Tryntsje van der Steege

Foar De winter komt de hjerst

logo.ensafh

Op in hjerstige jûn mei gûlende wyn om it hûs en rein tsjin de ruten lies ik De winter komt fan Durk van der Ploeg. Hoe smûk it op de bank ek wie mei de kachel oan en kearskes om my hinne, ik krige it der kâld fan. It ferhaal fan Brand en Baefke en harren âld fabryk kinne je eins allinnich mar yn de hjerst lêze, it seizoen fan teloargong, ferfal, ferlies. Hoewol, ek al hie it gjin hjerst west by it lêzen, it biedwurd fan T.S. Eliot oan it begjin ropt dizze assosjaasjes ek prachtich op: “In my beginning is my end. In succession / Houses rise and fall, crumble, are extended, / […] Houses live and die…”
Yn De winter komt giet it om de teloargong fan it fabryk dêr’t de twa âlde minsken yn wennen, it ferfal fan harren liif en libben, en it ferlies fan de leafde. Dat rekke my noch it meast, dat twa minsken sa lang tegearre libje en elkoar op’e lange doer net mear ferneare kinne. De suggestje dat Brand ferantwurdlik wie foar de dea fan Baefke woe my eins net oan – en him ek net. Dy twivelriedigens fan Brand hat Van der Ploeg hiel moai werjûn; syn ûnrêstige gedachtegong dy’t hinne en wer springt fan it ‘hy’- nei it ‘ik’-perspektyf, hoe’t er him hieltyd fierder fêst tinkt en praat yn syn ferzje en ferklearring fan wat der bard is, oant er úteinlik dochs ta in beslút komt, en ta syn ûnûntkombere ein.

It moast eins net sa’n trystich stikje wurde foar dizze Ensafh(eest)-edysje ta eare fan de Gysbert Japicxpriis-winner fan dit jier, mar ik bedoel it goed. Want dizze novelle – myn earste yndruk fan it wurk fan Durk van der Ploeg, moat ik tajaan – krûpte my fuort ûnder de hûd. En dêr hâld ik fan, hoe trystich in ferhaal ek is, at it jin sa oangrypt as De winter komt my die, dan hat de skriuwer it goed oanpakt.

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail