André Looijenga

Sinjalemint: De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen

logo.ensafh

Fryslân suchtet ûnder it jok fan de AllerFerskuorrendst Ûnbidige Kening (Afûk), dy’t ien taalstandert foar it Frysk ynfiere en alle ôfwikende steds- en streektalen útrûgje wol. De grutste fersetshurd is de Grinzer Ridderoarder. Dy is lykwols syn foaroanman, ridder Pieter fan Skingen, kwytrekke om’t er foar âld fersliten wurdt. It haad fan ’e Grinzers, greve Goffe, stjoert syn ridders deropút en fyn ridder Pieter werom, om mei-inoar Fryslân fan ’e Afûk te befrijen. In ynternasjonale koälysje fan frisiasten ferslacht úteinlik de tsjoede kening, en bringt sa it dialektysk ferskaat yn Fryslân werom.

Pieter Breuker, Frysk taalkundige, naam yn it akademysk jier 2009/2010 ôfskie as universitêr dosint yn Grins. Syn studinten hawwe him dêrby dit feestlike boekje oanbean. Gjin bondel mei linguïstyske of keatshistoaryske stúdzjes, mar in boartlike Fryske kaairoman.

Yn it foaropwurd neamt Geart Jan Tigcheldam (‘de nijste skriuwersstjer oan it Frysk literêre firmamint’, neffens de blurb) syn boek de oersetting fan in let-midsieusk hânskrift weromfûn yn ’e fûneminten (!) fan in âld kleaster by Boerum. In ûnbekende klassiker fan ’e Âldfryske literatuer, dat moai it sûnt lang fielde hiaat opfult dat der yn it midsieuske Fryslân gjin ridderromans skreaun waarden. Tigcheldam lit sjen hoe’t it frije Frisia dochs ek har, eigensinnige, leat fan ’e Arthur-tradysje hân hat. De helden yn dizze nuveraardige fertelling binne nommele ridders, modellearre nei Breuker en syn neiste kollega’s.

De Kweeste giet om de striid tusken in klisjeemjittich Geeffrysk en in losser en libbener taalgebrûk, – in kwestje dêr’t Pieter Breuker him yn syn wittenskiplike karriêre bot mei dwaande holden hat. It frij boartsjen mei de Fryske taal bringt it boek oer alle boegen yn ’e praktyk. De wille fan ’e skriuwer(s) lêze je oan eltse alinea ôf. Fleurich hipt it epos fan stylblomke nei stylbreuk. De iene kear über-âldfrinzich boekjefrysk, dan wer klearebare hollanismen, alles mei. Biltsk en Noardfrysk binne ek net fergetten, en ien fan ’e ridders praat konsekwint yn fonetyske transkripsje.

De Kweeste is gjin Onder Professoren, mar earder Monty Python op syn Frysk. It sit grôtfol allúzjes, op Homêros, it Oera-Linda-Boek, Tolkien en folle net genôch. Men rekket suver yn ’e tiis fan alle nei Fryske motiven ferwizende sydpaden. Yn ’e midden fan it boek wurdt de rin fan it ferhaal dreech te folgjen, trochdat parten derfan wat hastich gearfoege lykje te wêzen. Dat it epos betiden net sa hurd opsjit, liket oars mei sin: krekt as yn ’e akademyske wrâld fersitte de helden, goaden en tsjoenders frijwat tiid mei kofjedrinken.

Dit boek is in hiel aardich para-akademysk gelegenheidswurk, dat eins in moderne tsjinhinger is fan it universitêre feest-Frysk (yn felisitaasje-fersen) yn it 17e- en 18e-ieuske Frjentsjer. In wûnderlike gearmjuks fan frisiaca, en in bliermoedich pleit om fral nocht en wille te belibjen oan it Frysk.

Geart Jan Tigcheldam
De Kweeste fan Ridder Pieter ‘Geef-mar-Linich’ fan Skingen
[Grins,] Skanomodu, 2010

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op