Durk van der Veen

Non Event 5

logo.ensafh

Doe’t ik it gebou ynrûn der’t de training jûn wurde soe wist ik absolút net wat my te wachtsjen stie. Myn konsulint fan Werwurk tocht dat it wol goed foar my wêze soe en folgje dizze training. Neffens har helle ik net it bêste út mysels. Der siet folle mear yn my, mar dat kaam der net út neffens har en dêrom moast ik de training folgje.

Go for your best!

Ik wie hielendal mei de trein nei Amsterdam Sloterdijk riden en dêrnei mei bus 82 nei halte Westpoort. Dêrnei moast ik noch in ein rinne en doe stie ik foar it gebou dêr’t de training yn jûn wurde soe. Wat ûnwennich rûn ik it gebou yn. ‘Dielnimmers Essence training melde’ stie op in stik papier dat oan in muorre plakt wie. In pear treppen op. In sealtsje yn, dêr’t allegear minsken oan de sydkanten efter taffeltsjes sieten. Hjir melde.

Ik sei dat ik dy en dy wie. Ik stie op de list. Werwurk hie al betelle. Dêr hie ik my yn’t foar wat soargen oer makke. As dy kloaten no yn’t foar mar betelje, oars soe ik sûnder wat bedijd te hawwen wer nei hús kinne, want it wie in eask en betelje yn’t foar.

700 euro, gjin kattepis.

Ik waard trochferwiisd nei in oar taffeltsje dêr’t neffens it nammebuordsje op har trui iene Claudia efter siet. “Wat is dyn probleem?” frege se my.

“Tsja, ik bin wat dreech yn de omgong mei minsken. It wurd my gau tefolle, dan wol ik fuort, by harren wei. Ik lit tefolle op my ôf komme, bin sels net aktyf genôch”, sei ik om mar wat te sizzen, want sûnder reden koe men fansels net oan de training meidwaan.

“Goed,” sei sy. “Wolle jo dan hjir jo hântekening sette.” Kontraktueel waard alles fêstlein; it probleem en de oplossing. “Dan kinne jo no by dat taffeltsje jo nammebuordsje ophelje,” sei se tsjin my.

Sy glimke freonlik en winske my in suksesfolle training ta.

Ik helle myn nammebuordsje en waard trochferwiisd nei in oare seal, dêr’t minsken yn in rûntsje sieten te wachtsjen op wat barre soe. Nimmen sei wat. Dêr ha ik oer it generaal wat in hekel oan; as yn in groep nimmen wat doarst te sizzen en eltsenien ôfwachtsjend en op syn iepenst de dingen ôf sit te wachtsjen.

Ik gong der dan ek net tusken sitten. Te pynlik. Ik hâlde my wat ôfsidich.

Ik besocht my te fertrêdzjen en ek op myn iepenst rûn ik wat oer de gong hin en wer.

Ik gong nei de wc om my te ferklaaien, want ik wie de dei yn koarte broek begûn – it wie in smoarhite dei – en hie de hiele reis yn koarte broek folbrocht. Ik wist net oft ik hjir wol daliks myn bleate skonken sjen litte koe. Faaks wie der in dresskoade, alhoewol’t dielnimmers yn in brief, dy’t men yn’t foar krigen hie, oanret waard om losse klean oan te lûken mei it each op de ferskate oefeningen, dy’t yn it ramt fan de kursus plakfine soene.

Ik naam it wisse foar it ûnwisse en luts op de plee myn lange spikerbroek oan.

Dêrnei gong ik dochs mar it sealtsje yn, dêr’t eltsenien noch altyd swijsum nei inoar siet te loeren. Wa soe it earst wat sizze?

Ik gong net midden yn de rûnte sitten mar njonken twa jonges, dy’t harsels yn in hoeke fan de seal ynstallearre hienen. Ik lies de nammebuordsjes. De iene hiet fan Frank, de oare Stijn.

Frankenstein liet ik yn my omgean. De sitewaasje wie noch te ûnwis en laitsje earne om.

“Wêr komst do wei” frege Frank ynienen oan Stijn.

“Ut Amsterdam” antwurde Stijn.

“Wat dochst do hjir” frege Frank dêrnei.

Stijn sei: “ Myn baas hat my hjirhinne stjoerd. Ik bin al in skoft oerspand. Ik haw in liedingjaande funksje by in grut eveneminteburo, mar dat is my tefolle. In soad konflikten, in soad spanningen en stress. Dêrfoar haw ik tsien jier frachtweinsjauffeur west. Dat wie mear myn styl.”

Stijn siet dúdlik net lekker yn syn fel. Ferhûddûke siet er mei lytse eachjes troch syn fjouwerkante swarte brilmontuer te koekeloeren. In moderne bril, dat jout neat, tocht ik.

“Wat dochst do hjir”, frege Stijn oan Frank. It wie dúdlik dat hy no ek rjocht op ynformaasje tocht te hawwen, al koe it ek wêze om de konversaasje geande te haâden, sadat der mear romte en iepenheid wie foar minsken om har te uterjen.
Ik moast daliks ek mar myn stientsje bydrage.

Frank sei dat er troch syn baas hjir hinne stjoerd wie. Hy wurke op de eachpoly fan in akademysk sikehûs en it koste him muoite en gean om mei tige dominante eachdokters, dy’t alles wisten en altyd gelyk hienen, wylst hy him der mar by del te jaan hie. Hy hie him ek mar del te jaan by de tige burokratyske gong fan saken yn de klinyk en dat muoide him faaks noch mear. Al hied Frank oangeande dizze oangelegenheden grut gelyk, it koe fansels net sa wêze dat der ea wat feroarje soe. Hy moast him mar oanpasse oan de sitewaasje en syn baas hie him dêrom nei de training stjoerd.

Frank seach om him hinne as hie er gjin grevel aan fan wat er op de kursus te sykjen hie.

De jonges seagen no nei my. Ek al woe ik net tefolle kwyt yn dit stadium, ik fielde my dochs ferplichte om wat te sizzen.

“Ik wenje yn Grins”, sei ik. “Ik folgje op it stuit in wurkstage en ik moat trochstreame nei betelle wurk. Myn konsulinte fan Werwurk fynt dat ik net it bêste út mysels helje. Neffens har kin ik folle better en mear en dêrom sit ik hjir”. “Oh”, seinen de jonges.

“Om myn blokkades en remmings op te heffen”, besocht ik út te lizzen.

“Oh”, seinen de jonges jitris.

Oare minsken yn de rûnte waarden no ek wat losser. Dizze en jinge sei wat. Oaren gongen der wol of net op yn. Wie dit in soadsje probleemfiguren by inoar? frege ik my ôf. Soene der ek normale minsken tusken sitte? It tal manlju wie sawat like grut as it tal froulju. Wol kreaze froulju sieten der by. Foar it uterlik neat oan it hantsje.

Der kaam in frou ynrinnen die’t dúdlik ferlet fan oandacht hie. Mei wiggeljende heupen rûn se mei grutte stappen troch de seal. Sy helle wat út har tas en begûn sa te sjen in grutte bak salade leech te fretten. Faaks hie sy honger, tocht ik.

Letter soe bliken dwaan dat in soad froulju allinne mar sla frieten. By de kninen om’t ôf.

Dat wist ik doe noch net. Safier wie it noch net.

Der kaam in oare frou ynrinnen. “De training begjint oer tsien minuten” dielde sy mei.

“Oer tsien minuten begjint de training” werhelle se om it echt dúdlik te stellen.

De spanning naam ta, ek by my.

Ik besocht sa cool en rêstich mooglik te bliuwen. De drugs en drank dy’t ik yn de dagen dêrfoar ynnommen hie wiene noch net hielendal útwurke dat ik wie echt cool en rêstich.

Dat soe samar feroarje kinne as ik my tefolle prikkelje liet.

Cool en ûnferskillich sa besocht ik my op te stellen.

As wie it my likefolle, wat der ek barre soe.

Geef een reactie

Het e-mailadres wordt niet gepubliceerd. Vereiste velden zijn gemarkeerd met *