Cornelis van der Wal

Palestrina

logo.ensafh

Ferline wike tongersdei stapte ik moarns betiid op ’e trein, foar in reiske nei Hamburch. Wat giet dat maklik tsjintwurdich, alles is online te regeljen, treinkaartsjes en ek in kaartsje foar de Opera fan dizze twadde stêd fan Dútslân wiene my al tastjoerd. Dy treinkaartsjes kinne jo sels thús ek útprintsje, mar dat liket sa suterich.

Ik soe in útfiering meimeitsje fan de opera Palestrina fan de Dútske komponist Hans Pfitzner, dy’t libbe fan 1869 oant 1949. Ja, de man wie in bytsje ferkeard yn ’e oarloch, mar hat syn straf ek wol krigen: by in bombardemint fan de Alliearden op München waard syn hûs foar it grutste part fernield en rekke er hast al syn besittings kwyt. De âld man hat doe noch in skoft alhiel betize op ’e strjitte omswalke.

Pfitzner wie as komponist hiel behâldend, sjoch allinnich mar nei de titel fan syn manifest út 1917, Futuristengefahr.

It hotel wie fansels ek fia it net regele, it die bliken dat de Steindamm yn in soarte fan rosse buert situearre wie, mar de keamer sels wie aldergeloks net rôze, mar wyt skildere, en tige netsjes. Ek handich dat ik op myn mobyltsje, fia de fergeze wifi-ferbining it Fryske literêre nijs al folgje koe, jo wolle it net misse, gjin dei.

Yn it sfearfolle operagebou oankommen waard ik al in bytsje kjel doe’t ik de priis fan in Rotwein lies, mar it die bliken dat jo dêr in glês fan 0.2 liter foar krigen. Haw der trije hân. Dit foar de statistiken. Ik wist earst net wat ik mei de grutte kreakelingen oan moast dy’t dêr oan in rek by de bar hongen. Mar nei yngeande observaasje die bliken dat it in soarte fan stokbôle wie. Fergees en lekker.

Hoewol’t der ek wol oare besikers omstapten dy’t lykas iksels frijwat casual, mar al netsjes klaaid wiene, miende ik dochs dat in spjochtich wyfke my yn it twadde skoft wat soer en mispriizjend oanseach. Mar dat kin ek mei myn útstrieling te krijen hawwe.

Wat de útfiering, it dekôr en de rezjy fan dizze heechromantyske opera oanbelanget kin ik allinnich mar yn superlativen skriuwe. Ik wol it ferhaal hjir wol neifertelle, mar jo hawwe dochs ek ynternet, no?

As alles naaid wurdt sa’t it knipt is, hoech ik oer sawat oardel jier lang sa fier net te reizgjen foar kwaliteitskultuer. Dan is it nije Teater fan Snits klear.

Sjoch: it skelet stekt al boppe de beammen út.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *