn ik my de fingers noch net.’

Dyn filmtrilogy ‘Birth, Life, Death’ draaide koartlyn yn it Fries Museum yn it ramt fan de eksposysje ‘Magie = Magic’. Wêr giet de film oer?
Elmar: ‘Yn ‘Birth, Life, Death’ rinne ferskate ferhaallinen trochinoar hinne. Joris Collier spilet sawol himsels as in mytysk wêzen yn dit moderne mearke. Ik besykje myn leefwrâld oan sines te ferbinen. Ik moetsje Joris en nim wer ôfskie. Yn de film ‘Birth’ spilet er as breid en bok (goatman). Hy rint yn de stêd, drinkt kofje en docht boadskippen by de C1000. Dream en werklikheid rinne trochinoar hinne. We ha ûnder oare filme by de rinbrêge by Marsum en dy brêge markearret de oergong nei in oare steat fan wêzen. Yn ‘Life’ spilet Joris himsels. By brûnsjitterij Van der Kleij op yndustryterrein De Himrik yn Ljouwert praat Joris mei brûnsjitter Rob oer fuotbal, froulju, keunst en it libben. Dy episoade lit Joris eins sjen as pierewaaier. Yn ‘Death’ rint it fabeldier Joris troch de greide en fertelt yn syn memmetaal (it Welsh) oer syn bernejierren en oer de djippere betsjutting fan de brêge. Dêr moetet er de breid dy’t út it wetter komt. Yn de films komme in tal plakken út myn jeugd foar, lykas de bunker by Ljouwert en it brechje oer de Menamerfeart. En der sitte stikken yn út super 8 filmkes dy’t ús heit (Henk Kuiper) yn myn bernejierren makke hat. Ik soe ek noch graach ris mei Joris nei syn berteplak gean, dat is Barry Island, yn it suden fan Wales, om dêr in echte dokumintêre oer Joris te meitsjen. It is aardich dat it Frysk Museum de fideofilm oankeapje sil. Se hawwe ‘Hunter’ (ek mei Joris Collier yn ’e haadrol) earder al oankocht. Hieltyd wer dûkt Joris op, de iene kear as in bist en de oare kear as himsels. De films krije dêrtroch in ekstra laach, de persoan kriget mytyske trekken.’

Bist op it momint ek dwaande mei de byldzjende keunst?
Elmar: ‘Ik ha krekt in nij atelier yn Ljouwert. Ik ha wer wat doeken yn de grûnferve stean, dêr moat noch wat op. Skilderjen fyn ik de dreechste dissipline, foaral mei oaljeferve omdat it hast net definityf is. Kinst der altyd wol wer oerhinne kwastje. Dan moat ik goed betinke wat ik eins fertelle wol. En mei hokfoar middels. Mei taal ha ik dêr folle minder muoite mei. Ik wol eins mei de hannen fervje, lykas Armando dat docht. Yn it ferline ha ik wol in soad houtfiken en linofiken makke en soks soe ik ek wol wer dwaan wolle. Ik sykje eins noch in motyf foar myn nije wurk. It tsjinnet him fansels oan. Ik fyn net dat der in striid wêze moat tusken abstrakt en figuratyf, dat lit ik leaver los. By in silo mei dong tink ik oan in dongmoskee. Soks soe in nijsgjirrich ûnderwerp wêze, dêrmei kinst ek wat sizze oer de wrâld fan no, hoewol’t in silo op himsels in estetysk en dea objekt is.’

Do bist ek belutsen by it projekt Tsjinlûd, mei Romke en Jan Kleefstra yn gearwurking mei it NoDo-projekt fan Sytze Pruiksma.
‘We ha mei Tsjinlûd fjouwer middeis optreden yn De Lawei yn Drachten mei de foarstelling ‘Klanklânskippen’. Dat is in multymediaal, mearjierrich projekt wêryn’t we gearwurkje mei ynternasjonale artysten, dûnsers, fideokeunstners, performers en byldzjend keunstners. It is in bysûndere útwikseling út ferskate dissiplines, wêrby’t we al ymprovisearjend ta wat nijs komme. Henk van Gerner en Anke Kuypers ha in duo-eksposysje yn de Galerij fan De Lawei en sy binne ek by de foarstelling belutsen. Ik ha in stomme film makke dy’t ynspirearre is op Anke har wurk. Chris Bakker en Christiaan Kuitwaard ha live spile ûnder de bylden. Ik ha in klankgedicht dien en Marlien Seinstra hat derop dûnse. Nei it skoft folge in set dêr’t alle disiplines trochinoar rûnen. We ha ús sels ek ferrasse litten.’

Hokker projekten stean noch mear op priemmen?
Elmar: ‘Sytze Pruiksma is ek fûgelteller en hat mei Theunis Piersma nei Sina west. Der wurdt ûndersyk dien nei it hâlden en dragen fan waadfûgels. Sytze hat dêr filme, lykas yn Afrika (Mauretanië). Ut it rûge materiaal ha ’k de film ‘Banc d’Arguin’ montearre. Dy film wie te sjen op it ôfrûne filmfestival yn Ljouwert. Sytze nimt syn kamera mei en ik montearje it materiaal. Yn maaie sil er wer nei Sina ta. We meitsje mear filmkes oer dit projekt. Sa binne der noch wat aktiviteiten: in fideoklip meitsje foar WIS (Jetze de Vries, Rob du Jardin, Elmar Kuiper), dy’t meidwaan wolle oan Liet 2011, in teatertekst bewurkje, oer twa sigeunerfamyljes, De Sinti en de Roma, dy’t elkoar nei it libben stean, foar de teatertún yn Riis, in stimulearingsbeurs oanfreegje foar it skriuwen fan in twadde Nederlânske bondel. Wêr’t wy mei de ymprovisaasjemuzyk nei tasille (Tsjinlûd/NODO) hâld ik noch even foar my. Mar it sil in aventoer wurde!’

Yn hoefier ha dyn âlden dy beynfloede? Jim mem is ek skriuwster en jim heit wie fotograaf.
‘Se ha my foaral beynfloede troch harren entûsjasme. Us heit fertelde ús moaie en grizelige ferhalen foar it sliepen, bygelyks oer in reus dy’t him ophold yn de Bremer wyldernis. En dat gegeven hat ús mem brûkt yn har ‘Moai waar op ’e Lemmer’. Us heit moast neat ha fan wettyske ynstânsjes en kaam foar syn prinsipes op. Sa wegere er begjin jierren tachtich de stroomrekken te beteljen, omdat in bepaald persintaazje ornearre wie foar de kearnsintrale fan Dodewaard. Us heit woe dêr net oan meiwurkje. Fan ’e weromstuit binne we doe fan de stroom ôfsletten. Ik kin my noch herinnerje dat dy manlju fan it elektrisiteitsbedriuw by ús kamen en dat ien fan harren begrutsjend tsjin my sei: ‘Jonge dat dit sa moat’. We ha ús doe in pear moanne behelpe moatten mei oaljelampkes, in needaggregaat, feger en blik en in Etna allesbaarner. At ik deroan werom tink wie it eins in hiele gesellige tiid, ik hie der op himsels gjin muoite mei. Ik fyn it wol spitich dat ik thús net echt in gefoel fan feiligens meikrigen ha. Us heit hat sels in atoomkelder boud en hat ek ris in fotoreportaazje makke wêrby’t er in atoomramp yn sêne set hie. Hy liet ús, syn eigen bern, dêryn spylje. Kinst wol sizze dat it drama him oanluts. Neffens my stie ús mem der frij nofteren tsjinoer mar liet se har dochs meifiere troch heit syn entûsjasme en driuw.

We wennen yn de rimboe by Marsum, net fier fan de fleanbasis. We sieten 800 meter fan de kerosine-opslach by it Van Harinxmakanaal ôf en dat soe by in loftoanfal ien fan de earste doelen wêze. Us heit moast neat fan it militarisme ha. Komplete jildfergriemerij. By in iepen dei fan de fleanbasis stie der in stevich wyntsje en hat er in draak omheech litten. Krekt op dat stuit stutsen de earste Starfighters de noas yn ’e wyn. Der kaam doe binnen tsien minuten in grien buske mei militêren oanriden. Us heit moast fuortdaliks de draak ynhelje, oars soenen se it tou trochsnije. Se hawwe it tou leau ’k trochsnijd en de draak wûn noch mear oan hichte en fansels rûn de hiele fleanshow fertraging op.

Us heit wie in bern fan syn tiid. It wie in befleine man, hy hold der wat idealen op nei. Hy hat brutsen mei de tsjerke, leaude net mear yn de ynstânsje God en hat dat ek earlik tsjin syn heit, dy’t dûmny wie, sein. Dat klapte der nochal yn… Myn âlden ha ús wol frij litten yn de kar en stiene altyd foar ús klear. Beslist in moaie bernetiid hân. We hienen in lytse swart-wyt televyzje en seagen op woansdeitemiddei nei dy nuete bistedokter. James Herriot miende ik. We draaiden ek faak platen. Led Zeppelin, Cream, The Doors, Humbel Pie, Cheap Trick, The Police, Boudewijn de Groot, Peter Koelewijn en neam mar op. Hiel bysûnder wie dat we yn ’e hûs in poadium hienen dêr’t we dan geregeld in konsert of toanielstik opfierden.

Us heit hat de fotofakskoalle dien yn Den Haach. Hy waard dêrnei fotograaf by it Frysk Rundfeestamboek en sette boeren, kij en bollen op ’e foto. Hy ûntwikkele sels de foto’s yn it kantoar op it Suderplein yn Ljouwert en makke altyd hiele lange dagen. It stonk dêr altyd ferskriklik nei fiksear en ik tink dat er dêr úteinlik ek siik wurden is fan it ynazemjen fan dy dampen. Hy krige yn 1985 de sykte fan Wegener, dat is in auto-ymmúnsykte en yn 2005 is er oan de komplikaasjes fan dy sykte stoarn.’

Wat hast nei de middelbere skoalle allegear dien?
‘Nei de Havo hie ik in skoftsje gjin wurk en bin ik begûn te hurdfytsen. Ik ha wol wedstriden fytst, mar ik wie eins wat te folle oan it filosofearjen at ik op ’e fyts siet. Ik bin yn 1989 begûn mei de B-ferpleechkundige-oplieding. Ik bin doe yn in wurk/lear-trajekt terjochte kaam by it psychiatrysk sikehûs yn Frjentsjer en dêr ha ik noch altyd in nul-oerekontrakt as ferpleechkundige. Yn 1993 ha ’k de HBO-V in jier dien, mar yn 1994 bin ik oerstapt nei Academie Minerva, de keunstakademy yn Grins. Doe’t ik dêrmei klear wie yn 1998 ha ik mei Wouter Jansen it keunstnerskollektyf De Zoete Hanen oprjochte en al gau hat Keu (Marc Kooij) him dêr ek by oansletten. Ik hie yn ’97 al yn syn film ‘Grutte Pier en de Zombies út de Hel’ spile. Ik hie doe noch fan dat lange hier en dat fûn er hiel geskikt foar Grutte Pier. Letter ha har mear leden by De Zoete Hanen oansletten. Keu en ik ha yn 2000 yn gearwurking mei it keunstnerskollektyf de spylfilm ‘Steunpunt Levende Doden’ makke. Ik bin noch altyd hiel wiis mei dy film. It is eins in mjuks fan performances mei in ferhaal, sis mar in soarte fan klipshow, tagelyk ek in strjitfilm en yn dat opsicht hiel fernijend. Realiteit en fiksje rinne yn de film yn inoar oer en gean in ferrassende wikselwurking mei inoar oan. It kamerawurk en it lûd is net sa bêst mar dat kin der hinne bruie. Der hawwe wol 60 minsken oan meidien en we hawwe in fertoaning yn de Gloppe hân foar sa’n hûndert man. Trije jier ferlyn ha ik de film ‘Hunter’ makke, ek mei Joris Collier yn de haadrol, doe as rindier. Dy film is oankocht troch it Fries Museum.’

Omrop Fryslân hat de dokumintêre ‘Oerdak – Gedicht yn wurding’ oer dy útstjoerd.
Elmar: ‘De dokumintêre is in ko-produksje tusken de omrop en Memphis Film yn Utert en lit sjen hoe’t ik in gedicht meitsje. It giet net allinnich oer it proses fan it meitsjen, mar ek oer hoe’t ik mei myn twataligens omgean. Regisseur Pim Zwier hat de film makke en ûnder oare hjir thús filme. De kamera wie der wol, mar eins ek wer net. De film is fertoand op Nederlân 2 en op it Zebra Festival yn Berlyn. Freonen fan my út Dútslân ha de film sjoen yn de ‘Großstadt’ en hiel leuk reagearre.’

Wat binne dyn ambysjes en plannen op langere termyn?
‘Mei keunstner Gert Jan Slagter ha ik in sketsûntwerp makke fan twa projekten, ‘Bliuw’ en ‘24’, foar it nije provinsjehûs. It giet ûnder oaren om in keunstwurk fan neonletters, wêrby’t de Fryske taal sintraal stiet. We ha it net oprêden, binne twadde wurden, mar we hoopje stikem dat it in plak krije kin yn it nije Fries Museum op it Saailân. Ik bin dwaande mei it skriuwen fan in nij toanielstik foar de toanielferiening fan Húns dat opfierd wurde sil yn 2012. It wurdt in dramatysk, fysyk, surrealistysk stik. Oer dreamen dy’t makke wurde, oer yllúzjes dy’t as in sjippebel útelkoar spatte, oer de leafde en de dea. Myn grutste ambysje op dit stuit is om in searje skilderijen yn oaljeferve te meitsjen en om wer mear te tekenjen. En ik soe op termyn wer in langere film meitsje wolle. Ik ha dan wol in bettere kamera nedich mei in better statyf. Ik wol graach wat meitsje dat bliuwt en de wrâld oergiet. Mei it muzikale, soundscape-eftige barren wol ik de wrâld yn. In grutte dream fan my is om mei myn byldzjend wurk en film te eksposearjen yn it Museum of Modern Art yn New York. Wat dat oangiet set ik heech yn.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *