Koosje Melis

Freon

logo.ensafh

De stêd gûnze sa’t allinne grutte stêden dat dogge, in mûnster dat ek yn ’e sliep noch grommeljend sykhellet. Yn sa’n stêd jouwe minsken neat om it miljeu. Sterker noch, se laitsje derom. Bûsdoekjes, tissues, plestik: jo goaie it op strjitte, ek al stiet der trije meter fierderop in jiske-amer. Dêr rêdt in oar him mar mei, ik ha it drok drok, sizze de gesichten fan de minsken dy’t hastich har paad sykje troch it labyrint fan strjitten en auto’s en metrostatjons. Yn sokke stêden wenje minsken yn har auto’s. Ek al is it trije oere nachts, as in grutte trein ride se, dan wer traach, dan wer it gas djip yntraapjend, grutte gaswolken útblazend. Allinne yn sa’n stêd, mar dat begriepen wy pas letter, koe it bleekwetterynsidint plakfine.

Koartlyn ha myn freon en ik te kleankeapjen west. Soks bart mar twa of trije kear per jier en is altyd in hiel barren. It komt allegear hiel presys. Om it koart gear te fetsjen: in streepke mei wol, in rútsje net, sifers binne stom en teksten op klean ûnnoadich. En sa binne der noch hûnderten regels dêr’t ik gjin logika yn weromken, mar myn freon al. At ik dochs in rútsjeblouse de loft yn hâld lûkt myn freon twa rekken fierderop in moeilik gesicht. Mar … hy besiket it dochs en de oerwinning is oan myn kant: it bloeske wurdt kocht, want it stiet sa moai ûnder it Hugo Boss colbertjaske dat wy sjoen hiene en dat fiks ôfpriisd wie.

Ik stjoer altyd oan op it keapjen fan fiersten te djoere klean. Doe’t ik myn freon kennen learde, rûn er yn fleece-truien dêr’t ik in tear fan tusken de wynbrauwen kriich. Ek hie er griene boxershorts en gjin inkeld pear sokken dat yn de winkel ek al in pear west hie. De klean fan myn freon wiene ien grut fraachteken foar my. Dat wie doe. No hâldt ek hy fan djoere merkjes dy’t ús salaris eins fier te boppe gean. Sa kaam it ek dat wy dy fiersten te djoere jas foar him kochten yn Parys op ien fan de grutte boulevards, sa’n winkel dêr’t se de doar foar jo iepenhâlde en jo yn de te passen jassen helpe. Sá ’n moaie jas hied er noch nea hân, sei myn freon, en ferdraaid, hy seach der yndie botte sjyk út yn dizze jas.

Mar it kin fansels net lang duorje foar’t foar sok gedrach bestraft wurdt. Krap in jier letter wiene wy dus yn dy súdlike stêd dêr’t men him net om it miljeu bekroadet, sa’n stêd dy’t altyd fol fan libben is. It wie snein, prachtich foarjierswaar en wy makken in kuierke lâns it djoere diel fan de stêd, om’t ik dêr graach de etalaazjes besjen woe. Ek al wol er no wol ris te kleankeapjen, fan sjen hâldt myn freon hielendal net. Mar hy gyng wol mei. Yn de sjike jas, dy’t nei in jier trouwens al aardich gewoan wurden wie en mei minder soarch behannele wurde as yn it begjin. Boppe de winkels glommen de kantoarrúten. In grut diel fan it prestiizje fan sa’ wyk hinget fansels ôf fan de hiele entouraazje. En dêr hearde by: djoere kantoarpanden mei rúten dy’t sa helder glimme dat de loft him deryn werspegelet. Dalik boppe de winkels begjint de himel.

Boppe ús ek. Dêr wie in frou drok dwaande de ruten fan in abbekatekantoar te himmeljen, wy hipten derûnder lâns. It wetter rûkte wol wat frjemd. Mei in skok bleau myn freon stean. Ferdomd, it wie net wetter dat fan it balkon nei ûnder dripte, mar kleare bleekwetter. Skrokken seagen wy omheech, de frou hie yndie de wytreade flesse yn ’e hân, as in tsjûge à décharge. Doe’t se ús yn ’e rekken kriich die se gau it rút ticht.

Dêr stiene wy dan. Myn freon syn jas nei de barrebysjes. Ik hie it guod allinnich op de mouw fan ’e trui krigen, dêr’t him op myn swarte trui no een rôze flek ôftekene. Mar de griene jas fan myn freon wie stippeld-oranje wurden. Dat wie it drôvige ein fan de jas, want doe’t wy de lift nei de tredde ferdjipping naam hiene om de frou op har wangedrach oan te sprekken, woe se har ûngelyk net tajaan. Om’t sy hjir net wenne, mar allinnich mar skjinmakke, wie it net har skuld. Se die as wie der neat frjemds oan: de ruten himmelje mei bleekwetter. It is de stedsmentaliteit fan: dyn leven is dyn probleem.

Doe’t se de deur foar ús noas tichtdie, trape myn freon lulk tsjin de doarpost. Dat hied er better net dwaan kinnen. Op wei nei hûs begûn er hieltyd mear te hinken, en ien kear thús naam er de lift nei de twadde ferdjipping, wat oars noait mocht fan my, strang as ik altyd bin oer it miljeu en enerzjyfergriemerij. It wie my dúdlik: hjir holp noch mar ien drastysk middel: in fuottebadsje.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op