Steven de Jong en Trinus Riemersma oer Het asbakje fan Bauke de Jong

logo.ensafh

By Utjouwerij Perio fan Willem Winters is koartlyn in nijgjirrige útjefte ferskynd, Het asbakje, in tekst (Nederlânsktalich) fan Bauke de Jong, dy’t er sels op 30 maart 1965 foar de RONO (Radio Omroep Noord en Oost) foarlêzen hat. Willem Winters hat de útjefte út de papieren fan Bauke de Jong opfiske dy’t berêste by Tresoar. Bauke de jong feroarsake yn 1965 in rel yn de Fryske literêre wrâld doe’t er E.B. Folkertsma, ien fan ’e âlde helden fan de Fryske literatuer,  oanpakte om’t dy yn syn eagen yn 1938 yn De stim fan Fryslân in rige artikels publisearre hie mei rjochtse, antisemityske ideeën.

As priuwke wurdt hjir it begjin fan Het asbakje jûn en dêrnei folgje twa teksten dy’t útsprutsen binne by de presintaasje fan de útjefte yn Tresoar op 2 maaie. De earste tekst is fan Steven de Jong, de twadde fan Trinus Riemersma. De earste lies syn tekst sels foar, de tekst fan Riemersma waard lêzen troch Piter Boersma (Riemersma ferstoar oardel moanne foar de presintaasje, mar hie syn stik al klear).

Bauke de Jong – Het asbakje

(fragmint)

Het is eigenlijk wel vreemd, zo ongeveer alles wat in de natuurkunde als ‘een vat’ bekend staat kun je gebruiken als asbak, en toch zijn er dingen te koop, die speciaal bestemd zijn voor de as en de peukjes. Ik denk wel eens dat wij daar niet goed aan doen, maar daar valt natuurlijk over te discussiëren. De fout ligt natuurlijk net zo goed of beter gezegd allereerst bij de koper van echte asbakjes. Hoeveel gesprekken ik ook met asbakjes gevoerd heb, ik heb er niet helemaal achter kunnen komen hoe je je als asbak nou eigenlijk wel voelt. Wel waren het meestal bijzonder droefgeestige gesprekken, wat wel iets zegt. Maar dat kan natuurlijk ook aan mij liggen, wij ontkomen er nou eenmaal nooit helemaal aan  een asbakje als voor afval bestemd te zien – en zoiets heeft vanzelfsprekend zijn invloed op het gesprek. Als klein kind al wordt je bijgebracht dat er asbakjes, suikerpotten en een heleboel andere dingen meer zijn, waar je met je vingers af te blijven hebt. Een kachel is heet en voor suikerpotten zijn weer andere redenen. Later – je bent dan al wat groter, zeggen ze – mag je, nee moet je diezelfde dingen gebruiken die ze je eerst zo streng verboden hebben. Het is mij tot nu toe dan ook niet gelukt een goede verhouding tot asbakjes en suikerpotten op te bouwen. Ik kijk nog vaak wat schichtig om me heen als ik de suikerpot pak. Een gesprek met een suikerpot gaat mij trouwens ook slecht af. Suikerpotten zijn eigenwijzer dan asbakjes en voor je het weet heb je ze beledigd. Maar dat blijkt pas na maanden, dan vallen ze op de gekste ogenblikken om of zijn eenvoudig  zoek.
Nu hebben suikerpotten ook onmiskenbaar een enigszins vrouwelijke inslag.
Een vrouwelijk asbakje heb ik nooit ontmoet. In elk geval zijn ze heel wat gemakkelijker in de omgang dan suikerpotten. Ik tel in mijn kamertje van twee en een half bij drie meter op het ogenblik acht asbakjes, en dan nog twee koffiekommen en een soepkom, die als asbak in gebruik zijn, terwijl de vloer bezaaid is met as en peukjes. Dat komt omdat ik te weinig asbakjes heb, maar het is ook om mezelf te dwingen weer eens een dweil te pakken. Het is natuurlijk ook mogelijk dat het aantal asbakjes aan een optimum gebonden is en dat er teveel zijn. Is het wel verantwoord een koffiekom te gebruiken als asbak? Om van een soepkom nog maar te zwijgen. Is het niet verkeerd een koffiekom te degraderen tot asbak. En hier wreekt zich de dressuur, die het ons bijna onmogelijk maakt met een asbak te praten. Is het niet onrechtvaardig hier van degradatie te spreken?
Natuurlijk, dat ligt ons voor in de mond, en een kind kan je vertellen of je uit de suikerpot of uit het asbakje moet snoepen. Er zijn – dat is waar – ook kinderen die een uitgesproken voorkeur aan de dag leggen voor de kolenkit, de asla en het asbakje, maar daar wordt met zoveel vertoon van zedelijke verontwaardiging tegen opgetreden, dat niemand zich dat meer herinnert. Het gaat hier dus om een ethisch probleem. Bovendien kun je eigenlijk niet in het algemeen over asbakjes praten, omdat ze blijk geven van een sterke individualiteit.

Steven de Jong -Het asbakje, in ferhaal fan Bauke de Jong

‘Ik ben makelaar in koffie en woon op de Lauriergracht, no 37.’ Sa begjint de Max Havelaar fan Multatuli. De ik-figuer fan dat earste haadstik is Batavus Droogstoppel, in man dy’t it o sa mei himsels troffen hat as hurdwurkjend, from boarger en súksesfol sakeman. In ik-ferhaal is yn prinsipe subjektyf (subjektyf point of view), d.w.s. de lêzer wyt net mear oer de hanneling en de persoanen yn it ferhaal as dy iene persoon dy’t oan it fertellen is. Lykwols hoe fierder men lêst hoe mear men it mier oan dy Droogstoppel krijt. Oant de skriuwer sels (=Multatuli) tsjin Droogstoppel seit: ‘Stik in koffie en verdwijn.’ De skriuwer jout troch de wurden fan ‘e ferteller hinne ynformaasje dy’t de ferteller sels net wyt. De lêzer wyt út ‘e tekst mear as de ferteller sels. Dit Droogdtoppelperspektyf (D.as ik-figuer) yn ’e Max Havelaar is út ’e Nederlânske literatuer tink ik it bekendste foarbyld fan in ûnbetrouber perspektyf.
Wat hat no ‘it jiskebakje’ te meitsjen mei it âlde ferhaal oer Droogstoppel. Alhoewol ik mei myn ynterpretaasje foarsichtich wêze moat, want de 60’er jierren is de tiid dat der nochal wat poly-ynterpretabele teksten skreaun waarden, doar ik de stelling oan dat Het asbakje ek in ûnbetrouber ik-perspektyf hat. Fansels wurdt myn miening dêr slim iensidich troch en ik haw net de pretinsje de wierheid yn pacht te hawwen. Mar dy iensidigens kin, hoopje ik al, in diskusje opleverje.
Bauke de Jong wie in polemysk skriuwer, skriuwer út argewaasje. Syn ynspiraasje wie de lilkens om de heechdravende taal fan in saneamde djippe tinker, dy’t fan ’e meast simpele dingen ûnbegryplike problemen makke. By syn swiere, logyske en realistyske stúdzje biology ferdjippe Bauke him ek yn ’e essays fan ‘Europeesk nivo’ fan Eeltsje Boates Folkertsma. As ortodoks kristen dy’t hieltyd mear problemen krige mei it leauwe fan syn foarfaars tocht er dêr miskien hâldfêst te finen. No, dat hat oars útpakt. Ferslach dêrfan hat de revolúsjonêre skriuwerij fan him yn ‘Asyl’ oplevere.
De kearn fan ’e problematyk yn dy skriuwerij is de diskriminaasje yn it algemien en it antysemitisme fan flak foar de oarloch dy’t yn nazy-Dútslân op ‘e holocaust útrûn is. Hy ûndekt artikels fan it Fryske skriuwersikoon, E.B.Folkertsma, artikels út 1938 (de Kristallnaccht hie al west), mei dúdlik antyjoadske passaazjes. Se binne werjûn yn it neiwurd fan Willem Winters by Het asbakje. Bauke is net mijen oer de skriuwer Folkertsma (nivo fan in doarpskapperke, de doarpsidioat as essayist), mar it giet net om de frage oft EBF in nazy of in anty-semyt is, it giet benammen om de dialektyske wize wêrop’t EBF tagelyk ja en nee seit tsjin it antysemitisme en dat yn in tiid dat de gefolgen fan dizze oanslach op de minsklike weardichheid al dúdlik sichtber wienen.
It ferhaal Het asbakje koe wolris in parody wêze op ’e tinkwize fan E.B.Folkertsma. Bauke hat him ôfgryslik yn EBF syn essays ferdjippe en is wierskynlik de iennichste fan syn generaasje dy’t dat sa dien hat. Syn konklúzje wie: it wie nep, it wie in fake. Hy printe yn fotokopy in pear artikels út De Stim fa Fryslân, it blêd fan EBF, ôf, dy’t ûnwjerlizber de foute tinkwize fan EBF bewiisden (sjoch Winters syn neiwurd). EBF sels swijde der fierders oer en rekke geastlik yn ’e fersukkeling. It slimste wie lykwols dat it grutste part fan it Fryske literêr establishmint (û.o. Fedde Schurer en Douwe Tamminga) Folkertsma mei krêft ferdigene en fan Bauke de Jong in soarte fan ûnderwrâldfiguer makken..
Yn Het asbakje giet it dúdlik om de kearn fan ’e problematyk. De problematyk wie de joadeferfolging (Holocaust) yn ’e oarloch, it ferhaal dus in parody op ‘e redeneartrant fan EBF c.s. krekt foar de oarloch. It slimste wie net dat er him fersind hie, it slimste wie dat er dy hiele problematyk, dêr’t konkreet 6 miljoen minsken yn fermoarde waarden yn in dialektysk yngewikkelde redeneartrant weiredenearre. It gie oer it ûntstean fan diskriminaasje, dy’t fansels net goed wie, mar ensfh… de joaden hienen ek wol minne eigenskippen, se wienen tige sinlik, it koe sin ha it joadsske tal te ferminderjen en ûnder de antysemiten, wienen ek wol aardige minsken…koartom men moast alles wol goed fan alle kanten besjen. En dan fier nei de oarloch net erkenne dat men fout siet mei dat soarte fan argumintearjen of de tiid dêrfan de skuld jaan. Soks ferklearre neffens Bauke de Jong, dat in grut part fan it folk de joademoard net sjen woe!
Het asbakje begjint mei in isolearre ik-figuer dy’t as kompensaasje mei dingen praat. Dy dingen binne ôfeartopfang-ynstruminten as jiskebakjes en fierders kommen en potten dy’t dêrta ek tsjinje kinne. Hy fergeliket mei de trúk fan ’e personifikaasje minsken mei dy weismytbakjes, op himsels al diskriminaasje soe men sizze. It is in wat wrâldfrjemde, kettingsmokende man (dat wie EBF ek), dy’t alles ûnder de jiske griemt en dy’t dêrby fan alles oer de kop hellet, mar abslút net wyt wat diskriminaasje no konkreet ynhâldt. Offal opfange is no net it heechste doel fan in minskelibben, mar hat mear te meitsjen mei de ûnderkant fan ’e maatskippij. En sosjaal sjoen is diskriminaasje: in minske sûnder dat er it helpe kin as minderweardich beskôgje. In sûkerpot fielt him troch syn superieure ynhâld mear as in jiskebakje. De ik-figuer kin trochdat er it hiele minskdom mei jiskebakjes fergeliket, himsels as hiel beskieden en ûnwittend foarstelle, hy bliuwt altyd superieur, de grutte yntellektueel tusken de jiske- en oare bakjes. De ik-figuer besiket der achter te kommen hoe’t in jiskebakje him fielt, it irritearjende riedsel fan ‘e hiele tekst. In lyts bern kin begripe dat in jiskebakje sawat de ûnderste funksje yn ’e maatskippeijj hat. Dy ik-figuer behannelet ûnderskate potten, fetten, kommen en de ûnderlinge diskriminaasje dy’t dat opleveret. Alhoewol diskriminaasje fansels net goed te praten is, komt dy ik ta de konklúzje dat er dy potteboel neat kweaôf nimme kin. Fansels: diskriminearre minsken kin men neat kweôfnimme (ek sa’n iepen doar), mar lestich bliuwt it wol. ‘Hoesa ?’ soe de lêzer him ôffreegje moatte. De hiele tekst troch bliuwt der by dizze dúdlik foute saak in irritante ûndúdlikheid. De ik-figuer ûntdekt it iene nei it oare probleem: de takomst as jiskebak kin liede ta selsmoard (stukvallen), kin alle minsken oerkomme (materiaal op zich zegt niets). Op side 4: ‘Dingen die weggegooid kunnen worden bevorder ik tot asbak. Is het wel goed in te grijpen in de normale gang van zaken?’ (Is diskriminaasje normaal?) En dan giet it oer keunst dy’t gewoan wêze moat en begryplik en goedkeap (m.o.w. gjin entartete keunst).
Oer jiskebakjes wurdt noait preke (meditearre), klaget ien fan ’e jiskebakjes. De rjochtsinnige ik-figuer hat argewaasje fan ’e frijsinnichheid fan dy opmerking. Hy hat sels in kear as konklúzje fan in meditaasje nei foaren brocht: ‘Draag er zorg voor luisteraars, dat u niet in de asbak van het leven terecht komt.’ Hy smyt der fia de jiskebakjes wat teologyske en filosofyske termen tsjinoan (Bartiaans is kristlik, giet fierder as de dea, eksistinsjalistysk giet oan ’e râne (=dea) ta). Lykwols alle minsken komme yn it jiskefet telâne neffens it jiskebakje en dan pas sille se it teken ferstean (ja. as elkenien dea is).
‘…hebben wij toen niet heel verstandig en heel reëel besloten dat se niet weer zouden komen. Nou was dat niet allemachtig verstandig?’ seit de ik-figuer op in bepaald stuit tsjin boppeneamd jiskebakje. ‘De asbakjes zeiden niets,’ giet de tekst dan fierder en: ‘Goed ik weet wel dat ik mij als een klein kind gedragen heb, ik ben een idioot geweest, maar waarom moet ik juist daarover vertellen, mezelf te grabbel gooien en iedereen z’n vieze vingers ernaar uitsteken, zeker.’
De hiele tekst is neffens my skreaun yn in suver sarkastysk hyper ûnbetrouber droogstoppelperspektyf. Yn de ik-figuer is in EBF-achtich wêzen oan it wurd, dy’t dat ûnminsklike anty-semitisme, dat ta de joademoard laat hat, troch in yngewikkelde redenearring goedpraat of omsylt.
Ja lestich bliuwt it wol en jiskebakjes binne sa stomferfelend. ‘En asbakjes en suikerpoten (joden en kristenen?), nee, die liggen elkaar niet.’
Het asbakje is neffens my in typysk dadaïstyske tekst, better sein in ferhaal mei in grut Dada-gehalte. EBF wie yn Fryslân dúdlik in ûnoantaastber (no ja) kultuermonumint, mar syn dialektyske wize fan redenearjen waard hjir oan ‘e grûn ta ôfbrutsen troch Bauke de Jong út argewaasje oer in kultuer dy’t laat ta de ferskrikkingen fan in wrâldoarloch.

Trinus Riemersma – In rjochtsinnich preekje

Wy kenne Bauke de Jong as de man dy’t Folkertsma te plak set hat, en dêrmei in generaasje. Bauke heart dêrom mear by de nei-Quatrebrassers as by de Quatrebrassers. De Quatrebrassers of de eksperimintelen woenen de literatuer fernije, mar wat dêr omhinne siet, lieten se gewurde.
De Quatrebras-jonges hawwe net besocht om te definiearjen wat eksperimintele literatuer wie, it plak fan har keunst yn de Fryske literatuerhistoarje koe har neat skele. De omballingen lieten sy de omballingen.
Wat dêrnei komt binne de byldestoarmers. Fan Willem Abma oant Geart van der Zwaag hawwe wy skopt tsjin de ynstituten en tsjin de persoanen dy’t it by dy ynstituten foar it sizzen hienen. Dizze groep wol net allinnich literatuer skriuwe, mar de literatuer ek demokratisearje, en fansels ek: syn plak besette yn de earegalerij fan skriuwers.
By dy groep heart Bauke thús. Hy is miskien net de grutste byldestoarmer, mar hy hat wol de raakste klap útdeeld.

Fan Bauke ha wy suver gjin skeppende literatuer, dat it bytsje dat wy hawwe, moatte wy dûbeld wiis mei wêze. In nuver ferhaal, dat Jiskebakje. Men kin net iens sizze dat it oerflakkich sjoen flauwekul is, men fielt fuortendaliks dat it poer-earnstich is. In besykjen ta in los ferhaal dat fan it begjin ôf as sadanich mislearret. Hjir sprekt net in ferteller, hjir sprekt in preker.
Yn in petear mei ien fan syn jiskebakjes liket de ik-figuer fan it ferhaal in bytsje werom te klauwen en distânsje fan himsels te nimmen, ik sitearje: ‘Ho, ho, dat weet ik best, maar het was geen ultracalvinistisch, maar een hypervrijzinnig preekje, en dan ga je niet verder dan de rand.’
Ik hingje der nei oer om it jiskebakje gelyk te jaan, dit wie in rjochtsinnich preekje, en wêrom jout de ik-figuer dat dan net gewoan ta? Is der wat mis mei rjochtsinnichheid? Akkoart, der is wat mis mei fundamintalisme, mar net mei rjochtsinnichheid.
Ik ha Bauke de Jong kennen leard as in man dy’t yn it literêre net sloaide mei syn gewisse. De literatuer gyng er foar en dy literatuer gyng byneed te’n koste fan ’e skriuwer. Myn Minskrotten-Rotminsken wie in soarte fan kamikaze-aksje dy’t Bauke op ’en bêsten begrepen hawwe moat. Doe’t letter de krûddampen om de ôfsprongen fúzje fan Tsjerne, Asyl en Quatrebras wat oplutsen wienen, is Bauke wol in bytsje myn goeroe wurden.

Wêr giet it om yn It Jiskebakje? Op ’en djipsten wit ik dat net. Willem seit, yn syn neiwurd, it giet om minsken. Ja, grif, it giet om minsken, ferhûddûke minsken, efterstelde minsken. Bauke seit sels, it giet om de Joaden. Mar wat skriuwers oer eigen wurk sizze, is ornaris ôfwaaid praat. It kin bêst wêze dat Bauke oan Joaden tocht hat doe’t er dit ferhaal skreau, mar ik fyn dat net werom.
It giet om stânsferskil en om ‘startferskil’ en om ‘bestimmingsferskil’, om ferskillen dêr’t gjin rjochtfeardiging foar bestiet en dochs alles beskiedend binne. Mear wit ik der net fan te sizzen.
Ik tankje jimme.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op