Programma Boekefeest 2011

logo.ensafh

De Moanne fan it Fryske Boek begjint mei in daverjend Frysk boekefeest yn Tresoar. Mei de band Ilanois wurdt de toan set. Presintator Gerrit Hofstra sil mei deputearre Jannewietske de Vries, de literêre App Dichterby presintearje.

Fotografe Helen de Vries komt mei in nije searje portretten fan Fryske skriuwers.
Poëzij fan de dichters Abe de Vries, Grytsje Schaaf en Elske Kampen.
Oanbieding Kadoboek fan Hylke Speerstra oan Fryske talinten.
Lemster manljuskoar mei sjongeres Tet Rozendal mei Fryske primeur.
Sweevjende boekeplankjes en boekelampen mei foar elke besiker in boek op ‘e sweef.
Der is in boekestand mei de ferkeap fan de nijste Fryske útjeften.


Tet RozendalNei it skoft in frij program mei:

– Útstalling Frjentsjerter biblioteek
– Portretten Helen de Vries
– R. R. ‘raw’ van der Leest skilderijen mei teksten Marsman, oerset troch Eppie Dam
– Films oer R. R. Van der Leest en D. A. Tamminga yn de filmseal
– Eksposysje oer Tamminga mei ‘live’ foardrachten
– Iepen poadium Fryske skriuwers

Tagong fergees, mar wol even opjaan fia info@tresoar.nl/ 058- 789 0 789
Wêr? By Tresoar yn Ljouwert.
Hoe let? Ynrin: 20.00 oere; start program: 20.30

Boarne: Moanne fan it Fryske Boek