Greet Andringa

Ferhaal ‘Deus ex’ fan Greet Andringa skeind yn Feestlift no goed op Poadium

logo.ensafh

(Yn Feestlift, it Boekwikegeskink 2009, mei ferhalen fan ‘4 mystery skriuwers’ is mei it fjirde ferhaal ‘Deus ex’ wat misgongen. Fan in tal alinea’s is de kursivearring weifallen en de kat is fan in ‘sy’ in ‘hy’ wurden en dêrtroch is it byneikommen fan it ferhaal in ein lestiger wurden. De skriuwster fan it ferhaal, Greet Andringa, hat dêrom it fersyk dien om it ferhaal op Poadium te setten. Elkenien dy’t it boekewikegeskink lêzen hat is no yn ’e gelegenheid om nochris de krekte ferzje yn te sjen.)

Deus ex

‘Soademiterje op!’ sis ik tsjin de safolste -peut of -looch dy’t deryn komt sûnder dat ik derom frege ha. Ik kear har de rêch ta en ryd nei it blêd dêr’t de kompjûter op stiet. De tsjillen meitsje in kleverich lûd op it swilk. Ik druk op in pear knoppen en loch yn. Titus Twa rint troch bewegings fan myn fingers de trep ôf, de hal yn mei de ymminse pylders. Der hingje fakkels oan ’e muorren, mar it bliuwt dêr lykwols healtsjuster. Om him hinne ferskine en ferdwine oaren. Guon binne nij, guon ken ik werom fan earder. By de sintrale kolom moat ik kieze tusken de toeriste- en de spulmodus. Ik druk op de ûnderste knop en rin nei ien fan de fiif doarren nei bûten, de swarte mei de gouden stjerren, dêrmei kin ik dalik de stêd út.
Yn ’e fierte sjoch ik de fertroude kime mei de blauwe bergen. De sinne komt krekt op. Ik sykhelje djip en begjin te draven oer it sulver-beferzen gers. De ofstân tusken de printen dy’t ik meitsje wurdt hieltyd grutter. Ik hear it kreakjen ûnder de fuotten. Fiele doch ik it net fansels, likemin as ik wat mei dy oare lidden fiel: skonken, kâld en sûnder libben, bongeljend yn de spikerbroek. In pear moanne lyn paste dy my mar krekt, no is it alle kearen as is er al wer in maat grutter wurden. Ik wol in skop tsjin de tafelpoat jaan, mar dat slacht ek nergens op.
Ynienen fernim ik dat der noch altyd immen nei my sjocht.
‘Bist no noch net fuort?’ snau ik har ta en ik spring op ien fan de ienhoarnen fan de keppel dy’t hjir meastentiids en hjoed ek weidet. It bist stegeret en swaait mei de lange wite moannen, de draaide punt op ’e foarholle glinsteret yn it ljocht fan de sinne. Hy krijt it net foarinoar en smyt my derôf.
‘Ik woe dy yn alle gefallen eefkes in hân jaan,’ antwurdet se, ‘mei ik fierder komme?’
‘No, toe dan mar. Omdatsto it bist.’
Se komt op my ta. Donker koartknipt hier. De boppeste knoopkes fan it rútsjebloeske iepen. In swart rântsje kipet derûnder wei, bh-bantsje tink. Se hat in geef wyt feltsje. It falt net ôf wat ik sjoch. Krekt of docht dat der noch wat ta.
‘Marianne,’ seit se. Marianne. Se hie my likegoed in slach yn it gesicht jaan kind! Ik pak in Kalasnikov en sjit him leech op de oare hynders. Se raze fan pine en it wurdt ien bluodderige griemerij. Net goed foar myn skoare oars.
‘Wol Marianne dan no miskien opsokkebalje?’ byt ik har ta. ‘Sa asto sjochst, bin ik dwaande!’
Se knikt en rint fuort. Har achterkant liket op sa’n grutte fioele dy’t je tusken de knibbels hâlde moatte. Ik jou mysels ynwindich in wraam. Op ’e drompel draait se har om: ‘Fynst it goed as ik fan ’e wike nochris lâns kom?’
‘Ast neat betters te dwaan hast,’ antwurdzje ik. Ik spring fan it ryddier. It hat nei myn aksje alle glâns ferlern en gluorket my suver wanmoedich oan. Ik smyt it sjitizer fansiden en draaf gau fierder.

Bûten is it ek kâld, mar dat sil aanst wol oergean. Ik stek de kaai yn ’e bûse, lûk de fiters noch wat stiver oan en begjin te rinnen. It hast oergroeide paadsje nei de doar ôf, by de stekjes en hagen fan de buorlju lâns. Nei lofts, de klinkertdyk op dy’t it doarp útrint. Nei in pear hûndert meter fine de fuotten har kadâns en de eagen de iepen romte. It duorret lykas oars wol in skoftke foar’t ik de siken en de hertslach op oarder ha. Der komt my in grutte plûm damp ta de mûle út, it fluitet ûnder yn ’e kiel, ik lykje wol in stoomlokomotyf.
By it brechje rin ik de Wynjumerdyk op. Krapoan twa kilometer ûnderweis. De teannen en fingers wurde stadichoan waarm. Lamkes stompe wyld mei de snút yn skieppebuken, se stowe fuort as ik deroan kom. De memmen bletterje en rinne der mei stive poaten achteroan. Ik moat útsjen om net yn ’e stront te traapjen. Wylst ik fierder by it wetter lâns rin, sakket de sinne stadich, it ljocht wurdt mylder en de skaden langer.

It fjild oer, by in bosk lâns. Ik dûk yn de mar mei it swimbadblauwe wetter, ûntwyk haaien en seemearminnen en swim hielendal nei de oare kant. It puntetal fljocht omheech. Hymjend en drippend kom ik wer út it wetter wei en sjoch in pear kear om my hinne. Wêr sil ik hinne, nei de bergen of nei de woastyn?
Marianne, tink ik, Marianne: in namme dy’t nei galle smakket, in foto mei de foarkant nei ûnderen yn it laad fan it kastke neist it bêd, in namme dy’t my lykwols de fingerseinen pimperje lit fan oantinkens. Mar dan ynienen sjit my yn it sin dat ik dy namme hjir dochs ek al ris earder heard ha en ik wit ek wer wêr.

De doar is net goed ticht mei it pasjinte-oerlis. Ik hear saken oer de oaren dy’t my gjin bliksem oangeane. Frou Verlinden nimt de pillen net, dat se sjocht noch altyd spoeken. Sake Ruwalda wol as er frijt mei de freondinne leaver net steurd wurde, en alhielendal net troch de logopedist. Liuwe Haakma mei eins al nei hûs, mar de frou wol him der net wer yn ha. En dan binne se oan my ta.
‘Titus de Vries, wa is dat ek al wer?’ freget in gibelich heech stimke. It lytse ferpleechsterke mei de skeinspruten dat krekt fan ’e wike fan fakânsje weromkommen is. Elkenien wit al dat it fjirtjen dagen reind hat op Mallorca.
‘Titus is De Man Dy’t Mei De Doarren Slacht,’ bolderet Gerben, de fysioterapeut. Der flimet my in nidige stek troch de lea. De oaren laitsje.
‘Moai dat er wit hoe’t er de hannen brûke moat, mar is der ek progresje yn ’e beweechlikens fan ’e skonken?’ freget de dokter. ‘Nee. Gjin bliksem!’ wol ik útraze, mar ik stean oan de ferkearde kant fan de doar. Wurd net achte mei te tinken. Sy witte wol wat goed foar my is: mei syn allen útlitten wurde yn it doarp, troch de skoaljeugd útmakke wurde foar ‘dy heale soalen fan de Ekemahôf’. Yn ’e bleate kont sitte by Gerben, grif, en dan dat ferrekte slankje der wer út, allinnich mar om te sjen dat der nei ferrin fan tiid dochs wer sa’n ferdomd wiet plak op de stoel komt. Bytiden sit der sels bloed by. En hy dan mar beare dat it yn alle gefallen wer fiif minuten langer duorre hat as de oare kear. Se kinne om my ferrekke. Ik wurkje net mear mei.
‘Mar hy moat syn oefeningen dochs dwaan?’ freget dy lange mei it steile ljochte hier. ‘Sa hat syn ferbliuw hjir gjin sin.’
‘Oars moat er mar nei hûs,’ seit in oarenien.
‘Bist gek,’ ropt Gerben, ‘hy moat it krekt fan dizze earste moannen hawwe. Wat langer as er it sloere lit, wat minder as we noch wer foarinoar krije. Boppedat moat er foar wat er net kin alternativen leare. Sa wurdt it him thús net.’ Thús.
‘Hy is sa negatyf,’ seit it steile ljochte hier wer.
‘Fynst it frjemd?’ freget Gerben en ynienen mei ik him wer lije.
‘Moat ik de pot mei antidepressive suertsjes al iependraaie?’ freget de dokter. Asjeblyft net, tink ik, en in radiografysk bestjoerbere robot wurde, jou my dan dalik mar in ein tou. Ik spytgnyskje: sels dêrmei soe ik mysels net allinnich rêde. It team hakketearret der in skoftke multidissiplinêr op om en komt ta de konklúzje dat Marianne der dan mar ris by lâns moat. Ik tink dat ik it ferkeard heard ha.

Op de krusing mei it Heeringapaad is it fiif kilometer punt. Myn tinzen falle útinoar ta bekende wurdlidden, al in moanne lang binne it hieltyd deselde. Foar elke stap ien: ik-bin-har-kwyt, ik-bin-har-kwyt, ik-bin-har-kwyt. It is as wrakselje ik my troch brij by it talúd op. De boaiem is sompich. Focht sûcht yn de skuon en út de swiere spieren buorrelet as alle kearen de fraach op wat ik hjir yn ’e frede te sykjen ha. Boppe nim ik in swolch wetter en doch ik wat rek- en strekwurk foar’t ik fierdergean. It earste swit rint my by de holle del.

II

Ik sko under de skjinne lekkens. Jei de kat, in oanrinner mei trije poaten, fan it dekbêd.
‘Moat dat no?’ freget Marianne. Se klapt it boek ticht en suchtet. Docht it ljocht út. Ik hear har sykheljen. In bytsje ûnrêstich.
‘Kom hjir ris,’ sis ik as we fiif minuten letter noch krekt sa lizze beide op ús eigen helte.
‘Wêrom?’
‘Kom no gewoan eefkes lekker by my.’
‘O?’ antwurdet se. ‘No hast ynienen wol tiid foar my?’
‘Hè, toe juh…’ Ik krûp har tsjin de waarme rêch oan. Slaan in earm om har hinne en taast nei ien fan de gleon meitsjende puddinkjes. Se slacht myn hân fuort as ik sêft yn de kers knyp.
‘Ik ha moarn in gearkomste.’
‘Dat is moarn,’ sis ik. Se rûkt lekker en myn fingers kuierje har oer de side nei de hierkes ûnder oan de búk. Se ferstivet. Meastal helpt in skoftke streakjen en rûntsjedraaien dan wol, hjoed net.
‘Ik moat de boel foarsitte.’
‘Dat hast dochs wol ris faker dien?’
‘De direkteur is derby en de regiomanager.’
‘No en? Reden te mear om no eefkes te ûntspannen. Witst dochs dat froulju better prestearje as se foar de wedstriid…?’
‘Fergémy! It is ek altyd itselde mei dy, net?’
‘Frije is dochs ek gewoan lekker?’
Se hâldt har in skoftke stil. Stúmsk. Dwaande mei it útbrieden fan in tsjinoffensyf. Ik ken har.
‘Hiest miskien noch in kâns makke ast de rest fan it wykein ek in pear tellen nei my omsjoen hiest, mar nee hear: sport, stappe en oeren mei dyn stúdzjekammeraten troch de tillefoan lulle oer fierste jonge famkes. “Ja, de natoer is moai.” “Leuk bealchje. Wol wat in hiel koart rokje, fynst net, dat freget gewoan ergens om.” Of tinkst dat ik soks net hear?’
‘Ah juh, dat is manlju ûnder inoar…’
‘En mei dy pjutten noch op it netflues jûns dalik my it krús mar yndûke, tink?’
Ik kin it net ferhelpe en narje har noch in bytsje: ‘Bûten honger krije en thús ite!’
Se skuort oan de tekkens en wuollet har der sels yn. Ik krij it kâld en krûp op ’e nij tsjin har oan. Wriuw har mei de noas yn de nekke. Flústerje har yn it ear: ‘Ast gjin nocht hast, meist my ek wol eefkes ôfsobje, hear.’

As ik de oare middeis thúskom, stroffelje ik by de doar sawat oer de kat, dy’t him lûd spinnend stiif tsjin myn skonken oandrukt. Dat docht er oars noait. It is mear Marianne har bist as mines.
It ûnrêstich kriuweljen dat ik yn ’e búk fiel, wurdt noch slimmeroan as ik deryn gean. Fansels gean ik alle keamers troch, fansels sjoch ik yn ’e tún, mar ik hear it eins al oan de soarte fan stilte dy’t yn ’e gong hinget: dy is oars as oars.
We hiene net foar it earst dyselde rûzje, wol foar it lêst. Wat ik net foar mooglik holden hie, wie dochs sa: ik kaam thús en it hûs wie leech. Har mobyl naam se net oan en har âldelju woene net sizze wêr’t se úthong. Oant op de dei fan hjoed wit ik net wêr’t se is. Ik wit net iens oft se wit dat ik hjir bin.

III

Dalik de oare deis is se der al wer, dy oare Marianne. Ik bin de stêd yngongen, troch de read ferwielen doar mei it berneslot, it midsieuske part yn. It hat kantielen op de muorren en froulju achter de glêzen. Ik bin krekt dwaande my fûleindich op ien fan harren út te libjen as Marianne my freget wat ik eins oan it dwaan bin.
‘Dat liket my frij dúdlik, sis ik, ‘ik kin dy itselde freegje.’ Ik lit de knop los en it neakene frommes knoffelet achteroer. It puntetal sakket dalik mei in pear hûndert. ‘Ik ha gjin ferlet fan maatskiplike bewurking.’
Se negearret it lêste part fan myn antwurd. ‘Ik bedoel: hokker spul dochst?’ Se meneuvelet nei de gewoane burostoel. Hast sûnder dat ik it yn ’e gaten ha, jou ik in knikje. Se skoot neist my. Op it skerm rin ik werom de dyk op, net reagearjend op de segrinige wurden fan it fallen frommes, nei alle gedachten wurde dy dochs automatysk generearre. ‘Heterotopia III, in bèta,’ antwurdzje ik en mei in pear hantaasten skeakelje ik oer fan de spulmodus op de toeristemodus. Se liket net bot ûnder de yndruk.

By de krusing slaan ik ôf, de Heechwiersterdyk op. Dize begjint út it wetter it lân op te krûpen, elzeboskjes woartelje net langer yn ’e wâlen. ‘Goejûn,’ groetet in temjitte kommende hurdfytser. Yn ’e loft kleurje grutte dûnzige wolkedekbêden oranjerôze en griisblau. Dertusken blikkeret in wite stip. De kondinssturt wiist rjochting Amearika. In hynder wrinzget yn ’e fierte. It lûd draacht fier, der stiet sawat gjin wyn. Flop-flop-flop klinke de skuon op it beton. It dreunt my troch de kop, mar mei alle stappen reitsje ik wat kwyt fan it lead dat my oerdei de grûn ynlûkt. Wat oerbliuwt binne it lânskip en ik, ik en it lânskip.

It rûnrazende buorreljen yn de ieren jout him stadich del. No en dan moat ik in pispot ûntwike dy’t troch in heech finster yn in fakwurkgeveltsje lege wurdt, mar slimmere dingen barre der no net. Minsken keuvelje en kuierje by etalaazjes lâns mei huodden en gebak. It liket hast in gewoane sneontemiddei op ’e Nijstêd. Marianne seit neat, sjocht allinnich mar. Ik rin oer de balstiennen strjitte omheech nei it slot en belânje op in pleintsje mei in smei-izeren stek deromhinne. It sjocht út op in glinsterjende rivier. Oan wjerskanten binne greiden mei melkkij en oar fee, fjilden mei nôt en hjir en dêr wat beamkebrot. De sinne komt al wer op boppe de blauwe bergen. Ynienen fyn ik dat ik dêr wol wat hiel allinnich stean. Ik glimkje nei Marianne. Se komt oerein en leit my krekt eefkes in hân op it skouder. Ik krij pikefel. ‘Bliuw fan my ôf,’ sis ik. Bot oertsjûgjend klinkt it net.

IV

Alle dagen binne hjir itselde. In dúdlik, mar behearske klopjen op ’e doar om sân oere. Om kertier oer sânen komme de helpende hannen. Hannen dy’t skoarje, hannen dy’t waskje, hannen dy’t oan my sitte op plakken dêr’t eartiids allinnich de freondinne en iksels komme mochten. Se reitsje oan, mar fiele neat. Miskien noch minder as iksels.
Der hearre stimmen by dy’t mei holle fleurigens op my ynprate: ‘Silst der dochs út moatte, Titus, kinst net de hiele dei lizzen bliuwe. Hast in drok programma. Der wachtsje minsken op dy.’ De tekst is altyd itselde, wa’t him útsprekt altyd in oar. Op de flier klinkt it leffe lûd fan sandalen of it grimmitich klak-klak fan sikehûsklompen. Se ha eagen dy’t my net oansjogge of eagen dy’t allinnich mar ienrjochtingsferkear duldzje. Se freegje hoe’t it mei my is op dizze skoandere moarn, mar wolle it antwurd net witte. It heucht my net dat ik ea tastimming jûn ha om my by de foarnamme te neamen.
By it mienskiplik iten yn ’e rekreaasjeseal hâld ik my safolle mooglik ôfsidich fan it oare wrakhout. Ik bin bliid as it achter de rêch is, dan kin ik werom nei myn eigen plak. Se ha wyls begrepen dat se my net meikrije nei harren martelkeammerkes, de -peuten en de -logen, dat ik ha frij oant it kommende miel. De búk fielt my ferfelend en fol. Dwaan wol ik. Drave. Punten garje, hieltyd better wurde.

De kleuren ferblikke, it wurdt rap tsjuster. Utsjen dat ik my net ferstap op in beamwoartel dy’t it weitek omheechwrot. It lange ein Miedwei, trochstekke by de maneezje lâns, oer op de Stapensiasingel. In klyster sjongt in jûnsliet. Yn de fierte sjoch ik no en dan in pear ljochtsjes dûnsjen. Bytiden binne se ferstoppe achter in beam of achter de dize dy’t hieltyd heger komt. De fochtige kjeld is my wol noflik oan de hite holle, mar miskien hie ik better it reflektorhimd oer it donkere pak hinne lûke kind.
Achter my komt it brommen fan in trekkermotor stadich tichterby. By it stek foar de daam fan de Hokwerda’s hâld ik it horloazje foar it boarst. It finsterke ljochtet blau op. Ik bin no rûchwei oardel oere ûnderweis. Ik ha in moaie hertslach. Eins fiel ik soks sa njonkelytsen ek wol sûnder hertslachmjitter.
Ik draaf fierder oant de krusing dêrnei. Dêr kin ik twa dingen dwaan: as ik it gewoane rûntsje ôfmeitsje, bin ik mei tsien minuten werom yn it hûs dêr’t ik my stjerrende ûnwennich fiel. Hielendal no’t de kat my ek noch yn ’e steek litten hat. Ik kin der fansels noch in luske yn ’e Heechwierster rjochting oan breidzje. In healoerke hâld ik it noch skoan út, mar it wurdt sa njonkelytsen wol hartstikke mistich. Ik twivelje. En kies dochs it langste paad: ik stek oer en draaf it kronkelich B-dykje yn dêr’t hast nea wat rydt.———–

Alle dagen binne itselde. Ik moat sels de ferskillen meitsje.
Mar hjoed wit ik net mear hoe’t dat moat. Ik draaf mar wat rûn, sjit op alles wat ik tsjinkom, de kleuren lykje te flets of krekt te skel. Uteinlik gean ik sels werom nei de doarrehal, skeakelje de puntetelling út. Ik jou my del op in stien dy’t der earder noch net wie. Wat ik om my hinne sjoch is ynienen foaral patetysk. Manlju, froulju en guon der tuskenyn. Hoeprôken, fearren, kroanen en diademen, juwielen en swurden, de iene is noch healwizer optoaid as de oare. Hast allegearre binne se lang en kreas en goed proporsjonearre. Ik ek. Ik ek yn myn strak pak dêr’t jo alle spieren trochinne sjogge: in drege fjocht- en faasjemasine yn in streamlinich hurdrintenu sa’t ik dat sels yn myn foarich libben net hie. Der priket my wat yn ’e noas. Ik wol hielendal net oan earder tinke.
Ik sjoch nei in frou yn in lange griene jurk mei in ymponearjend opdrukt balkon en read oplôgjende flammen op souder. Hast ûnmooglik dat se in ynboude figurant is. Se knypeaget nei my en winkt mei de finger. Ik draai har de rêch ta, ik ha gjin nocht oan praten. Ik ha nergens sin oan. Unferwachts springt my in swarte kat op ’e skoat. Dy hat trije poaten, krekt as uzes. Ik aai it bist. Sels dat fielt leech. De kat spint. Ik doch neat mear. Stoareagje.
‘Giest der mei út?’ freget Marianne om ’e hoeke fan ’e doar. Se skuort my út de sompe sûnder tinzen. ‘Binne se dan noch net fuort?’ antwurdzje ik. ‘Ik miende dat ik it Karnaval fan Beheinden tsien minuten lyn al foarby gean seach.’ In skoftke earder hie ik foaral it heech en falsk kwinkelearjen fan de aktiviteitebegeliedster en har stazjêre foar myn ruten lâns heard.
‘Nee, ik bedoel gewoan, do en ik.’
Ik sjoch nei it finster. De sinne skynt. It earste grien rint oan de tûken út en hjir en dêr blomkje beammen yn rôze kleuren dy’t net misstean soene yn myn byldskermwrâld. ‘Smoar mar!’ lit ik de ferbettere ferzje fan mysels troch de kastielhal balte. Guon figuranten sjogge myn kant op. Fierders bart der neat. Ik loch út. Marianne wachtet oant ik har kant oprôlje.
‘Moatst net oan it wurk dan?’ freegje ik.
‘Dit is wurk,’ seit se gelokkich. Tagelyk stekt it in bytsje. Wat hie ik dan wollen?
Se stipet my op gjin inkele wize as se my mei de doar en de drompel wrakseljen sjocht. Se seit der ek neat oer. Ik fertink har derfan dat se mei opsetsin de lestige kant fan it gebou kiest om derút.
‘Wêr sille we hinne?’ freget se as ik de wein einlings bûtendoar krigen ha. Se is net sa grut, dochs stekt se in hiel ein boppe my út. Se sjocht my teminsten wol oan as se mei my praat. Ik wiis nei it park, it bankje oan de râne fan de fiver.
‘Goed, aanst,’ seit se, ‘ik wol earst noch eefkes in slachje om. Ik wurd sa stiif as in planke fan de hiele dei sitten. Do net?’ Eigenwiis slacht se in dwars ein fan har swarte sjaal oer it skouder. Hat se eins wol yn ’e gaten wat se seit?
Ik ha der klauwen oan om har by te hâlden op it modderige paad. Ik hymje en ik ha smoarge hannen. Se liket neat yn ’e gaten te hawwen. De spikerbroekbillen dûnsje my pesterich foar de eagen.
‘Kin it ek wat suniger?’ freegje ik úteinlik grimmitich.
‘Jawis wol, juh.’
We sitte in skoftke by it wetter. De earste pykjes binne der al. Marianne hat apels foar ús meinommen en bôlekoarsten foar de einen. Se besiket de bisten de wâl op te lokjen. En dat docht se mei my blykber ek, want as we it in skoftke hân hawwe oer de blommen en de steat fan de gebouwen, freget se my ynienen hoe’t ik hjir sa telâne kommen bin. Yndie: se hat al dy tiid gewoan oan it wurk west. Spuonnen doaske! Wat soe se oars ek moatte mei sa’n heale fint as ik? Ik smyt it klokhús mei in needgong nei de kop fan in jerk yn it wetter. Mis. It bist fljocht lûd kweakjend op. Ik wrot my los út de drek en byt har ta: ‘Dat sikest mar moai op yn it dossier.’

In pear yntervaltsjes om ôf te sluten. Ik druk op de knopkes fan it klokje. Meitsje grutte stappen. No is it krekt as flean ik. By de tredde beam mei ik stopje. 100 meter yn 24 sekonden. Ik kuierje in heale minút en dan nochris. Oant nei de bocht. 150 meter yn …
As ik omheech sjoch fan de siferkes op myn pols, is der ynienen allinnich noch mar ljocht. Skel ljocht. As op in filmset. De mistdripkes kin ik ien foar ien om my hinne glinsterjen sjen. Reflektearjende peareltsjes driuwend op de lucht. Ik stean hast stil, wylst ik net opholden bin fan draven, de tiid is beferzen. Hiel stadich sjoch ik de gromen eyelinerlinen dy’t de eagen omjouwe dêr’t it ljocht útkomt. De grille dêrtusken, it swarte gat derboppe. Achter it rút raast immen krekt sa lûdleas as ik.

VI

Oan de oare kant fan de mar gean ik nei rjochts. De blauwe bergen lit ik lofts lizze. De kat mei de trije poaten is noch altyd by my. Stadichoan giet it gers oer yn sân, krijt it flakke lân mear reliëf. Al gau rint myn wei oer dunerige nei dunerige. Se wurde hieltyd heger. Guon ha in weagepatroan, as is it de boaiem fan de see. Ik kom in ploech kameledriuwers tsjin, in hannelskaravaan. De bisten ha grutte stellaazjes op ’e rêch mei rôlen stof, kruken fan stienguod, learen pûden mei ûndudlike ynhâld. It hert kloppet in bytsje flugger. Wat soene se wolle? De man neist de foarste kameel tilt de hân op. Myn spieren spanne. Hy groetet freonlik, freget oft ik noch hannel ha. Ik suchtsje. Neat oan de hân. We dwale in skoftke om. De sânbulten begjinne hieltyd mear opinoar te lykjen. Hieltyd minder groeit der. Yn ’e fierte sjoch ik in swart grimeltsje. As we tichterby komme blykt it in diske fan Coca Cola te wêzen. Ik ruilje it sjitizer foar wat te drinken en in tas mei fan alles dat fan pas komme kin ûnderweis. As lêste freegje ik om in bakje wetter foar de kat. Myn puntetal rint in bytsje op, ik glimkje. We geane fierder. It paad dat we folgje, dochs al stiennich en ûndúdlik, wurdt hieltyd mear wei yn de omjouwing. It liket der hieltyd minder ta te dwaan hokker kant oft ik oprin, snieblyn fan it sân. Ik skrik suver as der ynienen in jeep oer de top fan in hege rêch komt. Hy makket djippe gatten yn de boaiem as er flak by my remmet. In kop mei in grutte sinnebril achter it stjoer. Hy praat yn in taal dy’t ik net ferstean, hieltyd lûder en opwinender, wiist nei de kat. Ynienen begjint er te sjitten. Ik dûk yninoar. Hy mist. My. De kat rôlet har ynienen op ta in hierrich baltsje. Wat reads rint har út de side. De fint liket fan doel har ôf te meitsjen, oan flarden te sjitten, neat fan har oer te litten. It hert bûnzet my yn ’e kiel, de siken sjitte yn in hegere fersnelling, it wurdt my read foar de eagen. Ik helje in mes út de lears en tigerje om de wein hinne. Klim deryn. Fan achteren wit ik by de man te kommen, ik gryp him fêst. Yn elke trie fan it hiele lichem fiel ik it ferlet om him wat oan te dwaan, him kapot te meitsjen, te fermoardzjen. Ik stek ta, en nochris, ik sil…
Der wurdt op’e doar kloppe. In dimpte stimme: ‘Titus, kinsto net better sliepe?’
‘Noch hiel eefkes,’ antwurdzje ik. As der in healoere letter wer kloppe wurdt, fiel ik my in betrape bern.

Ik sliep ûnrêstich. Der fladderet my wat foar de eagen. Ik mien hieltyd it lûd te hearren fan ambulânses. Eefkes is alles wyt en skel ferljochte om my hinne. Nullen stekke my yn it fel. Slangen rinne út it lichem nei trochsichtige ynstallaasjes dy’t buorrelje en blaze. De minne prognoazes dy’t stimmen om my hinne preuvelje wurde wier trochdat se útsprutsen wurde. Stadich feroarje de skonken my yn woartels en sykje paad yn de blabberige ierde, gripe harren stevich fêst. Immen laket. De earms ferstiivje my, wurde tûken mei kreaze lytse bledsjes en blomkes, ik kin gjin kant mear út. De tonger rôlet. Wjerljocht slacht yn de beam dy’t ik wurden bin. De bast spat der oan alle kanten ôf. Wyt en neaken bliuwt de kearn stean. Midden yn it fjild.

Al oeren dwale we om. De kat strykt my by de skonken lâns. De wûnen binne ferskuorrende rap wer tichtlutsen. Sy liket wer hielendal de âlde. Se begjint sels hieltyd mear te glânzjen. Ik wurd wyls sawat gek fan de giel- en okertinten om my hinne. Der moat dochs in paad wêze dat hjir wer útliedt, der moat in wize wêze om fierder. We binne no al foar de tredde kear op it plak kommen dêr’t we de deade man achterlitten ha. Hy sjocht der alle kearen in eintsje beroerder út, mear ferdroege. De bonken stekke him al hast troch it fel hinne. Syn wein wol noch altyd net starte. Ik gean sitten. Sjoch ús fuotprinten ferskillende kanten oprinnen en wer weromkommen op ditselde plak. Wat is de bedoeling? Fan de puntetelling wurd ik ek neat wizer. Dy rint in bytsje op en sakket wer, skommelet hieltyd om itselde. Ik suchtsje. Ik sjoch nei de minst skerpe printen. ‘Kom, poes,’ sis ik, ‘as we der net foarút útkomme, dan mar werom.’ Ik kom oerein en rin de sakjende sinne temjitte. Sy rint my foar de fuotten. Wol net dat ik dy kant opgean. Ik pak har ûnder de earm. Se wjerakselet, mar ik hâld har fêst. Se bliuwt ûnrêstich. We rinne al wer in skoft, mar lykje noch altyd net foar en net achterút te kommen. Ik kin it paad perfoarst net werom. De kat wrakselet him frij. Ik rin har achternei, wol har net kwyt, dan ha ik hielendal gjin hâld mear. Sy stiet op de top fan in heech dún, sjocht my oan en ferdwynt oer de râne. Ik bealgje achter har oan. As ik boppe bin, sjoch ik dat de kime yn de fierte skier wurdt en hieltyd tichterby liket te kommen. In stofstoarm! Ik draaf nei ûnderen, oan de lije side, graaf as in wyld in hoal, fiskje in kleed út de rêchtas, lûk it oer de holle, meitsje my klear en wachtsje ôf. Al gau begjint it te lûken en te waaien, de wyn rûzet my oer de kop, it wurdt hieltyd tsjusterder ûnder it kleed. Wêr soe de kat wêze? Soe se it oankommen field ha? Ik lit my achteroer sakje tsjin de rêchlining fan de rolstoel oan. Yn it lytse keammerke dêr’t ik net wêze wol. It sjit net op. Dan mar in slachje troch it gebou.
De ruten fan de gong dy’t de rekreaasjeseal ferbynt mei it part dêr’t de eigen keamers binne, wjerspegelet it gesicht op in hichte dêr’t ik mar net oan wenne kin. Dêrachter is Gerben op in bankje dwaande mei syn middeisbrochje. Hy hat blykber eagen yn ’e rêch, want hy keart him om en stekt in tomme omheech. Hy sjocht my fierste bliid dat ik dêr omryd. Krekt oft it him wier wat skele kin. No ja, miskien docht it him ek wol wat; it fielt grif goed dat hy en syn team it foarinoar krigen ha dat dy dwarsharsens fan in Titus sels yn beweging komt. Ik sjoch him noartsk oan.
Yn de rekreaasjeseal is gjin minske. Ik glydzje fierder, oer de krekt dweile flierren. Nim de foardoar. Dy skoot fansels oan ’e kant as je derfoar steane. Ik ryd oer de tegels nei it terapygebou. Minsken laitsje en in bal fljocht oan de binnenkant tsjin it rút. Ik bin te leech om sjen te kinnen wa’t dêr dwaande binne. Ik rôlje om it part hinne dêr’t de dokter, de psycholooch en it oare praatfolk de sprekkeamers ha. Op it boerd yn it haltsje steane allinnich foarnammen en út en yn. Marianne is der net. No ja, ik wit eins ek net of ik har wier wol sjen wol. Ik ryd nei de kas, omdat ik dochs neat betters te dwaan ha en it noch lang gjin iterstiid is. En krekt dêr stiet se te pielen. De fine hannen yn ’e modder. ‘Wurk, tink,’ sis ik.
Se sjocht omheech fan de plant dy’t se oan it ferpotsjen is. Der ljochtet har wat yn de eagen. ‘Ja,’ seit se. ‘En do wiest klear mei de grouwélige aventoeren yn mearkelân en woest ek noch efkes sjen wat der yn de wiere wrâld te keap is?’
Ik skrilje wat tebek. ‘Wat freonliker mei ek wol tsjin in pasjint net?’
Se laket my breed ta. Der wurket him wat kribelichs omheech út ’e búk en ik begjin ek te laitsjen. ‘Hast gelyk,’ sis ik. Ik nim my foar my wat minder hufterich op te stellen.

VII

Marianne komt deryn. Se hat de post by har. ‘Dêr hie ik mysels oars ek wol mei rêde kind,’ sis ik as ik it bultsje fan har oannim, ‘mar tankewol.’ Oan it logo op ien fan de sluven sjoch ik dat der in brief fan de oplieding by is. It tentamenroaster. As in fraach fan de dekaan wêrom’t ik neat fan my hearre lit. Ik ha noch altyd net besletten wat ik dwaan sil. In inkele kear pak ik der in stúdzjeboek by. Ik kin de kop der net byhâlde. Stroffelje oer it wêrom, it wêrta. As ik lykwols tink oan útskriuwen, liket it of smoar ik, of snij ik it lêste triedsje mei de gewoane wrâld troch.
Der binne in stik of wat rekkens. En ien kaart. Der komme hieltyd minder, se begjinne my te ferjitten. Op de kaart stiet in kezyn mei iepenslaande finsters, in bak mei kleurige blommen derfoar. Gjin manljusplaatsje. Ik kear him om. Der steane mar twa wurden op. ‘Betterskip’ en ‘Marianne’. It hert stiet my eefkes stil. ‘Fan dy?’ freegje ik. It liket my sterk dat se krekt sa skriuwe soe. En wêrom soe sy my yn ’e frede ek in kaart stjoere? Se skodhollet. ‘Ik wol derút,’ sis ik.
We sitte ûnder it ôfdakje tusken de konifearen. Reindrippen sa swier as dowe-aaien giselje it blik. We kinne inoar hast net ferstean en wachtsje it slimste earst mar ôf. It rûkt nei hars en ferrotsjend hout, fakânsje.
‘Wa is Marianne?’ freget se as it waar him wat begjint del te jaan.
‘Myn eks,’ antwurdzje ik.
‘En dit is it earste watst yn al dy tiid fan har fernimst?’
‘Ja.’
‘Jimme wiene blykber aardich útpraat.’
Wat se seit rekket my oant yn de teannen. ‘Hielendal net!’ rop ik. It reade flues dat ik sa faak ûnder it gamen fiel, is flakby. It is tige maklik om it frij te litten, om no lilk op hár te wurden, en it liket my hearlik. Wat se ek seit, nim ik my foar: ik pak har. Mar Marianne hâldt har stil. Stil wêze kin se ferrekte goed. Krekt as dy oare: twa wurden nei in jier neat is in aaklik lyts bytsje.
‘Ik bin yn alle gefallen net útpraat mei har!’ folje ik minder wis oan.
‘Wat wolst dan noch sizze?’ freget se. No bin ik stil. Altyd as ik deroan tocht Marianne wer tsjin te kommen, hie ik in soarte fan opdriuw fan wurden field, de tinzen stroffelen oerinoar, ik wie bang it der net goed útkrije te kinnen. Dat úteinlike einige sa’n fantasij der altyd yn dat ik mysels de fûsten wytkniep. Mar wat is yn ’e frede in passend antwurd op: ‘Betterskip. Marianne.’ Wêr winske se my eins betterskip yn? Miskien winske se harsels wol betterskip. Stie der in punt of in komma tusken de beide wurden?
‘Miskien wiene de wurden it wichtichste net by jimme?’ freget de frou neist my.
It is noch altyd net hielendal droech, mar yn de beammen sjonge fûgels. Diene se dat de hiele tiid al? De eagen springe my fol wetter. Ik byt mysels op de ûnderlippe. ‘We wiene sân jier byinoar,’ sis ik. ‘Se wie der altyd en dat se der wie, wie gewoan. Te gewoan miskien. Ik krige pas yn de gaten wat se foar my betsjutte doe’t se fuort wie. Se hat myn libben meinommen.’
‘No, no, no…’ seit Marianne. Der liket wat mispriizgjends yn har eachopslach te wêzen. Se hat gelyk. It binne wurden dy’t passe by in frou mei hier fan fjoer en in jurk fan moas, net by in nofteren sporter. Mar dat bin ik ek al lang net mear. Ik wit ek net krekt wat ik al bin.
‘No ja, yn alle gefallen: ik hie nergens mear nocht oan. Ik kaam net mear oan studearjen ta, ik fergeat te boadskipjen en te itensieden en de kat ha ik sa fertutearze dat dy op it lêst ek mar fuortrûn is. It minst beroerd fielde ik my as ik draafde. It bleau ek dreech my dêrta te setten, mar as ik dan ienris dwaande wie, wie it of rûn ik stadich de lêst fan my ôf, kilo nei kilo. Soms wie it of sweefde ik nei in skoft, of fleach ik…’
‘En krekt ûnder dat rinnen…’ begjint se.
‘En krekt ûnder dat rinnen,’ sis ik. ‘Blykber wie sels dat te folle. Hie ik sels dat net fertsjinne, om my in pear kear yn ’e wike in healoerke, trije kertier in gewoan minske fiele te kinnen…’
‘Fertsjinne?’ freget se. ‘En wa weaget soks dan?’
Ik tink in skoftke nei. Helje de skouders op. ‘Witsto, ik tink ek wolris: it lichem hat him mei dat ûngefal gewoan oanpast oan hoe’t it eins fierder dochs al mei my wie. Allinnich kin elkenien it no oan my sjen.’
‘Noait mear in gewoan minske, noait mear fleane bedoelst?’
‘Noait mear fleane. Noait mear fiele. As se my oanreitsje, kin it likegoed in stoel of in tafel wêze dy’t se ferskowe. Tsjin my prate is net oars as prate tsjin de planten yn it finsterbank. Ik bin in ding wurden, in ding fol groeden en ta neat mear by staat.’
Marianne komt oerein. Yn in tel stiet se achter my, wrot de hannen by de hals fan myn trui yn, lit se in gefaarlik ein nei ûnderen glydzje en wriuwt my mei de noas oer it wang. Se rekket krekt myn mûlshoeke. ‘In ding?’ seit se. ‘Ik leau der hielendal neat fan.’ Se is fuort foar’t ik der erch yn ha.

Ik wurd wekker fan in sêft en fochtich snuffeljen oan it lofter ear. ‘Kom,’ flústeret de kat mei in stimme dy’t my bekend foarkomt, ‘it tuorre stoarmjen is foarby, we moatte fierder.’ Paden fan kâld fjoer rinne my oer de lea dêr’t er my oanrekke hat. Fan binnen binne it ien en al Spa-brobbels. Ik kom oerein en rin troch de keamer. De moanne glinsteret op de glânzjende swarte stof om myn stevige skonken. Yn it oare gebou brânt in let ljochtsje. Har wurkkeamer. Ik núnderje in tefreden wyske en sil op it byldskerm ta. Op dat stuit wurd ik echt wekker. Raar bewuolle yn ’e lekkens. Ik woe my blykber omdraaie, mar it ûnderein woe net mei.

VIII

De tillefoan giet. Hy stie op ’e trilstân, dat it duorre in skoft foar’t ik it yn ’e gaten hie. ‘Marianne,’ seit se. De hommelse kaart hie blykber in foaroankundiging west. ‘Hast it sa drok?’ freget se. ‘Ik hie hast wer dellein.’ Se himet in bytsje en wachtet gjin antwurd ôf. ‘Moatst ris harkje, ik woe net datst it fan in oar heardest, mar…’
Frjemd genôch glidet it boadskip my by de hûd del as in aai by in harnas. Se sil trouwe. Noch gjin oardel jier nei’t se by my wei gongen is. Ik hie ferwachte dat de wrâld midstwa falle soe by sa’n berjocht, mar dat docht er net. It is krekt as hear ik in oar praten. In frjemd dy’t neat mei my fan dwaan hat.
‘O,’ sis ik.
‘Hast oars neat te sizzen?’ freget se.
Ik doch myn bêst om wat te betinken. ‘Mei wa’ leit foar de hân fansels. De pest is allinnich dat it my neat skele kin. It liket wol of binne der twa ikken, tink ik: de iene praat mei Marianne, de oare besjocht himsels fan in ôfstantsje en is ferbjustere oer de net-oandienens fan dy iene.
‘No lokwinske dan mar,’ antwurdzje ik.
‘God,’ seit se hieltyd iziger. Yn earder dagen wie de toanhichte al lang oardel oktaaf oprûn. ‘Rinst noch altyd oer fan ynteresse foar in oar, hear ik wol. It wurdt my hieltyd dúdliker dat ik doedestiids in goed beslút nommen ha.’

Op it byldskerm fleane noch altyd giele en okerkleurige fegen sûnder ein foarby. Kwasy samar, mar by goed opletten yn in himsels om de tweintich tellen werheljend patroan. Op de iene of oare wize fiel ik my frjemd en tagelyk ferromme. De frou dy’t my yn ’e holle wennet en de frou fan de kaart en de tillefoan, binne blykber net hielendal deselde mear nei dit nuvere wintersliepjier fan sikehuzen en opberchoarden. Ik draai de ûnlijige spoeklûden fan de sânstoarm út. De hiele tiid ha ik tocht dat ik har werom ha woe, dat ik werom woe nei ús húske, ús bêd, ja sels nei ús kat. Mar dat is blykber oergongen, it hoecht net mear.
Ik realisearje my ynienen dat Marianne likemin frege hat nei hoe’t it mei my giet as dat ik frege ha nei har wederwaardichheden. Se hie gjin fragen mear, se hie antwurden. Konklúzjes. Gefoelleas bin ik en dat bedoelde se oars as hoe’t ik my fielde doe’t se dat sei. Neffens har sjoch ik oare minsken allinnich mar as gebrûksfoarwerp. As ding. En hat dat altyd al sa west.
Ik tink oan it petear fan de deis derfoar, mei de oare Marianne. Ding. Waarme spinnepoatsjes krûpe my út de nekke, oer it boarst, rinne earne dea ûnder de nâle. Dochs ha se gelyk op de iene of oare wize. Allebeide. Ik moat oars. Alles moat oars. Der binne heal lege glêzen en heal folle.

Focht dampt út it gers. It wurdt in moaie maitiidsdei. Ik kom in pear minsken tsjin. Groetsje foar de feroaring. Oan de rêstige kant, achter it gebou rôlje ik fan it paad. Fansels giet dat net, ik slipje op de wiete stâltsjes en sakje op oare plakken yn de trochweakke grûn, mar ik krij it foarinoar en parkear mysels ûnder in fruitbeam. In suchtsje wyn streaket my pikefel op de earms. Guon blombledsjes litte al los en foarmje in stadich, lui sniebuike. De sinne waarmet my de wangen, ik knyp de eagen ticht, de hiele wrâld wurdt wei yn in waarme reade gloede.
Miskien ha ik sliept. Ik skrilje op troch twatoanich laitsjen. It lûd fan Marianne springt as in fôltsje yn ’e greide boppe Gerben syn bolderjende wetterfal út. Ik wol it net hearre. It is net foar my bedoeld, ik ha der neat mei te krijen, mar frjemd genôch lûkt har tegearre wêzen de stop út myn momint fan tefredenens. Ik doch de eagen iepen. Gerben hat har by de earm. Sa’t er bytiden ek mei in âld wyfke troch de gongen skarrelet, mar dan hat er de oare hân net op de hân dy’t er steunt, dan is syn holle net sa tichtby harres. ‘It binne kollega’s!’ fermanje ik mysels. ‘No krekt dêrom!’ antwurdet in oar part. In kreaze, grutte man is hy; sy in libjende, taastbere frou. In taastende frou. Se steane stil by de bylzen dy’t de râne foarmje fan it blomperk neist it gebou. Marianne set har rjochterfoet derop. Gerben strûpt mei in tear gebaar de bokse omheech. Hy prutst en streaket wat oer de bleate skonk. As er oereinkomme sil, pakt sy him by de holle en tutet him yn it hier. Hy sjocht har oan mei in blik sa sêft as raande bûter. Ferdomme! Ik moat hjirwei! Ik wrot oan myn wein, glibberje in eintsje foarút, stykje, hingje bryk op in beamwoartel, krij de boel net op gong, hingje de ferkearde kant oer en slaan om. In heal ferwâde krobbe yn ’e drek. Se ha my heard en komme hastich op my ta. Gerben hat my al ûnder de earms fêst foar’t ik roppe kin dat er mei syn goare poaten fan my ôfbliuwe moat. Marianne set de stoel wer op ’e tsjillen. ‘Ferkearsûngefal?’ freget Gerben as ik wer sit. ‘Gmmpf,’ antwurdzje ik. Ik baal dat ik se ek noch freegje moat my op gong te helpen.

Gerben rûn dalik troch. Marianne net. Krekt as in pear dagen dêrfoar lei se my in hân op it skouder. In swiere hân, tichtby en dochs fierôf. Al woe ik dat hielendal net, alles yn my like him gear te baljen yn it plak dêr’t sy my oanrekke. Ik fielde de pine yn de spieren, it pimperjen fan de hûd, it lûken fan groeden. ‘Net te hurd wolle,’ sei se foar’t ik fuortstowe koe nei myn keamer. Wat bedoelde se krekt? Yn alle gefallen hat se my op dat stuit de betsjutting fan it tillefoantsje fan myn Marianne troch de hûd drukt, in etaazje djipper, de siele yn. Ik koe har net mear oansjen en hoopje dat se net it begjinnende skokskouderjen field hat, doe’t ik har ôfskodde.

Ik druk op knopkes. De hurde wyn is lizzen gongen, mar fierder sjit ik net op, al is myn reismaat der al wer mei de tekenjende stuiterjende trijepoatsgong. Der is wat nuvers mei dit spul. Ik ha sterk it gefoel dat hokker kant ik ek oprin, ik hieltyd wer op itselde punt útkom. Myn enerzjynivo sakket, ik kom hieltyd stadiger foarút. Der binne gjin minsken mear om tsjin te fjochtsjen, gjin oanwizingen om op ôf te gean. Ik doarmje om yn in fan gleonens triljende droege, monotoane einleaze omjouwing. Foarút, achterút, op side, it makket neat út. It giet hieltyd stadiger en it it giet nergens hinne. Ik freegje my ôf oft bewegen überhaupt noch langer sin hat. Titus Twa leit stil en stoffich yn it sân. It pak is skuord en ferbrând fel gluorket dertrochhinne. Hy tilt allinnich de holle noch op, sjocht om him hinne. Rint it hjir dea? Rin ik hjir dea? En de kat? Dy draait om him hinne, jout in pear kopkes en wasket har it fel dat glânzet as is der neat oan de hân. Ik lit my tsjin de rêchlining fan ’e stoel oansakje. De mûs leit krekt sa stil op it matsje as myn figuerke yn it sân. Ik tink wol dat dy kat by my heart, dat se in freon is, immen fan bûten it spul, mar is se dat wol? Hingje ik net gewoan oan it bist omdat er liket op in echte kat, ien dy’t ik kend ha? Wêr wie se doe’t it stoarme? Foarfielt se dingen of stjoert se se soms sels oan? Krûpt se spilers op ’e lije side en liedt se se dan de sompe yn? En wêrom binne har wûnen genêzen, mar is de poat net wer oangroeid? Sy is my fierste rêstich, konkludearje ik. Moat ik har deameitsje?

IX

‘Yn ’e rekreaasjeseal wurdt aanst in film draaid. Giest der ek hinne?’ freget se mei de holle om ’e hoeke fan ’e doar.
‘Nee,’ antwurdzje ik.
‘Ah toe juh, gean mei. Ik bin der ek.’
‘Ha, leuk, in date. Koe dyn freontsje net mei? Of woe er soms net?’
‘Wêr hast it oer?’ freget se wylst se derynkomt en nei de stoel neist my rint.
‘Hie ik sein datst wolkom wiest?’
Se bliuwt stean. Swijt.
Ik wol har fan it stik bringe, har sear dwaan. Ik draai my nei har ta en sjoch har strak oan. Eartiids by Marianne wurke dat altyd. ‘Dyn freontsje hiene we it oer…’
‘Noch altyd de smoar yn datst omkipt bist?’ freget se.
‘Nee hear. Mar noch al myn ûntskuldigingen foar it fersteuren fan jim idylle,’ besykje ik it oer in oar paad.
It kwartsje rûgelet teplak. ‘We wiene oan it wurk…’ seit se sêft. In bytsje heazich. Ik ha byt. Ik wol trochgean en har tagelyk tsjin my oanlûke.
‘Rare opfettings oer wurk hasto. Hoe sjocht dyn funksje-omskriuwing der eins út? Stiet der wier yn datst rotsoaie meist mei pasjinten en mei kollega’s?’ Tsjin my oanlûke slagget fansels net, trochraze giet no fansels. ‘Wol apart oars. Sels foar in seksueel tsjinstferlienster! Of wie Gerben gewoan wat foar tuskentroch, wat fan dyn eigen kaliber, ien mei in lekker lichem dêr’t alles fan wurket, net sa’n lamsek as ik, ien dy’t dyn eigen perfekt geve lyfke tefreden stelle kin?’ Ik rin leech, lûk like djippe fuorgen yn har as yn myn eigen fel en wit dat it net earlik is, mar dat kin my no neat skele.
Yn it wite halske giet wat op en del. ‘Do sjochst allinnich mar watst tinkst datst sjochst,’ seit se mei in lûd as praat se troch in wollen tekken. Har eagen glânzje frjemd yn it neimiddeisljocht. Se rint de keamer út. En ek dat ferrekt my neat.

Gerben syn swier lûd galmet op de gong. Ik kin net krekt hearre wat er seit, mar oan it oprinnen en sakjen fan ’e stimme is te fernimmen dat er mei immen oan it oefenjen is. ‘Toe mar, besykje it nochris, do kinst it wol!’ folje ik yn en dêrmei wurdt it in kommentaar op wat ik op it byldskerm foarinoar besykje te krijen. Ik ha der argewaasje fan. Noch altyd bliuw ik mei kat en al stykjen yn lussen, werhellings, ferfeelsum as in kras op in âlderwetse plaat. Sit ik yn in stik dat noch yn oanbou is of hie ik gelyk dat der wat oars oan de hân is?
As Gerben syn pasjint teplak brocht hat, hear ik de swiere stap op myn doar ta kommen. Hy komt der yndie yn. Glimket breed. Yn myn foarich libben hie er likegoed in maat fan my wêze kind. Mar no net.
‘Hoe is it?’ freget er. ‘Ik sjoch dy faker bûten dyn keamer. Dat liket my in goed teken.’
‘Ja, it is moai waar, net, en fan op jins keamer achter in toetseboerd sitte krije je ek allinnich mar in net-sûne binnendoarkleur,’ âldwiivje ik sarkastysk mei. Hy antwurdet net.
‘O, en foar it gefal it menear de terapeut ynteressearret: ik ha noch in goed teken. Ik hie fan ’e wike in moeting dêr’t ik fan miende dat dy eroatysk ynteressant wie. De oare moarns waard ik wekker mei in ûnderbroek dy’t oan goede dagen tinken die. Spitich genôch is de saak like hurd wer ynsakke doe’t it in desyllúzje bliek.’ Stom fan my. It binne boemerangwurden: ik wol him reitsje, mar tref mysels.
‘Ik hearde fan Marianne…’ seit er.
‘Leuk datsto har dêr sels mei yn ferbining bringst. O nee, dat sjoch ik fansels hielendal ferkeard. Jimme hiene fan ’e moarn ommers wurkoerlis…’
‘Nee, watsto fan ’e middei seachst wie gjin wurkoerlis.’
Wêrom bliuwe dy lju allegear sa ferdomde kalm?
‘Se sei oars al dat se oan it wurk wie,’ slingerje ik him ta.
‘Dat is ek sa,’ seit er en hy giet op it fuottenein fan myn bêd sitten. ‘Ik wurkje hjir al in moai skoft en ik ha aardich wat minsken foarbykommen sjoen. Guon minsken komme hjir. Guon minsken bliuwe hjir. Guon minksen komme werom omdat se noch net klear binne en guon minsken komme werom omdat se hjir wat mei har ferhaal dwaan wolle. Marianne heart by dy lêsten. Mar dat wol noch net sizze dat se net no en dan in ûnderhâldsbehanneling nedich hat.’
‘Underhâldsbehanneling,’ skamperje ik. En do de ûnderhâldsmonteur, tink, dy’t as tajefte it sportive kontsje fan it moaie weintsje ek noch eefkes poetst.’

X

De tonge leit my as in droech seemlear yn ’e mûle. Ik draai de dop fan de fjildflesse. Neat. Gjin inkele drip. Dat wist ik eins ek wol. De sinne lûkt him der neat fan oan en skroeit sûnder ophâlden de hûd. It ljocht is sa skel dat de eagen sear dogge, dwars troch de sinnebril hinne. Foar de fjirde kear wrakselje ik mysels deselde sânrêch op. It sil wol net, mar miskien is it dizze kear oars. As ik boppe bin, sjoch ik op ’e nij dat griene grimeltsje yn ’e fierte. It hert roffelet in pear slaggen fûler tsjin de binnenkant fan de ribbekast. Oan de skaadkant fan it dún draaf-glydzje ik omleech, de delling yn, op de seame ta dy’t hieltyd dúdliker bestiet út dadelpalmen. It brûzjen fan in streamke, fluitsjen fan fûgels en fleurige minskestimmen klinke op. Ik fiel ferromming, ik wol libje! Poes en ik krippelje mei wylde hope sa hurd as we kinne, it lêste eintsje. Ik rûk wetter, krûden en kamelestront. Mar as ik de beskade grûn fan de oaze opstappe sil, begjint de lucht te triljen, begjint it lûd te steuren en lost de hiele saak op. Sels de kat is ferdwûn. Ik stream leech, fiel my fan God ferlitten en stjerrende allinnich.
Stjerrende allinnich, ik bring it net op en besykje it in fiifde kear. Ik lit my yn it hite sân falle. It waait by my op, it begjint ûnder my te skowen. Net lang mear, dan sil ik ek ta kerrels útinoar falle, dan sil ik…
Ik doch de eagen iepen om myn ein yn de eagen te sjen. De sinne sakket tige hastich achter de sânweagen yn ’e fierte, de streamende grûn om my hinne tôget my op in ramtwurk fan swarte rânen ta, we geane dertrochhinne en ik glydzje fan myn ymprovisearre buro ôf, sa it bêd yn, heal, mar wol libjend. De kat mei de trije poaten springt my fan de kleankast op it fuottenein. Sy groeit, feroaret, strûpt it fel út, slacht it as in dwars ein sjaal oer it skouder. Allinne de facht op ’e holle bliuwt oer en wurdt it swarte hier fan Marianne. It wêzen sjocht my ek oan mei har eagen. Dat ik dat net earder sjoen ha! It bloeske falt in bytsje iepen. As ik wer omheech sjoch is it gesicht feroare en sjoch ik de oare Marianne oan, de Marianne dy’t foar altyd mines net mear is. It liket of skynt der ljocht út al har switgatsjes. Ut it hier dat oplôget yn reade flammen en út de mûle mei de waarme freonlike lippen dy’t ik sa goed kend ha, klinke de stimmen fan twa Mariannes, fan de iene en fan de oare: ‘It is sa ienfâldich,’ sizze se, ‘dit hie net hoegd ast net sa’n stribber wiest. Ast net sa hastich wiest. Ast op tiid oerskeakele wiest nei de toeristemodus!’ Ik huverje oant yn de teannen.

De ienhoarnen skrilje tebek as ik by se yn ’e buert kom. De kat is fuort. Ik doarmje troch de stêd en oer it fjild, sels troch de bergen en it beëangstigjende sân. Ik kin har net weromfine. It is blykber in swalker, krekt as uzes wie. Op trochreis. Fuort as se it op in oar plak better krije kinne. Ik skeakelje foar de safolste kear oer fan spul- nei toeristemodus en werom. It helpt neat. Wa leaut no ek dreamen? It spyljen op himsels wurket ek net mear, ik fiel my ûnwennich en wit net goed wêrnei. In pear klikken op de mûs en it byldskerm wurdt swart.
Ik rôlje nei de doar. Nei bûten. By de ruten lâns fan de gesprekskeamers. Wol dêr net wêze. Ryd in pear kear itselde rûntsje om hieltyd op itselde plak út te kommen. Myn hert slacht in pear slaggen hurder. Ik stean stil. Kin mar kwalik wat sjen troch de skreef tusken de sletten gerdinen. Oan de skaden sjoch ik wol dat der immen by har is. It lûd fan trommeljende hannen op in tafelblêd troch it iepen bopperútsje. ‘Mar wat fynst no krekt sa slim?’ freget de stim fan Gerben. Ik ferstean net wat se werom seit. ‘Do bliuwst in apart ding, Marianne,’ antwurdet er. ‘Ik hie tocht dat dat it earste wie dêr’t jimme it oer ha soene. Jimme ferhalen lykje sa’n soad opinoar!’
Se komt myn kant op, set de foet op in stoel. ‘It lêste dêr’t je op sa’n stuit op sitte te wachtsjen,’ seit se fel, ‘is noch sa’n skeind gebakje!’ Se strûpt de bokse op. Prutst wat oan de hege swarte fiterlears. De hiele skonk komt los ûnder de knibbel. Se hâldt him omheech yn de striel sinneljocht dy’t my oer de holle lâns de keamer yn skynt.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op