André Looijenga

Frýsk Frysk

logo.ensafh

It wie in klomske middei yn ’e Broeretsjerke. Simson (Albert Bonnema) joech him del op ’e skerte fan Delila (Anitra Jellema), dy’t him fluensk troch de hierren striek. Treflik artikulearjend spriek hja him ta: ‘Hast toarst? dyn mûle is droech fan alle praat, / ik helje in koele tooch dy út ’e saad, / en dan te rêst – dû bist der sa oan ta – / strak sil ús leafde in nije heechtiid ha.’

Fedde Schurer syn Simson wurke op toaniel! It bibelsk drama, it opera-eftige (méi tanksij stikjes Saint-Saëns), de statyske ûnbidigens, de hege taal… it wurke allegearre, en wurke boppedat yn it Frysk. Dat Schurer mei syn Simson yn 1947 folle sealen loek, ynienen wie it te begripen. Moai en aardich dy Kneppelfreed-reboelje, mar dat Schurer de literêre nijfryskigens sá mei lûd en lêst ûnder in breed publyk brocht, hat dochs eins in folle gruttere fertsjinste fan ’e man west. Mei syn literatuer en performance hat er neffens my it Frysk mear foarútholpen as mei itjinge dat ôfrûne moanne rûnom betocht waard.

It sprutsen hearren fan Schurer syn ‘heech-Frysk’ wie foar my it hichtepunt fan it Keppelfeest fan 19 novimber 2011. It is moai om de Fryske taal sa serieus nommen te hearren. Om in grut drama yn âldfrinzich poëte-Frysk mei te belibjen, om de Kalmaëske skriuwtaalwurden op te heinen út it deklamearre resitatyf.

Jokket jo dizze kollum al in bytsje?

Ik mei it fan jo faaks net ha oer it Frysk sels. Ik hear net te lekskoaien oer taalfersuterjen, hear net te kleien oer lju dy’t yn it Frysk op syn Hollânsk brijkje en de tiidwurden ferdraaie. Taal feroaret ommers, sizze jo, taal heart te feroarjen. Wat sit ik hjir ek te drôgjen oer dat nuvere, njonkenlytsen ûnlêsbere, Frysk fan froeger?

Okkerdeis stjoerde Omrop Fryslân in dûbelde dokumintêre út oer de takomst fan ’e Fryske kultuer. Trije generaasjegenoaten fan my (Nyk de Vries, Remon de Jong, Tet Rozendal) diskusiearren dêryn oer takomst foar de Fryske taal, as medium foar har artistike wurk benammen. Ut dát part fan ’e doku kaam net folle bestekliks. It bleau by in pleit om net geef Frysk brûke te hoegen, mar om yn jins eigen mear as minder ferhollânske Fryske idiolekt te skriuwen. Lykas waard soks harren no fan hegerhân ferbean…

Oarsom júst! Dat wy sok ferhollânske praat-Frysk hieltyd mear as ús standert nimme, dat wy it ‘foar de jongerein’ net te dreech meitsje meie en de taal leaver mei sleauwe ynslûpsels oppoaie, dát is de hearskjende taalhâlding hjir yn Fryslân. Foarbylden dy’t it oars dogge, wurde hieltyd mear wei. De bining mei âlder, minder Hollânsk, Frysk rekket sa hieltyd mear ferbrutsen. Hieltyd minder Frysk Frysk bliuwt oer om ús behoefte oan grutskwêzen op ús talich erfgoed te foldoggen… eh, te foldwaan…

Der is ferlet fan kreaze foarbylden, ferlet fan in fersoarge standertfoarm, ast in taal by-inoar hâlde wolst en takomstperspektiven jaan wolst. Boppe eigen hiem en buorren út binne der eins net sa’n soad omfiemjende foarbyldjouwers foar it Frysk (folle minder as foar it Nederlânsk yn alle gefal). In wichtigen is lykwols Frysktalige muzyk, en ik kin my dan ek mear as lykfine yn ’e krityk dy’t Beart Oosterhaven yn ensafh 57 hie op it taalgebrûk fan ’e Westereender sjonger-lieteskriuwer Marcel Smit. Dat er yn it Wâldfrysk (sonder, saterdei, treen) sjongt, is wakker autentyk. Mar dat Smit yn sa’n ûngewoane taalutering as in liet derfoar kiest en brûk allegear sleauwe, gewoane hollannismen is skande fan it arsenaal oan wurden dat it Frysk sels hat.

Krekt as bestie der gjin tradysje fan literêr en geef Frysk.

Mar it Frysk is dochs mear as tafallich it thúsdialekt fan om-en-by de helte fan Fryslâns ynwenners? Mei it Frysk kinne jo de dyk út, rûnom yn ’e provinsje terjochte, nijsgjirrige boeken lêze, yn ’e wrâld fan jo hearre litte.

It Frysk is ien fan ’e besûnderste dingen dy’t wy hawwe yn Fryslân, dat lit ús der ris wat suniger op wêze. En dus hearre (en lêze) litte dat wy dêr sa grutsk op binne. Fuort mei de sleauwens én mei it synisme. Ambysje, blinder: better Frysk ûnderwiis easkje fan pjutten oant en mei universiteit (ús yn Grins net fuortreörganisearje litte!) en foaral séls mei nocht en wille ús moaie, drege, aparte Frysk de wrâld yn prate!