Durk van der Ploeg, André Looijenga

Exegese

logo.ensafh

Alle treinen ride nei in front.
Alle keningen wenje yn ballingskip.

De wegen wech ende wear
Iepenskuord fan it ljocht
Lizze fol drimpels en deaden.

En oer de heuvels iepen en leech,
Warleas it wrein en it wouter,
Dûnkere kloft fan tûzen soldaten,
Dutsen ûnder it izeren heil
Fan de hillige helm.

Hja wenje op pleinen fan ferwoasting
Rêste yn roast en rein
En wanne de wrâld mei it wapen.

Alle keningen wenje yn ballingskip.
Alle treinen ride nei in front.

Durk van der Ploeg

Harkje nei de foardracht fan André Looijenga

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail