Rieuwert Krol

Lûden en bylden

logo.ensafh

Wa’t sa’n direkt ferbân tusken tate en whisky leit as Sytse Jansma docht, dy moat hast Freud wol lêzen hawwe, mar wa’t de debútbondel Wa’t tate seit moat ik whisky sizzze fan Jansma lêst, sjocht direkt al datst om Freud yn dizze bondel net hoechst te sykjen. It tilt op fan hiel oare nuveraardichheden as de âld neurolooch út Wenen. Dochs hast him miskien wol nedich om de soms hast net te begripen assosjaasjes fan Jansma betsjutting te jaan. Wat it meast yn it each springt binne lykwols neologismen dy’t my net altiten in protte sizze en dêr’t ik net mear as in spultsje mei lûden efter mien te sjen. Boartsje mei wurden hat mear nedich om nijsgjirrich te wurden. Mar Jansma docht lokkich mear mei taal as boartsje en miskien moatst ek net itselde fan alle poëzij ferwachtsje. Wa sil it sizze.

De bondel begjint mei it fers ‘fado amsterdam’. It giet oer de leafde tusken twa dy’t ‘útinoar dreaun binne’. Se sjogge elkoar nei fiif jier wer:

blyn is dit stasjon dat my bringt nei
de hoeken fan dyn eagen blauwe
spinreagen roppe om ús nâlewriuwen
graffitypriuwen op in wite muorre yn
in trije treppenheech appartemint

Dat is in moaie fado. Dit is tagelyk ek it meast tagonklike gedicht út de hiele bondel. It tilt al mei-ien yn it tredde gedicht op fan de neologismen. Mar it twadde fers fûn ik nijsgjirrich. It die my tinken oan de byldewrâld fan de dichter/skilder Lucebert. Miskien net sa goed, mar wol mei deselde yntinsje skreaun.

dat minsk berne waard yn blauwe wurden by buorman efter
hûs it earste ljocht kaam fan de wite fiverfisk skippyballen út
minsk syn nâlejierren tateboerkes as gasdampen boarrelje
noch hieltyd omheech sûnt de oerknal mar dat dit fers âld
wurde sil yn kiosk kroech en katedraal is net yn holle minsk
bekend dit fers giet oer kastleinen dy’t gjin lûde whiskysûpers
tolerearje en bier mei sigaar yn strakke designtoko’s it
besykjen fan en it sykjen nei leafde of in filmysk ferhaal fan
in doarp dêr’t minsk oait wenne hat de âld klassegenoaten
of teoryen oer it sturtbonkje fan minsk sels

dit fers is lava en dêr’t it mei brânjehannen heind wurdt
gûle mearkewolven in stasjonêrrinnend melodymotorke
dêr’t minsk wer in diseltekst op makket boartersguod foar
de grutte minsk mei skippyballen smyt dit fers kraters yn
de tún fan buorman

Nijsgjirrich is ek it gebrûkmeitsjen fan it wurd ‘minsk’. Dat docht tinken oan it eksistinsjalisme en yndie oan whisky en jazz. Dochs wurket it wer. It docht net datearre oan.

Der binne in tal fersen dy’t op in moaie, assosjearjende wize in sfear skeppe dêr’t de lêzer wat mei kin. Oan de oare kant hast yn dizze bondel ek fersen dêr’t ik neat oars mei kin as nei sjen en nea wer lêze. Neologismen dy’t de dichter brûkt stean foaral yn it gedicht ‘oerwâldwurd’: ‘sinnestekswit / plysjefûgellûd / wetterflesserêst / papierbasthûd / bloedblêdsop’. Fansels kinst dêr in ferhaal fan meitsje, mar kinst net sizze dat it gjin ferhaal nedich hat en in prachtich foarbyld is fan boartsjen mei taal. Dit gedicht hie faaks langer yn it laad bliuwe moatten.

Yn ‘jazz & whisky’, it twadde part fan de bondel stiet:

single malt whisky op ús tongen en yn har each in
drip ûnnoazele geilens sy is de whisky ik it ikehouten
kleurjouwend fet safolle prosint is ús oerlibbingskâns

Dat is in tekst dy’t my in protte oan it eardere (Fryske) wurk fan Tsead Bruinja tinke lit. It fers rint, krekt as it niis sitearre gedicht, ek wer oer de folle breedte fan ’e blêdspegel troch, wat makket dat it streamt fan it iene byld yn of nei it oare byld. Dit gedicht hat al in ferhaal – it giet oer twa minsken dy’t wat tefolle dronken hawwe en op hûs oan gean – en is dêrom better slagge. Mar wêrom’t de lêzer witte moat dat it single malt whisky wie is net dúdlik. It hat foar de betsjutting fan it gedicht gjin funksje. Hjir hie de dichter stranger op himsels wêze moatten.

Sytse Jansma hat oer it generaal dochs in nijsgjirrige toan en wol wat nijs dwaan mei de poëzij. Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten. Yn de earste ôfdieling komst yn trije gedichten hieltyd deselde eleminten tsjin, wêrûnder in skippybal. Dêrtroch ûntstiet in ferhaal dat goed slagge is. Mar faaks hie er mear de klam lizze kinnen op wat poëzij ta poëzij makket en ûnderskiedt fan muzyk of in skilderij. No hat er him tefolle op it lûdpatroan fan de taal rjochte om wiere poëzij te meitsjen. In twadde bondel sil wol better wêze. Op de bylevere dvd mei klips fan de fersen begjinne de fersen mear te libjen as op papier. Foaral dy fersen dêr’t ik net in protte mei hie wurkje op de dvd wol. Miskien om’t it muzikale oanfolle wurdt mei it fisuele.

Rieuwert Krol

Wa’t tate seit moat ek whisky sizze
Sytse Jansma
Friese Pers Boekerij 2008

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op