André Looijenga

Sinjalemint: Ferdinand de Jong

logo.ensafh

Koart nei elkoar ferskynden yn 2010 en 2011 twa romans fan in nije Fryske skriuwer. De twa boeken fan Ferdinand de Jong hat Friese Pers Boekerij op ’e merk brocht as spannend en tagonklik om te lêzen. Sa op it earste each hiel geskikt foar wa’t fan ’t simmer ris noflik yn ’e tún of op it wetter in Frysk boek lêze wol.

Ferdinand de Jong nimt de lêzer mei nei ûnwenstige oarden: nei it noarden fan Sibearië en nei de top fan ’e Mount Everest. Syn debút Guozzeflecht giet oer in geheime missy en spionaazje yn de Kâlde Oarloch, en sit wat middenmank in detektive en in jongesboek. It boek dat dit foarjier útkaam, It Dak fan de Wrâld, is winliken in ferhaal oer it folwoeksen wurden fan in Fryske jonge fan yn ’e tweintich, mei it berchbeklimmen as betsjuttingsfol dekôr.

Mei Guozzeflecht liket De Jong besocht te hawwen om in spionaazje-thriller te skriuwen. It earste part fan it boek fertelt fan in mislearre Amerikaanske aksje om, yn 1949, in Russyske kearnfysikus út de Gûlach te befrijen. De haadpersoan Jan, oer wa’t de skriuwer fierders amper wat fertelt, is in Nederlanner dy’t de Amerikanen blykber dy missy tabetrouwe. Werom yn it heitelân rekket Jan belutsen by it opspoaren fan in Dútske oarlochsmisdiediger en tsjustere hanneltsjes mei Ruslân.

Dat it ferhaal wat ûnwierskynlik is, en net sûnder anagronismen, is net it grutste beswier. Wat jin dwerssit by Guozzeflecht binne technyske mankeminten yn it fertellen. Ferdinand de Jong makket yn dit boek eins gjin gebrûk fan beskriuwingen, om personaazjes, ‘sfear’ en plakken fan hanling út te tekenjen, en sa foar de lêzer rêstpunten yn ’e fertelling yn te romjen. Wylst men dêrtroch wichtige omslachpunten yn ien-twa sinnen foarbyjaget, hawwe oan ’e oare kant net alle stikjes dialooch like folle doel. Einliks hat De Jong syn Guozzeflecht fierstente min retoaryske oanklaaiïng om goed lêsber te wêzen as in slagge detektive/thriller.

Ferdinand de Jong skriuwt, ûnder de titel Stikelstekker, in besteklik Frysk webloch, dêr’t er écht hast alle dagen op skriuwt: http://stikelstekker.blogspot.com/. Op syn bloch lit er him sjen as in man mei niget oan de natoer en it Frysk, dy’t frij en fleurich syn miening jout op ’e aktualiteit. It ûnôfhinklike en ûnfersteurbere kinst ek werkenne yn syn protagonisten, lykas de Fryske spion Jan, mar foaral de berchbeklimmende boeresoan Redmar út De Jong syn twadde roman, It dak fan ’e wrâld, dy’t wol in alter ego fan syn auteur liket.

It Dak fan de Wrâld is in better boek as syn debút. It ûnderwerp is de ûngemaklike freonskip fan Redmar Ozinga en syn klimynstrukteur Marcel de Ruiter. De haadpersoan is in jonge út faaks it flakste hoekje ierde, de Fryske feanpolders. Troch syn nije maat wurdt de evenredige Redmar útdage om net op ’e flakte te bliuwen. Dêr komt Hiske by, Redmar syn faam, dy’t ek op klimmen giet. Dizze ‘trijehoeksferhâlding’ is de kearn fan ’e roman. Nei in fakânsjereiske yn ’e Ardinnen stoart Redmar syn feilige wrâld yn. Hy ferkeapet de âlderlike pleats en emigrearret nei Skotlân. Nei inkelde jierren fine se elkoar werom en sette se pas echt útein as alpinisten: de Ben Nevis, de Eiger, en ta eintsjebeslút de heechste berch fan ’e wrâld. Marcel gedraacht him hieltyd nuverder, op ’e eftergrûn spilet it tragysk ôfrinnend libben fan in âldere dame, en oan ’e ein falt der in deade.

It Dak fan de Wrâld is foaral in boek oer tsjinstellings. Tusken heech en leech benammen, tusken jinsels wêze en jin ferbergje. Redmar giet ien kear troch in djippe delling, mar folget syn herte en rekket sa mei Hiske fia Skotlân on top of the world. Marcel dêrfoaroer lit syn tsjustere kanten beskûl gean efter maskers: alle kearen dat Redmar him nei in skoftke wer tsjinkomt, hat de macho Marcel syn hier wer hielendal oars. Foar de ien betsjut it berikken fan ’e heechste top de ein, de oar hat in harmoanysk libben dan al fûn.

It ferhaal oer de ferhâldings tusken Redmar, Marcel en Hiske is troch De Jong ridlik kundich op papier set. Aardich is hoe’t de skriuwer foar it wer byinoar bringen fan syn personaazjes mobile tillefoans en sosjale media moai funksjoneel yn syn plot brocht hat. Technysk sjoen is It Dak fan de Wrâld better skreaun as syn foargonger. Wol oerhearskje de dialogen. De ferhaalline oer mishanling en moard op in frou De Groot út Ljouwert hinget der lykwols, oant de ûntknoping op ’e lêste bledside, wol wat nuver en los by.

Ferdinand de Jong skriuwt oer ûnôfhinklike, eigensinnige minsken. Syn plots binne yngenieus. Moarden wurde pleegd om oplost te wurden. Hy skriuwt kreas, hjoeddeisk Frysk, in bytsje ‘populêr’ al (mar dat is alhiel net slim). De Jong syn boeken passe yn in tradysje fan ûnderhâldende Fryske lêsboeken, en seker Rink van der Velde liket syn grutte foarbyld te wêzen.

Der sit progressy yn it wurk fan Ferdinand de Jong. It is útsjen nei mear boeken fan dizze Boarnburgumer, dêr’t er himsels trou yn bliuwt en dy’t dus hooplik mear Dak fan ’e wrâld en Stikelstekker as Guozzeflecht sjen litte.

Ferdinand de Jong
Guozzeflecht
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2010

Ferdinand de Jong
It Dak fan de Wrâld
Friese Pers Boekerij, Ljouwert 2011

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *