Cornelis van der Wal

Utdaging

logo.ensafh

Okkerdeis deponearre Henk van der Veer, dy’t anonym bliuwe wol, in hiele steapel âlde Fryske literêre tydskriften by my yn ’e brievebus. It wiene benammen ôfleveringen fan de Tsjerne en Trotwaer. Dat lêste blêd bestiet nammers noch, alteast dat stiet op de foarside fan de Moanne fermeld. Nuver is al dat ik it net mear fine kin, wat ik ek yn dit algemien-kultureel opinyblêd omblêdzje. Mar dat sil grif oan my lizze.

Om mar ris koart te kriemen: de Fryske literatuer wie in stik libbener doedestiids. Literêre diskusjes, wêr fine jo se hjoed-de-dei noch? Ja, op ynternet sweve noch in pear kwerulanten om, mar dy binne amper serieus te nimmen.

Ik sitearje Douwe Tamminga, (âlde stavering) yn de Tsjerne, 17e jiergong, nr. 4, 1962 fan 1970:
“Binammen yn in lytse literatuer, dêr’t elkenien elkenien altyd mije moat, bistiet it gefaer fan bistjurring troch offisialisme en oare foarmen fan wichtichdoggerij. Binammen yn sa’n lyts formidden moatte der kweajonges komme dy’t mei snieballen (en byneed mei oar ark) smite nei hege huodden en stive boarden. It wapen fan de spot (ek fan de selsspot) kin bressen sjitte yn de muorren fan tradysje en konvinsje. Soks is it wurk fan de avant-garde”.

Dit bringt my op it folgjende: wêr is eins dat hiele generaasjekonflikt bleaun? Avant-garde, waar zijt gij? Wat kweajonge of kweafanke pakt bygelyks dy Van der Wal ris oan? Of doare jim net? Kom mar op!

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op