André Looijenga

Puber yn it poaliis

logo.ensafh

Durk van der Ploeg syn resintste histoaryske roman, De kjeld fan it noarden (2010), is it ferslach fan in heroyske reis oer de iisflakten fan Grienlân, en tagelyk in boek oer in puberjonge dy’t omrint mei in beskamsum geheim. It is de skriuwer slagge om de twa syktochten, de iene yn in rûge, kâlde bûtenwrâld nei in feilige thúsreis, de oare yn de haadpersoan syn fertizende binnenwrâld ta in boeiende ienheid te kombinearjen. De kjeld fan it noarden is boppedat in boek dat uterlik tige goed fersoarge is.

It histoaryske ferhaal dêr’t De kjeld fan it noarden oer giet, is dat fan ’e reis fan de Harlingen. Yn maart 1826 fear dit nagelnije flaggeskip fan ’e Nederlânske walfiskfeart út Harns nei de Strjitte Davis tusken Grienlân en Kanada. Troch oerbefisking wiene der doe yn ’e noardlike Atlantyske Oseaan kwalik walfisken mear oer, dat kapitein Hoekstra gyng mei de Harlingen hieltyd fierder nei it noarden en rekke sa hast fan ’e doedestiidske kaarten ôf. It skip rekke fêst yn hieltyd tsjokker driuwiis, oant der gjin ferwegen mear yn siet. Yn augustus siet de Harlingen sa fêst tusken de skossen, dat de bemanning fuort moast en ûnderdak fûn op it Skotske skip Dundee dat flakby yn it iis lei. Te min foarrie foar in ynienen dûbeld sa grutte bemanning soarge foar strideraasje op ’e Dundee. Uteinlik hâlde Hoekstra en syn mannen de eare oan harsels en sette se begjin oktober ôf foar in fuotreis oer it iis nei de westkust fan Grienlân.

Mei help fan Deenske keaplju en ynheemske Grienlanners oerlibje, op twa nei, de mannen de winter. Van der Ploeg syn each foar detail blykt út ’e poëtyske beskriuwings fan it poallânskip en it ljocht dat dêrop skynt. De kjeld fan it noarden is allinne dêrtroch al in sfearfol en slagge boek. Wat de kultuer fan ’e Grienlânske Inuit oanbelanget, bin ik lykwols fan betinken dat it (foar it ferhaal net wichtige) ûnderskie dat de skriuwer makket tusken “Grienlanners en Eskimo’s” (de earsten kristliker, de oaren noch mear heidensk) net sa makke wurde kin.

Oan de histoaryske bemanning fan de Harlingen hat Van der Ploeg as haadpersoan Alwin Cupido tafoege, in 16-jierrige boeresoan fan it Amelân. Alwin is fan hûs útpykt, nei’t syn heit him neaken yn bêd by syn âldere suster betrape hat. Syn pake, in âld-kommandeur, jout Alwin in oanbefellingsbrief mei foar in walfiskekspedysje mei kapitein Hoekstra. It is Alwin syn earste grutte seereis, dat út syn perspektyf wei meitsje wy dizze reis likegoed as bûtensteander mei.

As lêzer makkest de seesykte, ûnwennigens en kjeld foaral fan Alwin út mei. En boppedat de prakkesaasjes oer syn ferhâlding ta syn suster Anna en oer dy ta syn heit, dy’t er mei gjinien diele kin. Om in útwei, in weromreis, te finen út dizze problemen begjint er op in stuit brieven te skriuwen, om nea te ferstjoeren. Faaks skoot de haadpersoan de skuld wol wat folle op syn suster, dy’t skeind troch har hazzemûle him mei har moaie lichem ferlate. Faaks ferfalt Alwin op ’en doer ek wat yn werhellings.

Dit stikeme briefskriuwen fan Alwin liket miskien net hiel wierskynlik. Allinnich al: is it praktysk mooglik foar Alwin om yn de folle skippen en kabakken temûk te skriuwen? En is dat hiele terapeutyske ‘fan jin ôf skriuwe’ net in anachronisme yn 1826?

Lykwols past dit skriuwen as selsrefleksje – hoewol faaks net folslein autentyk as hanling fan in Amelanner jonge út begjin 19e ieu – goed by Alwin as in typysk Van der Ploeg-personaazje. Yn ’e romans fan Durk van der Ploeg spilet ommers, neist de libbensechte details en de byldzjende beskriuwings, eat mei dat grutter as de wurklikheid is. De kjeld fan it noarden giet oer jinsels losmeitsje fan hûs en it paad wer werom fine. It giet oer hoe’tst as jongere yn it libben stean kinst. It giet oer heitfigueren, dy’t mei mear of minder leafde har bern stjoere wolle: de gewelddadige heit Cupido foaroer de fromme mar net hiel populêre kommandeur Hoekstra en de ynspirearjende pake Dogger.

Van der Ploeg hat him grif goed ynlêzen oer de walfiskfeart. Syn wichtichste boarne is it reisferslach dat kommandeur Klaas Hoekstra sels skreau oer syn mislearre ekspedysje, Dagverhaal van het verongelukken van het galjootschip Harlingen, in Straat-Davids. De Togt van de Equipagie met sloepen over en langs het ijs, en overwintering van dezelve in het noordelijk gedeelte van Groenland, dat yn 1828 publisearre waard by M. van der Plaats yn Harns. It is in detaillearre ferslach, folge troch oantekens oer de kultuer fan ’e Grienlanners en in troch Hoekstra sels tekene nije kaart fan ’e Baffinbaai. In soad út dit útsûnderlike ego-dokumint is werom te finen yn De kjeld fan it noarden. Wannear’t Van der Ploeg Klaas Hoekstra letterlik oanhellet, docht er dat spitigernôch neffens de resinte wertaling fan it Dagverhaal (troch Annie Douma, De dood voor ogen ziende…, Harns 2005). Seker sjoen Van der Ploeg syn war om in autentyk Frysk te skriuwen dêr’t er argaïsmen nea yn mijd hat, stiet it mar suterich wannear’t syn personaazje Hoekstra skriuwt yn it nuete hjoeddeiske Nederlânsk fan frou Douma.

De kjeld fan it noarden is net de earste Fryske roman basearre op ’e reis fan de Harlingen. Yn 1966 kaam fan Hein Faber in jeugdboek De jonges fan ’e walfiskfarder út, in boek dat Van der Ploeg grif kenne sil. Faber syn jongesboek is lykwols gewoan in optein aventoereferhaal sûnder te folle prakkesaasjes. Mear in foarbyld foar Van der Ploeg sil Ype Poortinga syn Duveldei op Grienlân (1967) west hawwe, oer in ferbliuw boppe de poalsirkel ein 18e ieu, beskreaun fan in relative bûtensteander (in dokter) út. Wêr by Poortinga de klam mear leit op ’e histoaryske tinkwrâld (de ferljochting yn dit gefal) yn syn histoaryske roman, konsintrearret Van der Ploeg him neist it beskriuwen fan dingen benammen op ’e persoanlike problemen fan Alwin Cupido.

Yn de wize wêrop’t Van der Ploeg de persoanlike problemen fan Alwin útfergruttet, en dêrby faaks foarby giet oan in autentike wize fan tinken fan in begjin-19e-ieuwer, sit likegoed in soad fan ’e krêft fan De kjeld fan it noarden. Alwin kin, yn in oare tiid en yn frjemde omstannichheden delset, in personaazje wêze dêr’t de lêzer wat oan hat. Alwin Cupido is in ynbannige en ûnsekere puber, dy’t wol (in wat oerflakkige) freonskip slút mei syn leeftydsgenoat Sytse Hoekstra, mar net echt oansluting fine kin mei syn omjouwing. Hy skammet him bot op seksueel mêd, wol foar alles syn ynsestueuze relaasje mei Anna ferburgen hâlde. Alwin is net in yn ’e kast sittende jonge homo (wat fansels te anachronistysk west hie – hoewol’t der oan ’e begjin fan it boek àl taspilings makke wurde oer hoe’t de seelju oan har gerak komme…), mar it geheim oer syn seksualiteit is dêr winliken in autentike ekwivalint fan.

In nij boek fan Durk van der Ploeg komt spitigernôch gauwer yn hannen fan in pake as fan in pakesizzer. En dat wylst júst de pakesizzer in boek as De kjeld fan it noarden lêze moat. Fanwegen it fersoarge Frysk fansels, fanwegen it nijsgjirrige reisferhaal oer Grienlân, mar foaral fanwegen Van der Ploeg syn ferhaal oer in werkenbere, stinnende puber dy’t in wei werom nei himsels fynt. Mei De kjeld fan it noarden hat Durk van der Ploeg ien fan ’e grutste oeuvres fan ’e Fryske literatuer oanfold mei in yndrukwekkend jeugdboek!

De kjeld fan it Noarden
Durk van der Ploeg
Friese Pers Boekerij/Uitgeverij Noordboek, 2010

Facebooktwittergoogle_pluslinkedinmail