Eric Hoekstra

Midfrysk Goud i | 3. Giacomo Vredeman: ûndogenske fersen op muzyk (7-9)

logo.ensafh

Tútsje my swiete leave

Tútsje my swiete leave
o op ’e nij myn skattebout,
op ’e nij myn goudene,
tútsje my by it soad.
O tutelke dat my it libben jout,
ik smeekje dy, tútsje my op ’e nij
op ’e nij saste mar wolste.

No paaierke no

No paaierke no, kom paai my no rêd,
ik leau, do wurdste gjin paaien sêd,
ik leau, do wurdste gjin paaien sêd,
Al joech ik dy tûzen patkes deis,
allikewol seiste noch in reis.

Pea om pea

Pea om pea, sok paaien moat ik prize,
pea om pea, it is ek ús Fryske wize.
Twa lju tegearre yn it hea
dy jouwe elkoarren pea om pea,
dy jouwe elkoarren pea om pea.

It muzyksjenre fan Jacques Vredeman syn Fryske lietsjes is de villanella. De professor muzyk Louis Gryp neamt dat yn in artikel in alsizzend feit. Yn de sechtjinde ieu wie dat fan oarsprong Napolitaanske ‘boerelietje’ foar serieuze komponisten in útlitklep foar boertichheden. Se koene der kleare en ienfâldige melodyen en frijmoedige teksten yn kwyt, ûnder it mom fan dat de boeren soks no ienris sa songen. Frijmoedige erotyk en regionaal bewustwêzen giene hân yn hân; dêrom dat de boertichheden gauris yn it lokale dialekt debitearre waarden. Dêr koe de muzikus him ek wer efter de boeren ferskûlje dy’t ommers fansels dialekt sprutsen. Jan Starter, hoewol Hollanner yn Fryslân, makke ommers in lyksoartige bondel, mei de namme ‘Friesche Lusthof’. Dat is dan net sasear omdat Starters eigen regionaal bewustwêzen sa grut wie, mar mear omdat er in noas hie foar literêre nijichheden, al sil er der ek syn aardichheid oan hân ha.

It triootsje fan minnelietsjes yn dizze tredde ôflevering fan ‘Midfrysk Goud’ is better tutelietsjes neamd, want it is ien en al tútsjen. Of mei it âldere wurd sein, patsjen. Dit trio gedichten sit wat minder byt oan. It binne mear lieten as gedichten. Har sjarme is dat se sljocht en rjocht op it stik oan prate. It wurd ‘paaie’ hie oarspronklik in eroatysker betsjutting as tsjintwurdich. It betsjuttingsfjild leit tusken ‘it hof meitsje’ en ‘aaikje en yn leafde boartsje’. Letter hat it mear de betsjutting krige fan ‘flaaikje’, wat fansels ek wat seit oer hoe man en frou har pearingsdûns útfiere: de man strykt syn fearren op en leit de frou yn ’e watten, de frou ‘wikt en beskikt’. Nei it houlik binne de machtsferhâldingen omdraaid, alteast yn it ferline wie dat sa. Of is der net safolle feroare yn al dy tiid? Jawis, de Viktoriaanske njoggentjinde ieu sit dertusken. Miskien steane wy modernen dan toch wer tichter by de santjinde-ieusken as dat wy tinke. Al binne wy net sa ûnkomplisearre yn ús literêre uteringen.

‘It is ek ús Fryske wize,’ skriuwt de auteur fan ‘Pea om pea’ oer it tútsjen, mar wa’t de Fryske tradysje fan de tweintichste ieu wat better ken, moat dochs tajaan dat der net folle te tútsjen falt. Yn de santjinde ieu wie dat folslein oars. Tink net dat de Vredemanssankjes de iennichste erotyk is. Der is ek noch it frijmoedich petear fan mem en dochter yn ‘Ans en Houk’ dat wy yn in lettere ôflevering fan dizze rubryk behannelje sille.

Reageer op dit artikel

avatar
  Subscribe  
Abonneren op