Hedwig Terpstra

Petear mei Cornelis van der Wal

logo.ensafh

‘By astrology giet it om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

‘Kristus Pavlov’ hjit de nijste bondel fan Cornelis van der Wal (1956) dy’t dizze moanne útkommen is. It is syn sechde dichtbondel. Mei syn earste dichtbondel ‘In nêst jonge magneten’ wûn er yn 1993 de Fedde Schurerpriis. Yn 2008 skreau er de novelle ‘Kening Kees’. Hy is redakteur en webmaster fan Ensafh en hat twa jier lang literatuerbesprekken skreaun foar it Friesch Dagblad. Hy hat achttjin jier yn Grins wenne en wennet no sûnt twa jier yn de binnenstêd fan Snits.


Wat kinst kwyt oer dyn nijste bondel: ‘Kristus Pavlov’?
Cornelis: ‘De bondel is krektlyn út by útjouwerij Bornmeer. It wie dreech om de produksjesubsydzje foar de útjouwer rûn te krijen. It potsje fan de provinsje wie op, mar se ha no subsydzje krigen fan it Nederlands Letterenfonds. Oars wie it boek ein ferline jier al útkaam. Ik bin benaud dat der miskien in tiid komt dat it hielendal net mear út kin foar in útjouwer om Fryske boeken út te jaan. De titel sil ik net útlizze, dat mei de lêzer sels betinke. Pavlov trainde hûntsjes om te flybjen at se in belle hearden. Poëzij is lykwols gjin wittenskip, miskien begryp ik sels wol net iens wat de relaasje is tusken Kristus en Pavlov. Kristus ha ik yn elk gefal net bedoeld as flok, ek al bin ik net kristlik.

Eins is de bondel wol in fuortsetting fan myn eardere bondels. De leafde wurdt yn dit boek wol mear beskreaun. Us heit is ferline jier maityd ferstoarn en hy komt yn in tal gedichten foar. Der kamen in soad bylden fan ús heit by my op wylst ik oan it skriuwen wie. Hy wie 79 jier doe’t er stoar. Us mem is no 76 jier en wennet noch yn Ljouwert. Ik ha de bondel soarchfâldich opboud. Gedichten dy’t op inoar lykje ha ik ôfwiksele mei oare. It is in tige mankelike bondel wurden en ik ha in soad eksperimintearre mei de taal. Der binne gedichten by dy’t parallel rinne oan de sprektaal en oaren júst wer hielendal net. Soms bin ik wat rûch, net om skokkend te wêzen, mar ik wol wat tsjinoer de gefoelige fragminten sette.’

Yn dyn gedichten, ek yn dyn nijste bondel, komt in soad mystyk foar. Wat foar mystike teksten lêst sels? En dyn tredde bondel hat de titel ‘Subsydzje foar de Graal’. Wat is foar dy de (hillige) graal?
‘Ik lês boeken fan William James, lykas ‘The variations of religious experience’. Dat giet oer mystike ûnderfinings opdien troch minsken yn de Westerske wrâld. James wol dy ûnderfinings psychologysk tsjutte, mar in protte fan dy saken sitte yn in sfear dy’t mei wittenskip min te begripen binne. Ik fyn dit wol in hiel nijsgjirrich boek om te lêzen, mar ik ha gjin herkenning by de ûnderfinings dy’t beskreaun wurde. Ik ha sels wol fisioenen hân, mar fyn it dreech om ûnder wurden te bringen wat ik krekt sjoen ha. It is dreech om oer ‘the unseen’ te skriuwen. En boppedat: at je it sjoen ha hoege je it net mear te leauwen. Yn myn gedichten komme dy ûnderfinings wol werom. Ik nim sokke ferskynsels hiel serieus. De hillige graal is foar my it heechste om nei te stribjen, it ultime gelok. It is in ienwurding mei alles dat der is, dan is dyn ego hielendal fuort. En dat kin oeral wêze, yn Snits of wêr dan ek.’

In hiele grutte hobby fan dy is astrology. Do hast ek in soad boeken oer astrology, magy en tarot en do hast ferskate tarotkaarten. Makkest ek horoskopen foar oaren?
‘Ik meitsje mear horoskopen foar mysels en oer de wrâldsituaasje. Ik ha gjin astrologypraktyk, mar ik bin eins noch wol fan doel om dat op te setten. Ik ha noch in astrologywebside, mar der stiet neat mear op. Ik soe dy side wol opnij folje wolle at ik dêr ris sin oan en tiid foar ha. Dan kin ik fia dy side advizen jaan oan minsken en dêr jild mei fertsjinje. It giet dan om ienfâldige fragen; ik kin gjin fragen beäntwurdzje oer sykte want ik bin gjin dokter. De measte minsken wolle antwurd ha op fragen oer de leafde of wolle witte oft se noch lokkich wurde. Mei spesjale astrology-software kinst horoskopen útrekkenje. Dan meitsje ik der sels noch in ynterpretaasje fan, ek oan de hân fan myn boeken. Ik ha in grutte sammelwoede: ik ha allegear ferskate astrologyprogramma’s op de kompjûter. De measten binne fergees te krijen. Ik hâld my ek dwaande mei de i-ching, it foarspellen fan de takomst. Dat kinst net te faak dwaan, ik doch dat mar ien kear yn de pear wike. Ik sjoch dan nei de tastân yn de wrâld.

Ik ha ferskate boeken, lykas: ‘The progressed horoscope’,  ‘Oude Europese voorspelkunst’, ‘Astrologie des I Ging’ en ‘Vedische astrologie’. Ik hâld my sels it leafst dwaande mei de klassike astrology, dus op basis fan de sichtbere planeten fan eartiids, sûnder Uranus en sa derby. Dy astrology is feitlik en is net út de psychology wei rekkene. Ik ha ek in pindel dy’t ik brûk foar ja/nee-fragen. En ik foarsis wol de takomst mei geomansy. Dat giet mei stiennen dy’t in line of linestruktuer foarmje. Ik ha dêr ferskate boeken oer. Geomansy komt oarspronklik út Afrika. Ik folgje no in kursus dêroer op ynternet. At ik it helje krij ik in titel en in diploma, mar dan moat ik earst in foarsizzing dwaan dy’t útkomt. Ik hâld my net dwaande mei swarte magy. Mei magy kinst dyn wil fersterkje troch middel fan rituelen. Sa kinst dingen stjoere út de wil wei. By rituelen moatst tinke oan altaren en it lûken fan sirkels. Ik fyn it hiel nijsgjirrich om deroer te lêzen, mar moatst oppasse mei it oanlûken fan krêften. Ik bin perfoarst gjin swever. Fan jongs ôf oan ha ik al mei dizze saken eksperimintearre. Ik wit wol wêr’t de stjerren stean oan ’e himel, mar by astrology giet it mear om it foarút sjen of fielen wat der barre sil, yn de wittenskip dat de tiid net bestiet.’

Op dyn bloch, www.cornelisvanderwal.nl, bist wol gauris kritysk oer Omrop Fryslân. Wat mist der neffens dy by de omrop?
‘Yn it foarste plak mis ik omtinken foar de Fryske literatuer en foar kultuer yn it algemien. Ik fyn dat de omrop in soad plat amusemint bringt. Op de radio mis ik ‘De Koperen Tún’ fan Aly van der Mark. Dat wie in heechweardich kultureel programma. Op itselde tiidstip is no ‘Buro de Vries’ te hearren. Ien kear yn de moanne ha se dan in foarum oer boeken, mar der is hast nea omtinken foar Fryske boeken, wol in soad foar Nederlânske boeken en dat soe eins oarsom wêze moatte. ‘K-Rûte‘ fyn ik wol in aardich programma op de televyzje. Ik fyn ek dat de omrop op it stuit te folle omtinken hat foar de PVV. Dat giet my te fier. Ik skriuw wol ris in mail nei de omrop om myn miening te jaan, mar ik krij mar in inkelde kear antwurd. Ik lit my op myn bloch wol oer mear dingen kritysk út, ek oer de besunigings by de provinsje. Ik ha ek wolris rúzje op ynternet. Der wurdt no besunige op literatuer en kultuer, mar se jouwe wol jild út oan stjonkfabriken en se sette hielendal yn op Fryslân as kulturele haadstêd. Ik sjoch dat net sitten, omdat allinnich de elite derby belutsen wurdt en de keunstners neat frege wurdt.’

Sels hast it programma ‘Omrop Knilles’ presintearre op Radio Mercurius, de stedsomrop fan Ljouwert.
Cornelis: ‘Ja, dat ha ik trije moanne dien as reyntegraasjeprojekt. Ik ha in tal dichters en skriuwers ynterviewd, lykas Albertina Soepboer en Henk van der Veer. Se mochten elk trije muzyknûmers útsykje om yn it programma te draaien. Dat fariearre fan alternative rock oant klassike muzyk. Ik fûn it hiel aardich om it programma te meitsjen en hie der ek wol mei fierder kinnen, mar dan op in oar tiidstip en dat kaam my net sa goed út. Miskien dat ik it letter wol wer ris oppak. Ik sjoch it as in taak om op serieuze wize mei Fryske literatuer om te gean. Mei Omrop Knilles folle ik yn elk gefal it gat op dat Omrop Fryslân falle lit.’

Bestiet it Duo von Däniken noch?
‘It Duo von Däniken foarmje ik mei Anne Feddema. We meitsje en montearje tegearre kabaretfilmkes foar Youtube. Anne sil no op syn minst twa jier yn Berlyn wenje, it leit op it stuit even stil. Eventueel soenen we fia Skype ek wol wat opnimme kinne. We ha ien kear tegearre optreden, dat wie by de presintaasje fan it boek ‘De ôfrekken’ fan Willem Schoorstra. Doe ha we live spile yn boekwinkel De Tille yn Ljouwert en dat wie in grut sukses. We spylje faak buorfrou en buorfrou mei fan dy seurderige stimkes, sa fan: ‘Bakje kofje buorfrou?’ Dy kear yn De Tille waard der in poppe berne en der kaam ek in rolstoel oan te pas. Mei Duo von Däniken meitsje we ek wol muzyk. Dy filmkes stean ek op Youtube.’

Wat binne dyn plannen foar de koartere en langere termyn?
Cornelis: ‘Yn myn begjinjierren as skriuwer siet der wat mear tiid tusken de boeken, no giet it wat hurder. Op it momint bin ik dwaande mei in bondel koarte ferhalen. Dy komt ein takom jier út;  ik ha der in beurs foar krigen fan it Nederlands Letterenfonds. Yn dy ferhalen komt de magy ek werom. En ik sil in tal figueren út de literatuer parodiearje. Wat dat oangiet mei ik graach pleagje. ‘Kening Kees’ is ek in kaairoman oer besteande persoanen. Ik gean wis troch mei myn webloch. Hast alle dagen skriuw ik der wol wat op of ik set der in filmke op. Ik sit ek op Twitter en Facebook. De dingen dy’t ik op Twitter set komme ek automatysk op myn webloch. Ik doch fia ynternet leuke kontakten op. Der ha hjir lêst in pear minsken bamy mei my iten. En fansels gean ik troch mei myn redaksjoneel wurk by ensafh. We tinke der no ek oan om mear filmkes sjen te litten op de ensafh-webside.

Nei de ferhalebondel wol ik wer in dichtbondel skriuwe. En ik soe noch graach in roman skriuwe wolle fan Durk van der Ploeg-formaat. Ik mei graach research dwaan. Sa ha ik ûntdutsen dat de Frânske skriuwer Rimbaud ek yn Ljouwert wenne en wurke hat en Fryske gedichten skreaun hat. Ik wol dêr graach mear mei dwaan. Mei myn 55 jier wurd ik suver wat sosjaler. Ik mei graach foardrage. Yn 1997 ha ik Fryske gedichten foardroegen op Poetry International yn Rotterdam, mei boppetitels yn it Ingelsk en Nederlânsk. Der soenen ris wat mear literêre aktiviteiten hâlden wurde moatte, dêr’t jo foardrage kinne. Der bart te min op dat mêd, fyn ik. Ik bin ek kompjûtergek, sa’tst sjochst stiet myn hûs fol kompjûters. Ik ha ek hiele âlde, lykas in Toshiba fan tweintich jier âld. At ik skriuw, moat ik eins gjin ynternet yn de buert ha want dat liedt ôfgryslik ôf. Njonken myn plannen om mear te dwaan mei de astrology soe ik ek mear dwaan wolle yn de muzyk. Ik spylje keyboard en soe noch wolris in grutte elektroanyske opera skriuwe wolle. Ik sil de muzykstikken dan sels ynsjonge en in sopraan meitsje fan myn stim. De komposyjes wol ik dan mei bylden derby op ynternet sette. Ik ha ek noch in soad mingpanelen en in elektryske gitaar. Willem Schoorstra en ik tinke deroan om in skriuwersband op te rjochtsjen. Dat wurdt dan wol in rûge band. Ik hâld sels fan alternative gitaarrock, lykas fan Rammstein, Bloodhound Gang en Jesus and Mary Chain en ik draai in soad opera. No, mei al dizze dingen kin ik de rest fan myn libben wol folje.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op