Nanne Hoekstra

Feodaal management

logo.ensafh

By ús op it wurk doarmje aparte lju om.

Lju dy’t allegeduerigen myn dwaan en litten kontrolearje miene te moatten, al ha hja noch net heal foar it ferstân wat ik winliken doch.

Lju dy’t ornaris mei sinleaze briefkehinenwerstjoerderij my fan en harrensels oan it wurk hâlde.

Lju dy’t om it hoartsje wichtige emails fan klanten bedobje ûnder harren eigen berjochten — sûnder útsûndering mei in read útropteken as yndikaasje dat de oanbelangjende kwestje ôfgryslik driuwt — dy’t fol stean mei yrrelevante fragen en healwize oarders.

Lju dy’t jimmeroan ûnmooglike prosedueres betinke en útwrydske automatisearringsprogramma’s ‘útrôlje’ dy’t folle mear tiid kostje as opsmite.

Lju dy’t dêrfoaroer advizen dy’t fan de wurkflier komme út noch yn gjin acht slaan.

Lju dy’t geregeldwei gearkomsten belizze om mei powerpointljochtbylden opgnyske preken te hâlden yn in griemmank fan Ingelsk en Nederlânsk dy’t ik, alhoewol ik beide talen ôfsûnderlik aardich behearskje, net goed neikomme kin.

Lju dy’t gauris yn harren Nederingelske mingtaal op basis fan pseudorasjonele arguminten ferkundigje dat it sa écht net langer kin – meastentiids krekt op in stuit dat ik it gefoel ha as florearje de saken dat it slydjaget – en fiergeande yngrepen yn de organisaasje nedich binne.

Lju dy’t dêrnei in foech part fan in jier besteld binne mei harren reorganisaasje; in perioade wêryn de sljochtweihinne wurknimmers harren fierders dan mar rêde moatte mei de deistige omballings.

Lju dy’t mei eintsjebeslút in organisaasje yn elkoar nifelje dy’t foar myn kollega’s en my it wurkjen der alhiel net makliker op makket; krekt oarsom, júst beteart yn folle yneffisjintere ‘wurkprosessen’.

Lju dy’t dan net it geduld hawwe en wachtsje ris ôf wat de effekten fan harren krewearjen binne, mar dy’t al gaueftich – fakentiden op in stuit dat wy ús deistige skrepperij krekt wer min ofte mear in bytsje op ’e regel krigen ha – dea-ienfâldich op ’e nij begjinne te âljen dat it sa écht net langer kin en fan gefolgen jaget de iene reorganisaasje de oare.

Lju dy’t it mearke fan it tichter by bringen fan de ideale organisaasje brûke om foar harren sels hieltyd hegere en better betelle funksjes te kreëarjen, sadat der fan ûnder op noch wer mear romte komt foar lyksoartige omkoalen dy’t dan ek wer besykje mei de niisneamde wipwapbeusichheden troch de tiid te kommen, omdat hja fan klearebarre lamenadichheid net witte wat hja oars dwaan moatte, want wy binne fan de skrik ‘selsstjoerend’ wurden; sadwaande in surrealistyske hiërargy optúgjend.

Lju dy’t, om koart te kriemen, as psychoaten yn in eigen alternative wurklikheid lykje te libjen, mar wol de boel yn de echte wrâld yn ’e bulten jeie.

Mar benammen lju dy’t it nei alle gedachten earst en foaral te rêden is om de eigen portefúlje en harren oansjen yn de maatskippij en dy’t ús arbeidsfreugde mar ek it bedriuwsbelang dêr op suver feodale wize ûndergeskikt oan meitsje.
 

It sjocht der dus net sa bêst út, by ús op it wurk. Dat ik liet al yn my omgean om faaks mar dien te nimmen en sachs al fêst ris wat om my hinne te sjen foar wat oars. Mar as ik by it jûnpraten en op jierdeisbesites oer myn dwylsinnige managers begjin te rabjen, krij ik fan de kunde krekt sokke horrorferhalen te hearren! It liket as is ús maatskippij rûnom ynfektearre mei oanboazjende kloften fan dizze profiteurs, dy’t ús bedriuwen útrûpelje en ús konkurrinsjeposysje sa stadichoan nei de filistijnen helpe.

Mar no’t we skielik krap komme te sitten yn de wurkkrêften kinne we ús net mear feroarloovje dat der safolle skoandere wurktiid fergriemd wurdt. Dat sa kin it écht net langer. Lit ús no foar iens en foar altyd regaad meitsje en yn in lêste revolúsjonêre reorganisaasje mei alle oerstallige managers yn de BV Nederlân ôfweevje troch hja fan harren troanen te reagjen en werom te stjoeren nei skoalle foar in yngreven werprogrammearring.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op