Piter Boersma

Foaropwurd

logo.ensafh

Yn dizze ôflevering fan ensafh stiet in besprek fan de debútbondel Wa’t tate seit moat ek whisky sizze fan Sytse Jansma troch Rieuwert Krol: ‘Hy is in keunstner, dy’t de taal hantearret as de skilder de ferve of de gitarist de noaten.’
Yn ensafh 4 stiet in fraachpetear fan Hidde Boersma mei de debutearjende dichter (sjoch Argyf).

En op dizze ensafh it tredde part fan de Ingelske oersetting fan Janneke Spoelstra har ferhaal ‘Strawberry Fields Forever’ en al wer de achtste ôflevering fan Andries Miedema syn projekt ‘De laatste reis van de Nyborg fan J. Slauerhoff foar in part op rym set.’

Fan Piter Boersma is it gedicht ‘it ûnkrûd’ opnommen.

Jouke Hylkema behannelet yn syn ferhaal ‘Lapke as leedmotyf’ op ynvintive wize it aktuele tema ‘mûlekapke’ yn gearhing mei it beharkjen fan in liet.

Willem Winters bringt de lêzer yn syn kollum yn ’e kunde mei de yntrigearjende Belgyske dichteres Alice Nahon en wat der mei har gedichten útheefd waard.

Skermer bejout him ‘mei de fuotten op ’e grûn’ yn heger sfearen as er him bedobbet yn it ûnbidige Sphären fan de Dútske filosoof Peter Sloterdijk en as er wer boppe komt sitearret er in gedicht fan Guiseppe Ungaretti.
Bellen, sfearen, wrâlden spatte útinoar, ier of let.