Gysbert Japicxpriis 2011: Wat fine jo?

logo.ensafh

Fan in lange list in koarte meitsje, dat is wol wat frijpostich!

Trochinoar ienentweintich oarspronklik Fryske titels mei fiktyf proaza jiers; de sjuery fan de Gysbert Japicxpriis foar proaza 2011 hat in flink korpus fan goed tachtich boeken te ferhakstûkjen. Alve útjouwerijen ha dêr foar soarge. Alve stêden, alve marren en alve partijen; it liket wol karnaval yn it noarden.Wat Fryslân dochs hat mei it gekkegetal!? Faaks is it ek de alfde provinsje fan Nederlân en aanst hooplik mei in status aparte op kultureel mêd.

Dat is in hiele bringst fan 2007 oant en mei 2010, dêr’t de Friese Pers Boekerij trijentritich fan flikt hat, Bornmeer en de KFFB elk foar in oardel tsien. Nij yn de rige is Elikser dy’t yn dit tiidrek in tsiental útbrocht hat, hast lyk as Utjouwerij Fryslân/Afûk, en dêr hast it wer; dy’t mei alve  fertsjintwurdige is. Utjouwerij Venus  docht noch mei har lêste seis jiften mei.

De eksersysje kin delkomme op it folgjende korpus fan skriuwers mei mear as ien boek:

Andringa, Greet: Libben reach en Los sân

Brolsma, Ulke: Werom nei Grou en Werom nei Fryslân

Bylsma, Meindert: Yn ’t wylde wei en De brêgesitter

Groot, Gjalt de: De jonge aaisiker fan Luctor et Emergo en It swetshok

Hilarides, Hein Jaap:  Joppe en De skeakeling

Huisman, Bennie: Eeltsje en ik en Lytse histoarje fan langst

Kammen, Jaap van: De grutte klap en It ferline oerwûn

Landman, Riek: Fammen fan Gaasterlân en Liet foar myn jonge

Meer, Aggie van der: De dei dat Farah Bezaz ferdwûn en Winter oan see

Pietersen, Lieuwe: It griene hûs en It genoatskip

Ploeg, Durk van der: It himelsk oerwurk, In beferzen mar en De kjeld fan it noarden.

Prins, Einte: Achter de skêrm en It spoar bjuster

Rozendal, Anders M.: It paad fan de foks, Under de sinne fan de ivige, It kaartehûs, Hupsakee en De Sjamaan fan Ealawier

Speerstra, Hylke: It wrede paradys, it ferfolch en De kâlde krústocht

Terpstra, Arjen: De hearen fan Fryslân en It Eagleton segel

Tiemersma, Koos: Mind games en Under wetter

Tjeerdsma, Rommert: Frij as de wyn en Reboelje yn Kollumerlân

De folgjende skriuwers steane elk mei ien boek op ’e lange list:

Berga, Wilco: It smoarge bestean

Boersma, Hidde: Fol túch de mist yn

Borger, Sjieuwe: Genesis abbekatekantoar

Bottema, Sjoerd: It piipjen fan de proai

Bouwhuis, Jan: It kin wier wêze

Bremer, Harke en Hoekstra, Jarich: De frouwepenje

Claus, Marga: Bollman & Bollman

Damsma, Gerrit: Blinder, hasto de kaktus skeard?

Dykstra, Lida: Ik, Anna

Haan, Henk de: Alde leafde

Hem, Bouke van der: De fuery

Hettinga, Ytsje: Lange fingers en tichte skuon

Hiemstra, Klaske: Eilânreis

Hoekstra, Eric: Kening fan de junks

Hooijenga, Hedzer T.: Unrêst op Sumarreheide

Jager de – Zee van der, Tineke: Goedfrou foar it libben.

Jong, Ferdinand de: Guozzeflecht

Kingma, Bart: Griene simmer

Klimstra, Jabik Jans: Sibbeltsje

Kootstra, Douwe: Paradys oan de baai

Köster, Manuela: Tantalus, leafde en yntriizje yn Egypte

Leest, R. R. van der: Noardlike nachten

Leij, Jan van der: De ein fan ’e dyk

Meulen, Jehannes van der: Fan Harns nei Goutum oer Malta

Oetie, Simen: It libben in dream

Peanstra, Auck: Sitebuorren, myn eigen paradys

Poortstra, Margryt: Minskebern

Riemersma, Trinus: De acht foar achten trein

Schokker, Jan: De Koalmasaak

Schoorstra, Willem: De ôfrekken

Schotanus, Elske: Skrik

Sevenster, Simy: Ut ’e foarein, 2

Soepboer, Albertina: Reistiid

Spoelstra, Janneke: In Jikse-libben

Steenmeijer, Frâns en Tineke: Moard yn ’e Médoc

Terpstra, Piter: Piter Terpstra, skriuwer

Tigcheldam, Geart Jan: De kweeste fan ridder Pieter

Rommert Tjeerdma: Reboelje yn Kollumerlân

Tuma, Eelkje: Paadwizer

Venema, Doete: It lân fan Vera

Verf, Willem: It swijen net wurdich

Vries, Sietse de: Potstro Fongers

Wal, Cornelis van der: Kening Kees

Wind, Harmen: Om it libben


It is oan de lêzer ien útstel te dwaan op ûndersteand formulier. It is oan de sjuery út ‘e rie te kommen en oan DS de Gysbert Japicxpriis 2011 ta te kennen.

Jacobus Q. Smink

Sjoch ek op Sirkwy.nl mei in koarte beskriuwing fan de boeken op de groslist.

Meikoarten kinne jo op dizze side de earste tuskenstân sjen.


Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op