Hedwig Terpstra

Fraachpetear mei Sjieuwe Borger

logo.ensafh

Nije roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’ ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel

Sjieuwe Borger (1964) is berne yn Meppel en opgroeid yn Grou. Hy hat rjochten studearre yn Grins en wurket yn de rjochtshelpferliening. Healwei de jierren njoggentich skreau er mei Durk van der Veen it lange ferhaal ‘Modesta’, dat yn ôfleverings publisearre is yn it tydskrift De Blauwe Fedde. Hy debutearre yn 2005 mei de roman ‘It ferrin fan de tiid’. Yn 2008 ferskynde syn twadde roman ‘Genesis Abbekatekantoar’. Yn 1988 al skreau er de roman ‘Simmer oan ’e Pikmar’. Borger hat it ferhaal oanpast en it boek ferskynt dizze moanne by útjouwerij Hispel. Hy wennet yn Ljouwert mei syn frou en twa bern.

Wat kinst fertelle oer ‘Simmer oan ’e Pikmar’?
Sjieuwe: ‘Ik ha it ferhaal 23 jier lyn skreaun en doe wie it folle autobiografysker. Guon persoanlike gegevens ha ik derút helle. Yn 1994 ha ik it ferhaal al wat feroare en ferline jier noch in kear. Yn augustus 2010 wie it boek fierhinne klear. De roman spilet yn Grou, de lokaasjes besteane ek echt mar ha yn it boek soms oare nammen. De Willeweagen út it boek stiet bygelyks foar diskoteek De Treemter. De heit fan haadpersoan Sybren is learaar op de middelbere skoalle. Us heit wie ek learaar, dus dat komt út de realiteit. Guon personaazjes binne ek minsken dy’t ik ken, lykas Ljudger en Doede. En Sybren Brouwer soe ik sels wêze kinne. Ik fûn it doedestiids dreech om it ferhaal te skriuwen, sûnder al te folle libbens- en skriuwûnderfining. Fandêr ek dat ik it boek werskreaun ha. It is folslein oars as de earste oanset út 1988.

It ferhaal giet oer Sybren, in jonge fan 22 jier. Hy hat in fakânsjebaantsje as barman yn it pleatslike kafee. Hy ferbliuwt yn de fakânsje yn it hûs fan syn âlden yn Grou, mar wennet yn Grins dêr’t er studearret. Hy hat in freondinne, mar komt in oar famke tsjin dat er noch fan eartiids ken en dêr’t er fereale op wurdt. De jonge minsken binne in soad op stap yn it sintrum fan Grou en noch dwaande út te sykjen wat se wolle yn it libben. Oan ‘e ein nimt it ferhaal in kear en rint alles oars as je oan it begjin fan it boek tinke soene.’

Wat kinst sizze oer de taal yn it boek?
‘Ik brûk mei opset sin formele wurden en útdrukkings dy’t yn ûnbrûk rekke binne, lykas ‘Hy patte har’. Yn de sprektaal soene je dat faaks net gau sizze. Ik fyn it Frysk in kultuertaal dy’t him dêrom lient foar it behâld fan sokke wurden. De diskusje oft in skriuwtaal al of net oanslute moat by de sprektaal fyn ik net fan belang foar de skriuwerij. It giet om ferskillende domeinen. In boek ferwiist oer it generaal nei de realiteit, mar dy realiteit hoecht perfoarst net te beskieden hoe’t de taal yn it boek is. Ik sil dy ferklappe dat ik sokke wurden thús ek wol tsjin frou en bern brûk. It soe skande wêze at dy wurden hielendal ferdwine soene út de sprektaal. Dy wurden brûke yn in boek is in manier om se libben te hâlden. Wat dat oangiet bin ik taal-ideologysk ynsteld.’

Wat kinst fertelle oer dyn oare boeken?
Sjieuwe: ‘De roman ‘It ferrin fan de tiid’ spilet yn Grins. Sybren, deselde Sybren út ‘Simmer oan ‘e Pikmar’, komt út Den Haach werom nei Grins. Dêr moetet er in eardere freon fan de middelbere skoalle, Goaitzen, dy’t syn heil siket yn drank en drugs. Sybren docht kwa blowen en drankgebrûk net ûnder foar syn freon, mar besiket him dochs wer wat struktuer by te bringen. Sintrale fraach yn it boek is yn hoefier in minsk ferantwurdlik is foar syn eigen libben. ‘Genesis Abbekatekantoar’ spilet yn de wrâld fan de advokatuer, dy’t hieltyd kommersjeler wurdt. De advokatuer sjocht hieltyd mear nei klanten dy’t in heech oeretaryf betelje kinne en dêrmei de minsken mei minder jild net mear bystean. It rjocht krijt troch dy ûntjouwing net syn berin en dat wurdt yn it boek beskreaun. Haadpersoan Sybren, in ‘jup’, besiket him steande te hâlden mei help fan twa kollega’s. ‘It ferrin fan de tiid’ en ‘Genesis Abbekatekantoar’ binne realistyske boeken. It libben fan de haadpersoanen wurdt beskreaun sûnder idealisme. De haadpersoanen leare yn ‘e rin fan it ferhaal in tal dingen oer harren wurk en relaasje, mar net iens sa bot oer harren sels.’

Neffens guon lêzers en kritisy soene froulju yn dyn boeken frou-ûnfreonlik delset wurde. Wat fynst dêr sels fan?

‘Ik tekenje de wize fan omgean tusken de seksen yn it akademysk en juridysk miljeu, neffens de realiteit. Ik wit dan ek net hoe’t dy frou-ûnfreonlikheid de wrâld ynkommen is. Sels haw ik net in hekel oan froulju, sterker noch ik hâld hiel bot fan froulju! Yn myn wurkomjouwing haw ik altiten mear froulike kollega’s hân as manlike. Ik ha wol wat in hekel oan in bepaald type húsfrou. It type dat net wurket en de man dan noch wol it leksum lêst as er wurch thúskomt. Sokke froulju binne net allinnich dy man ta lêst, ek harsels dogge se te koart. Ek út in sosjaal-ekonomysk eachpunt soe it better wêze as sokke froulje oan it wurk gongen. It is foar in frou net goed om ôfhinklik te wêzen en it is better foar de persoanlike ûntjouwing om oan it wurk te wêzen. Ik ha sels in heal jier sûnder wurk sitten, en doe waard ik ek sa’n type húsfrou. Ik die net folle mear bûten de húshâlding om en dêr fielde ik my eins hielendal net goed by. Ik kaam sels net iens oan skriuwen ta, sa drok wie ik mei mysels besteld. Tsjintwurdich ha je de ‘muntteemem’, dy’t net wurkje wol en de bern nei de berne-opfang bringt. Mar dy memmen lêze myn boeken ek.’

Wannear bist begûn mei skriuwen?
‘Dêr bin ik mei begûn doe’t ik acht jier wie. Ik ha doe in boekje fan sa’n fyftich, sechstich siden skreaun. Ik hie lykwols de foarnammen stellen út in berneboek út de jierren fyftich, dus yn dat opsicht wie it plagiaat. Ik ha ek alris in filmskript skreaun yn it Hollânsk, nei oanlieding fan in priisfraach fan de filmklup op de middelbere skoalle. En yn de earste klasse fan de middelbere skoalle bin ik begûn oan in science fiction-roman, mar dy is net ôfkommen. Ik bin bêst wol perfeksjonistysk en fyn dat der gjin typflaters yn in ferhaal sitte meie. Dat wie yn de pre-kompjûtertiid net maklik. Ik ha ek wol haiku’s skreaun, mar eins hâld ik net sa fan dichtsjen, hoewol’st yn fersen fansels in protte moaie wurden kwyt kinst. Yn 1995, nei myn ferhuzing fan Den Haach nei Fryslân, ha ik mei Dirk van der Veen it feuilleton ‘Modesta’ skreaun, dat letter ferskynd is yn it tydskrift De Blauwe Fedde fan Meindert Talma en Nyk de Vries. Meindert hie my frege om kopij foar it blêd. Dirk en ik ha dat ferhaal beide fanút ús eigen perspektyf skreaun. Yn it ferhaal komme twa manlju, Sybren en Doede, in frou tsjin en dat blykt in hoer te wêzen. Op in bepaald stuit gean se út inoar en kinne se elkoar net mear fine. It binne deselde Sybren en Doede as yn myn oare boeken. Ik ha in idee foar in nij boek oer Sybren Brouwer, at er dwaande is mei syn eineksamen op de middelbere skoalle. Ik mei graach skriuwe, mar ik wol der wol de tiid foar nimme. En in ferhaal fertelt himsels, sa is myn ûnderfining, al moatst der al foar sitten gean.’

Dyn boeken dogge my wat tinken oan de postmoderne romans fan bygelyks Ronald Giphart en Joost Zwagerman. Kloppet dat? Hokker boeken lêst sels?
‘Dy boeken spylje sa’n bytsje yn deselde tiid, ein jierren njoggentich. Ik ha ‘Gimmick’ fan Joost Zwagerman twa jier lyn wer ris lêzen, ik wist eins net mear goed wêr’t it oer gong. Ik ha my yn elk gefal net bewust ynspirearje litten troch dy boeken. Ein jierren tachtich bin ik troch de boeken fan Trinus Riemersma begûn Fryske literatuer te lêzen. Rink van der Velde en Willem Verf en Hylke Speerstra koe ik fan ús pake, dy hie ik al lêzen op it gymnasium. Yn myn studintetiid ûntduts ik Trinus en Josse de Haan en net te ferjitten G. Willem Abma en Steven de Jong mei syn Wuttelhavenboek. Ik hâld soms ek fan de fersen fan Albertina Soepboer en ik fyn de ferhalen fan Jelma Knol hiel goed, humoristysk. It lêste Fryske boek dat ik lêzen ha is ‘De skjirre’ fan Piter Boersma. De Fryske skriuwtaal ha ik út boeken leard, want ik ha dêr nea in kursus foar folge. Ik ha in grutte steapel boeken lizzen dy’t ik noch lêze wol of yn dwaande bin, lykas ‘Keerpunt’ fan Ian Kershaw, ‘Less than zero’ fan Ellis, ‘De onbekende Darwin’ fan Steve Jones, ‘Het karakter van China’ fan Lindquist oer it Sineeske skrift, en ‘The bible’ fan Karen Armstrong. ‘Het grote uitstel’ fan Reugebrink is ek in nijsjirrich boek. It spilet ein jierren tachtich yn Grins en Berlyn en giet ûnder mear oer de fal fan de muorre. Ik keapje sawat alle boeken yn de ramsj.’

Wat dochst njonken dyn wurk en it skriuwen?
Sjieuwe: ‘Ik bin sûnt april 2010 skriuwer fan it Skriuwersboun. Ik haw wol ris faker yn in bestjoer sitten, mar dat boeide my in stik minder as it wurk by it Skriuwersboun. Dat sil wol komme omdat de oare leden ek allegearre skriuwers binne. As skriuwer fan it Skriuwersboun ferstjoer ik mails oan de leden oer nije aktiviteiten, lykas fan it Literêr Sirkwy en de Fryske Boekemoanne en jou juridysk advys, bygelyks oer it opstellen fan nije kontrakten. We ha krekt in nij karbrief, want de statuten binne wizige en ek dêrby ha ik advisearre. Fierder hâld ik ek de ynkommende mails by. Binnen it bestjoer prate we deroer hoe’t we Fryske boeken op ‘e merk krije. De Fryske literatuer komt wol yn ‘e knipe, want de merk wurdt troch de ûntlêzing hieltyd lytser. It Literêr Sirkwy docht lykwols wol aardich wat om de Fryske literatuer by de minsken te bringen. Myn frou en ik ha ús trouwens foarnaam om der mear op út te gean en mear kulturele dingen te dwaan, want dat bliuwt der faak wat by. Ik ha lêsten wol nei in foto-útstalling fan Tryntsje Nauta west op de Seefeartskoalle yn Harns. Meindert Talma makke dêr muzyk by. Dat fyn ik in moaie foarm fan hybride keunst. As hobby hâld ik my dwaande mei houtsnijwurk en ik mei graach túnkje.’

Wannear is de presintaasje fan ‘Simmer oan ‘e Pikmar’?
‘It boek wurdt op snein 25 septimber presintearre yn Hotel Oostergoo yn Grou. Dat falt moai yn de Fryske Boekemoanne. Ik lês in stik foar út myn nije roman. Cornelis van der Wal hat tasein in stik foar te dragen en ik hoopje dat myn freon Dirk van der Veen út syn wurk komt te fertellen. Ik ha in kollega út Hollân frege om gitaar te spyljen. Hy skriuwt sels songs mei Fryske teksten, lykas ‘Djippe Sleap’, ek al is it in echte Amsterdammer en net iens Frysktalich. Sa wol ik der in moai feestje fan meitsje. Ik fyn de opmaak fan it boek hiel moai. De earste letter fan elk haadstik wurdt in Jugendstil-achtige sierlike grutte letter, wat moai kontrastearret mei de ynhâld fan it boek. Ik tink dat it boek foaral de jongerein oansprekke kin, mar dan moat dy it al lêze fansels.’

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail