Cornelis van der Wal

Brún Bloed (05)

logo.ensafh

Haadstik fiif: Merde! Morte!

It wie lykwols gjin kreas frommeske dat him frege oft er noch wat ite of drinke woe, mar Marcel Jouhandeau, hjoed-de-dei noch it meast bekend fan syn deiboeken, dy’t ûnfersteanbere, grânzgjende kiellûden útstjitte, Sybe by it mul beetkrige en him op it smelle bêd triuwe woe. Sûnder nei te tinken griep Rinzema daliks yn, draaide it kreunende keardeltsje de earm op ‘e rêch, sistere him‘Merde! Morte!’ yn it ear en treau him net al te sêftsinnich de gong op. Triljend fan lilkens klapte er de doar ticht en draaide him op slot. Yn hokfoar selskip wie er yn ‘e goedichheid bedarre? Der ûntsnapte him in grouwélige flok, soks wie oars net syn gewoante. In noch folle ferskrikliker wurd, dat hjir net werhelle wurde kin, krûpte him stadich as in lilke slange út ‘e kiel, doe’t er murk dat er ûnwillekeurich wer in mânske ereksje ûntwikkele hie. Hie er no in gewear hân, dan soe er dy degenerearre flikker daliks in nekkeskot jaan. Sike bisten moatte dea.

Gau, nee, no daliks hjirwei. De earste trein rjochting It Ankefean, hy soe him wol siik melde. Rinzema iepene de kast al om syn guod wer yn te pakken, doe’t er murk dat de boat in bytsje slingere en troch it patriispoartsje naam er waar dat de trossen al los wiene. De haven ferdwûn stadich út it sicht.

Nei oanlieding fan syn resinte ûnderfining hie Sybe Rinzema it beslút naam om him sa min mooglik mei syn literêre kollega’s te bemuoien. Yn himsels keard hong er oer de reling, en hie gjin each foar it prachtige dekôr dêr’t de Prinz von Homburg op steatlike wize bydel glide. Sêfte griene heuvels, mei op harren rêch de achteleas delstruide huzen en hjir en dêr, op de top, in lyts, mar grutsk kastiel… It skolperjen fan de blaugriene weachjes, de stevige, mar soele wyn yn it hier … It drong net ta him troch.

Herr doktor Rinzema, nehme ich an?’ Neist him stie in unifoarme ofsier fan gemiddelde lingte, hy koe sa gau de rang net fêststelle. De militêr stelde him foar as Wilhelm Rahtke, neiste meiwurker fan dr. Goebbels. Rahtke hie in hertlik, brúnferbaarnd antlit, mei wylde wynbrauwen, bolle blaue eagen en in skerp kin. De ûnderskiedings dy’t er opspjelde hie skitteren yn it freonlike sintsje.

It die bliken dat Rahtke goed op ‘e hichte wie mei Sybe syn dichtwurk, watsei: hy deklamearre samar de earste twa rigels fan de Falschirmjäger! Rinzema wist fansels net dat Rahtke fan alle dielnimmers in literêr fragmint út ‘e holle leard hie en dat er tsjin elkenien apart sei dat er spesjaal útsjoen hie nei dizze moeting.

Nei’t it praat op it fierdere ferrin fan de rûnreis kommen wie, seach de Dútser efkes om him hinne, om der wis fan te wêzen dat net ien taharke. ‘Herr Rinzema, jo binne in wiere oanhinger fan de Nije Oarder, dat kin net fan alle dielnimmers sein wurde. Ut namme fan dr. Goebbels woe ik jo útnoegje foar in hiele spesjale gearkomste, no woansdei, oare moarn dus, op de top fan de Heiligenberg, yn Heidelberg. Hawwe jo wolris fan de Thingstätte heard? Dat is ús nije, prachtige, ymposante amfiteater, yn 1935 is it oplevere. Nachts, om tolve oere sil it plakfine. Jo oanwêzigens wurdt tige op priis steld, litte wy sizze… Wy soene bot teloarsteld wêze wannear’t jo net komme soene.’ It freonlik lûd fan Rahtke krige in bytsje in sarkastyske en driigjende ûndertoan doe’t er de lêste sin útspruts.

Klik hjir foar Haadstik Ien
Klik hjir foar Haadstik Twa
Klik hjir foar Haadstik Trije
Klik hjir foar Haadstik Fjouwer