Geart Tigchelaar

Fragmint besprek Rêdbâd

logo.ensafh

Mei Rêdbâd – Kronyk fan in kening hat Willem Schoorstra syn ‘magnum opus’ skreaun. De skriuwer dy’t yn Ternaard wennet, debutearre mei in dichtbondel Ynwijing (2001). Twa romans, Swarte Ingels (2004) en De Ofrekken (2007), en in ferhalebondel, Berjochten út Babel (2002) letter is Schoorstra no kommen mei in mânske histoaryske roman dêr’t de romrofte lêste Fryske kening it haadpersonaazje fan is.


De earste sin fan it boek is masterlik: ‘Ravens roppe in nije dei yn it ljocht; har skrille gjalpen kleauwe de slomme.’ Foarst is de sin skreaun yn prachtige poëtyske taal dêr’t âlde tiden yn spegelje troch de wurdkar mei ‘kleauwe de slomme’. Oard ropt it hiel sterk in byld op. It is moarnsbetiid, de minsken lizze noch heal yn ’e sûs, mar it ljocht stiet al oan ’e loft en de bisten binne al warber. Dat it hjir om ravens giet is de tredde laach fan de sin. It symboalyske register wurdt fuortdaliks iepenraamt. Ravens steane yn ’e Skandinavyske mytology as boadskippers. Odin, of op syn Frysk, Wêda hâldt de ravens Huginn (‘tins’) en Muginn (‘ûnthâld’) dy’t him allegeduerigen op ’e hichte hâlde. Yn dizze earste sin wurdt eins it hiele boek karakterisearre. De âldfrinzige taal docht fansels eare oan de âlde tiden dêr’t it ferhaal him yn ôfspilet. De poëtyske taal net minder. Lês bygelyks de Edda. En it hiele boek is befrissele mei symboalyk.

Schoorstra hat op treflike wize mei in soad flesk om de bonken it ferhaal konstruearre. Prachtich is bygelyks hoe’t er de doop fan Rêdbâd ynklaaid hat. Dat Rêdbâd mei ien foet yn it doopfont stiet is in tige bekend ferhaal. Hy betinkt ’m in tel en freget dan oan biskop Willibrord:4 ‘ “Wêr hâlde mear keningen, foarsten en eallju fan it folk fan de Friezen ta? Yn de himel dêr’t ik bedarje as ik my dope lit, of yn de hel?” ’ (side 315). Willibrord anderet dan dat elk dy’t him net dope lit fertart yn ’e hjittens fan de hel. Rêdbâd lûkt gau syn foet út it wetter mei de wurden dat er leaver baarnt yn de hel as mei dy kristlike suertsjes yn it paradys te sitten. Sûnder dat ik it doel weijaan wol, klaait Schoorstra dy hiele doop en de oanrin dêrta yn ta in polityk skaakspul. De grutte winst fan it boek is dan ek dat it de hiele skiednis ferlibbenet.

(It hiele besprek sil ferskine yn de papieren ferzje, nûmer 4.)

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op