Beart Oosterhaven

In perfekte titel

logo.ensafh

‘Wot Frysk? Wâldfrysk!’, it earste wurd yndied mei in o!, stiet yn grutte giele letters op ’e efterside fan ’e slúf fan ’e lp Teiwaar yn Tytsjerksteradiel fan Strawelte út 1989. It Wâldfrysk dat dy willepunkband út Droegeham en (wat fierdere) omkriten yndertiid – en letter ek by har geregelde reunys (dêr’t de lêste kear sels de grutte hit ‘Mem fan Doutzen’ út fuortkaam) – brûkte, waard skaaimerke troch in heech persintaazje ‘ynslûpsels’. Ynslûpsels út it Hollânsk wei en út ’e krektneamde omgongstaal fan ’e bandleden, fan wa’t de measten de namme oars as ‘Woodfrysk’ útsprieken.

Dat ynslûpselrike ‘Woodfrysk’ liket de lêste tiid frijwat opgong te meitsjen yn ’e Frysktalige lichte muzyk. It trio De Hûnekop hat der al twa cd’s mei folsongen, Elske Minnema jout der op ’e Fryske Cash-cd fan fan’t simmer mei it nûmer ‘Toe jou dyn mes oan mem’ in foarbyld fan, en ek Marcel Smit betsjinnet him op syn hjir te besprekken debút-album Muzyk fan dy net-Standertfryske taal.

Marcel Smit is hikke en tein yn it doarp De Westereen, yn ’e Fryske Wâlden. Gjin niget dus, dat er de taal fan dy kontreien goed yn ’e macht hat. Oft it wol sa handich wie, om dy taal ek mei ham en gram as fehikel fan syn lietteksten te brûken, sil ik it fierderop oer ha.

De cd Muzyk stean 12 nûmers op. Jurjen van der Meer, foaral bekend fan Piter Wilkens syn ‘Knoopkes’, naam de wurden fan ‘’t Kastje’ foar syn rekken, mar fierder binne alle teksten fan ’e hân fan Marcel Smit sels. Foar trije nûmers hat Smit as toandichter (mei) yn ’t spier west. De oare stikken binne komponearre troch Rolf van der Neut, dy’t op ’e cd ek akoestyske en elektryske gitaar en toetsen spilet. Behalve Van der Neut binne as muzikanten op Muzyk te hearren: Marcel Smit sels (akoestyske gitaar), Wander van Duin (banjo, mandoline en kontrabas), Ruben Soer (drums) en Rob du Jardin (fioele). En dan is der ek noch Hermien Swart as eftergrûnsjongeres.

Wat opfalt oan Smit syn teksten, is dat dêr gâns oades (lofsangen) tusken sitte. Sa bringt er, yn nûmers dy’t dan ek sa’n titel ha, oades oan ûnder mear in ‘Autogek’, syn berteplak ‘De Westereen’, ‘Heit en Mem’, ‘Lytse Teake’ (van der Meer, BO), ‘Myn Gitaar’ en ‘Pake’. Faaks om’t dy ûnderwerpen Smit nei oan it hert lizze, leveret  soks alderaardichste ferskes op. Wêrom’t ik oangeande dy lietsjes net fierder kom as de oantsjutting ‘alderaardichst’, sit him nei alle gedachten yn it folgjende.

Ik kin it Frysk ferstean, lêze en skriuwe. Foaral it earste is in handicap, as men de lietsjes fan Marcel Smit op har krekte wearde skatte wol. It slim troch it Hollânsk beynfloede Omgongsfrysk dat Marcel Smit foar syn lietteksten brûkt, ‘beart’ my nammentlik as skuorde klokken yn ’e earen. Sa hat er it bygelyks oer: ‘de geur fan benzine’, ‘kwam’, ‘mems bedsje’ (allegear yn ‘Autogek’); ‘dankbaar’, ‘froeger’, ‘niks’ (yn ‘Heit en Mem’); ‘bekend fan Kanada tot op ’e Klaai’, ‘Kening fan ’e lach’ (yn ‘Lytse Teake’); ‘wie it dan eindelik sa fier’, ‘de ferskes foar jim spylje dy iederien meisjonge kin’, ‘letter moest it better klinke’ en ‘no kin myn frou it wol waardearje ok har af en toe mar smelte lit’ (de lêste foarbylden komme út ‘Myn Gitaar’). En dan soe dêrby ek noch neamd wurde kinne it mannichfâldige brûken fan ’e wurden toch, werkt en fast en fan konstruksjes fan it type ‘mear/langer dan’.

In pear nûmers binne tekstueel noch wol ridlik foar de hearen kommen. Dat binne it al neamde, troch Jurjen van der Meer skreaune, ‘’t Kastje’ (fan Ikea, BO) en ‘Ús Cien’, dêr’t Marcel Smit sels sawol de tekst as de muzyk foar skreaun hat. It lêstneamde nûmer, oer it ‘ferlies’ fan ‘de leafste’, hat dêrby in tige meinimmende wize en is muzikaal alderprachtichst ynkleure mei gitaar, mandoline en fioele. It bringt jin de lietsjes fan ’e Amerikaanske singer-songwriter Tucker Zimmerman yn ’t sin.

Mei it muzikale aspekt binne wy dan fuort by de grutte kwaliteit fan Marcel Smit syn earste album-cd. Syn ‘rjochterhân’ Rolf van der Neut en hysels hawwe foar winlik alle ferskes in bypassende, pakkende, wize betocht en fiere, mei help fan har gastmuzikanten, de folkie muzyk oer ’t generaal ek treflik út. Nei eefkes wennen, docht boppedat bliken, dat Smit in moai fêste, plezierige, sjongstim hat, dy’t yn guon nûmers (‘Autogek’, ‘Lytse Teake’ en ‘’t Kastje’) op ’e eftergrûn ek nochris hiel goed ‘oanfolle’ wurdt troch Hermien Swart. Krekt as mei sjonger Foppe Land yn it wurk fan Strawelte eartiids, kin men de stim fan Marcel Smit op ’e hjir besprutsen cd dêrom mar it bêste beskôgje as in (ekstra) ynstrumint, dus mei it útskeakeljen fan ’e semantyske/tekstynhâldlike funksje. Op sa’n ‘wize’ is Muzyk dus in perfekte titel foar dit goed produsearre en troch Jan Edwin Geertsma kreas foarmjûne debút-album!

Marcel Smit

Muzyk (cd)

Marista, Dronryp 2011