A. IJ. van den Berg

Grutste foardiel fan it Frysk: der kin yn it Nederlânsk kommentaar op jûn wurde

logo.ensafh

In protte yndruk makke de útjefte fan it boek Bokwerd totaal yn 2008 net. De útjouwer like ommers net oars te dwaan as mei dy oare sammelbondels fan Rink van der Velde [1932 – 2001]. Smyt mar in brot teksten by elkoar, doch der foar dizze kear in nij kaft omhinne en advertearje der in pear wiken mei, sadat it publyk eefkes wer it bestean fan de skriuwer bybrocht is. Klear.
It doel is nammers earst dat der wer boeken fan de auteur ferkocht wurde. Om’t der noch safolle fan dy boeken yn it fûns sitte, en dy earder altiten sa’n aardige opbringst hiene. Oant de skriuwer stoar, en de automatyske oandacht foar syn boeken ferdwûn, sadat sa no en dan de neitins forsearre wurde moat.

Wûnderlik negatyf is it foarwurd fan it boek. Dêryn neamt de âld-LC-redakteur Pieter de Groot dielen fan de samling achterhelle. Dit komt dan omdat Van der Velde yn syn ferhalen wolris ferwiisde nei aktuele politike diskusjes fan doe, dy’t no in antike yndruk meitsje. En dat soe dan wêze om’t tsjinwurdich oare politisy de macht hawwe. As feroare yn Nederlân oait wat troch de polityk, as soene de nammen fan de boppe ús stelden trochstreeks net folslein te ferwikseljen wêze, en as soene de problemen fan in lytse mienskip, dy’t him achtersteld fielt, net it ivige probleem bliuwe fan alle plattelânsregio’s.
Ek ik rekkenje Bokwerd totaal net sûnder mear ta myn leavelingsboeken. De bondel hat it grutte beswier dat oan alle samle wurken kleeft. Der stiet te folle yn. It goede en it treflike rekket gau wat út it sicht troch de drokke oanwêzigens fan al it wat minder slagge.
Mar, nettsjinsteande alle maklik op te neamen beswieren is Bokwerd totaal faaks al it wichtichste Fryske boek yn myn besit. Sels al is it skreaun yn it Nederlânsk.

Dat klinkt miskien as in wat oerspand oardiel oer in trochsneedbondel, dêr’t op it earste each net mear as wat kollums út de jierren santich yn sammele binne. Kollums dan ek noch, dy’t allegearre deselde gimmick hawwe. Rink van der Velde die nammentlik krekt as wie hy net de skriuwer, mar hie er de stikken sa oernommen út in doarpsblêd, dêr’t de pleatslike kronikeur Wabbe Wisses R.zoon bot syn bêst yn die om sa goed as koe yn it Nederlânsk te skriuwen — sels al wie dat dúdlik syn twadde taal.
En dochs binne der gjin teksten dy’t my mear ferdúdlike hawwe oer de eigenskippen fan it Frysk. Hoe oars de grammatika wêze kin. Hokfoar wûnderlik krasse siswizen deryn bestean. En wat der hast standert oan understatement yn sit.
Krekt dat makke yndruk op my, as jonkje. Foaral ek om’t der doedestiids oaren wiene dy’t deselde grap ûntdutsen by it krantelêzen. Dus praten wy in Hollânsk mei elkoar, dat hiel nuver klonk, mar dochs kloppe, omdat it Frysk wie. En sa setten wy útein om, folslein út ússels, mei taal te eksperimintearjen. Boartsjendewei.
Sels al wie it haaddoel miskien net mear as om wat te betinken dêr’t in oar om laitsje koe, dan noch hat Rink van der Velde, mei syn stikjes út it ‘Bokwerder belang’ wat siedde dat gjin skriuwer hjir fierder slagge is. In ynsjoch ripe, by my, en by oaren yn myn fermidden, oer hoe’t taal wurket.

Ik haw eins noait sjoen dat Van der Velde om syn kwaliteiten as taalbefoarderer priizge waard. En der binne miskien ek wol ferklearrings foar te finen. Want, oft it no Frysk is, of Nederlânsk, de measten fan ús hawwe in wat nuvere ferhâlding ta taal. Wy tinke oer taal yn skema’s.
As Nederlanners sizze dat se om taal jouwe, dan is dat hast altiten om taal dêr’t sy fan tinke dat dy korrekt is; wat dan alle oare farianten fout makket, of ferfelend. Hiele folksstammen sjogge wurdboeken ek net as neutrale ynstânsjes, dy’t fêstlizze hokfoar wurden en frazen der op in stuit yn algemien gebrûk binne. Nee, foar harren binne wurdboeken in absolút soarte fan autoriteiten, fan waans wet gjin ôfwiking tastien is.
Ambrose Bierce neamde it wurdboek dêrom terjochte in slim literêr ynstrumint, om de groei fan in taal tsjin te hâlden en dy stram en ûnbûchsum te meitsjen.
Taalkundigen, dêrtsjinoer, neame net gau wat fout. Sy sjogge leaver nei hoe’t in taal him ûntjout, omdat talen altyd feroarje, as it goed is. En alles dat de goegemeente no as falsk en folslein ferkeard yn ’e earen klinkt, kin oer tweintich, tritich jier bêst rûnom akseptearre taalgebrûk wurden wêze.

Sels moat ik altiten tusken dizze beide poalen skipperje. Taal is myn deistich ark, mar it gebrûk fan dat reau smyt allinne wat op as wat ik skriuw sûnder problemen troch it publyk oannommen wurdt. Taal moat foar my wurkje, mar like goed bin ik in beskieden tsjinstfeint fan de taal.
As ûndersiker en ICT-sjoernalist haw ik de ôfrûne lytse tweintich jier aktyf meihelpe moatten om hieltyd wer nije taal út te finen,. Der wie no ienkear in tiid dat ik net samar oer ynternet skriuwe koe, sûnder út te lizzen wat dat no krekt wie. Ik koe in begryp as ‘downloaden’ pas yn in Nederlânske tekst brûke, doe’t dat foar de measten in normaal tiidwurd wurden wie, mei bûgingsfoarmen en al; nei miskien wol tsien jier wachtsjen. Fan ’e weromstuit skriuw ik oars noch altyd leaver gjin sinnen dêr’t dat ‘downloaden’ de persoansfoarm yn is.

It doel dat Van der Velde mei syn taalgebrûk yn Bokwerd totaal hie wie tsjinsteld oan dat fan my. Him wie it net te dwaan om nije wurden te finen dêr’t noch hast nimmen mei bekend wie. It is as woe hy krekt sjen litte wat der al wie, mar dat hast nimmen mear sa brûkte. Van der Velde boarte der prachtich mei om wat yn it Frysk gauris âldfrinzich klinkt, as it al gjin klisjee is, dochs nochris in nije bestimming te jaan, troch it letterlik nei it Nederlânsk oer te setten.
Dat moat ek hast wol ien fan de pear foardielen wêze fan in minderheidstaal. Dat in auteur hiel opfallend de dominante taal brûke kin om in kommentaar te jaan op de rykdom fan dy oare brûkte tongfal. Simpelwei troch mei de eigenskippen fan beide talen te boartsjen.
De Afûk hat dat no einlings ek foar it ferstân krigen. Ein april 2011 is der in aksje úteinset om Friezen grutsk te meitsjen op harren twataligens. Dêrta is in boekje útbrocht, mei de titel Mijn vrouw is uitgenaaid! dat net oars docht as wat Van der Velde al die yn syn Bokwerder belang. Fryske sintsjes wurde letterlik nei it Nederlânsk oerset, sadat Frisismen ûntstean dy’t in komysk effekt hawwe. Allinne binne dat by de Afûk losse sintsjes, wylst Van der Velde sokke taal no krekt sa maklik yn ferhaaltsjes tapaste; wat it allegear folle riker makke. Mear as tritich jier letter hat deselde grap wol in hiel soad raffinemint ferlern.

Ik doch dêrom hjirby de oprop om Van der Velde syn grutte en oanstekkende taalgefoel folle mear klam te jaan yn ’e beoardieling fan syn skriuwerskip. Want as it ris oer him giet, wurde syn boeken wat al te maklik metten mei de ferkearde maten. Dan is it altiten in probleem dat er in ferteller wie, en dat is yn Nederlân altiten in wat fiis wurd. Of dat allinne de novelle De fûke der op troch kin; om’t de rest gjin literatuer wêze soe.
Mar kritisy hawwe ek trochstreeks in fiersten te beheind eachweid. Dy sjogge allinne wat se leard hawwe om te sjen. Dy beoardielje in boek ek noait as boek, mar binne it wend om alderearst te sjen nei de tradysje.
Allinnich moat der dan wol in tradysje wêze dêr’t nei te sjen falt. Dêrom wit ik domwei net of it standertark fan de literatuerteory wol foar it Frysk te brûken is. Dêrfoar wykt foar my it lânskip fan de minderheidstaal te folle ôf fan hoe’t rykstalen funksjonearje.
As it Frysk earne unyk yn is, dan dochs wol dêryn, dat de sprektaal noch sa dúdlik werom te sjen is yn ’e skreaune teksten. It taalgebiet hat ek noait in proazakultuer hân, of ien sa’n dominante auteur, dat syn styl alle oaren wol twong ta ien wize fan skriuwen – al sille der grif skriuwers west hawwe dy’t oaren beynfloede hawwe. Skriuwers yn grutte taalgebieten reagearje al it earst op wat skreaun is yn sa’n taal. En dan giet it net allinnich om foarm of tema’s, dan is it noch folle wichtiger wat allegear al klear leit oan sinnen en sinskonstruksjes.
Van der Velde is dan it foarbyld fan ien dy’t de sprektaal sa goed optekene as mar koe, en op oare plakken nuttich recycle. En goed, dan bin ik de earste om ta te jaan dat hy dêr net altiten maat yn hold. Syn lêste boeken liede wolris ûnder de pleach dat er graach deselde siswizen op ’en nij brûke mocht. As ris in personaazje yn ferwachting is, dan sprekt hy noait fan swangerskip, of swier wêze, mar dan hat meastentiids de minnaar of de man fan dat personaazje it túntsje yn ’e bloei. Ek lit hy my te faak de minsken yn syn boeken it kommentaar jaan hoe ryk as de Fryske taal wol net is.

Dochs. Lêsten lies ik by ien dat de Ingelske dichter Philip Larkin grutte ynfloed hân hat op it ritme fan it Britse proaza, om’t er safolle bewûnderers hie dy’t ek skreaune. Ien man soe dêr it lûd kleure hawwe fan in hiele nei him kommende generaasje. En sa’n útspraak leau ik dan ek noch, foar in pear tellen, om’t ik it sizzen graach leauwe wol; want soe it net prachtich wêze as dichters it taalgefoel fan harren lêzers beynfloedzje koene?
Tagelyks fyn ik it allinne al fertocht dat inkeld de hiel grutte literatoaren oare skriuwers beynfloedzje kinne. Want, hoe’t ien praat, of it praten leard hat, en hoe’t dus de taal yn ien syn omjouwing brûkt wurdt, sil in folle direktere ynfloed hawwe op hoe’t dy man of frou skriuwt.
En, sa as sein, myn Frysk, yn hokker foarm ek, hat oait eefkes bot kleure west troch wat Van der Velde skreau. Yn it Nederlânsk.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op